Adrian Frederick Smith (Hackney, 27 febrewaris 1957) is in Ingelsk gitarist. Hy is benammen bekend as de gitarist fan Iron Maiden.
Karriêre Smith wie gitarist by Urchin, dy't er ferliet om ein 1980 lid te wurden fan Iron Maiden. Killers út (1981) is it earste studio-album dêr't Smith op te hearren is. By in skoft fan Iron Maiden rjochte hy yn 1989 de band ASAP op. Begjin 1990 ferliet er Iron Maiden út ûnfrede mei de rjochting dy't de band útgie. Hy hold hielendal op mei muzyk meitsjen. Yn 1993 begûn er in eigen band, Psycho Motel. Ek dêrmei hie er gjin sukses. Dêrnei wurke Smith mei op de solo-albums Accident Of Birth (1997) en Chemical Wedding (1998) fan Bruce Dickinson (dy't ûnderwilens ek Iron Maiden ferlitten hie). Tegearre mei Dickinson kaam Smith yn 1999 werom by Iron Maiden. De Ed Hunter-toernee folge noch itselde jier.
Priveelibben Smith waard berne yn Hackney yn East-Londen, it Feriene Keninkryk, as de jongste yn in gesin fan trije. Syn heit wie skilder. Adrian Smith is boaske mei Nathalie Dufresne en hat trije bêrn.
Diskografy Albums Album Utbrocht op Band Single(s) Killers2 febrewaris 1981Iron MaidenTwilight Zone,PurgatoryThe Number of the Beast22 maart 1982Run to the Hills,The Number of the BeastPiece of Mind16 maaie 1983Flight of Icarus,The TrooperPowerslave3 septimber 19842 Minutes to Midnight,Aces HighSomewhere in Time29 septimber 1986Wasted Years,Stranger in a Strange LandSeventh Son of a Seventh Son11 april 1988Can I Play with Madness,The Evil That Men Do,The ClairvoyantAccident of Birth12 maaie 1997Bruce DickinsonAccident of Birth,Man of SorrowsThe Chemical Wedding15 septimber 1998Killing FloorBrave New World29 maaie 2000Iron MaidenThe Wicker Man,Out of the Silent PlanetDance of Death8 septimber 2003Wildest Dreams,RainmakerA Matter of Life and Death25 augustus 2006The Reincarnation of Benjamin Breeg,Different WorldThe Final Frontier13 augustus 2010El DoradoThe Book of Souls4 septimber 2015Speed of Light,Empire of the CloudsSenjutsu3 septimber 2021The Writing on the Wall,Stratego
Kategory:Iron Maiden Kategory:Ingelsk gitarist Kategory:Ingelsk metalartyst Kategory:Persoan berne yn 1957