Michael Henry (Nicko) McBrain (Hackney, 5 juny 1952) is in Ingelsk gitarist. Hy is bekend as de drummer fan Iron Maiden.

Karriêre Op tsienjierrige leeftiid begûn McBrain mei drummen en om syn tolfde hinne krige er syn earste eigen drumstel. Yn de santiger jierren spile McBrain op in pear Pat Travers-albums. Hy spile by de Streetwalkers fan 1975 oant 1976. Ek wie er drumroadie foar Anthrax en siet er begjin jierren tachtich yn de band McKitty. It wie by in optreden fan McKitty yn Belgje dat er Steve Harris moete. Mei syn band Trust fersoarge McBrain yn 1982 it foarprogramma fan Iron Maiden. Hy trede yn 1983 oant Iron Maiden ta as ferfanger fan Clive Burr. Sûnt dy tiid is er in fêst bandlid fan Iron Maiden.

Priveelibben McBrain waard berne yn Hackney, Ingelân, it Feriene Keninkryk, en behelle in yngenieursdiploma oan de Southgate Technical College. Nicko McBrain is boaske mei Rebecca en hat twa bêrn.

Diskografy Albums Album Utbrocht op Band Single(s) Makin' Magic1977Pat TraversPutting It StraightMarche ou crève20 oktober 1981TrustSavage1982Piece of Mind16 maaie 1983Iron MaidenFlight of Icarus,The TrooperPowerslave3 septimber 19842 Minutes to Midnight,Aces HighSomewhere in Time29 septimber 1986Wasted Years,Stranger in a Strange LandSeventh Son of a Seventh Son11 april 1988Can I Play with Madness,The Evil That Men Do,The ClairvoyantNo Prayer for the Dying1 oktober 1990Holy Smoke,Bring Your Daughter... to the SlaughterFear of the Dark11 maaie 1992Be Quick or Be Dead,From Here to Eternity,Wasting LoveThe X Factor2 oktober 1995Man on the Edge,Lord of the FliesVirtual XI23 maart 1998The Angel and the Gambler,FuturealBrave New World29 maaie 2000The Wicker Man,Out of the Silent PlanetDance of Death8 septimber 2003Wildest Dreams,RainmakerA Matter of Life and Death25 augustus 2006The Reincarnation of Benjamin Breeg,Different WorldThe Final Frontier13 augustus 2010El DoradoThe Book of Souls4 septimber 2015Speed of Light,Empire of the CloudsSenjutsu3 septimber 2021The Writing on the Wall,Stratego

Kategory:Iron Maiden Kategory:Ingelsk drummer Kategory:Ingelsk metalartyst Kategory:Persoan berne yn 1952