Wilhelmus Abraham (Win) Remmerswaal (De Haach, 8 maart 1954 - De Haach, 24 july 2022) wie in Nederlânsk honkballer. Remmerswaal wie in goede smiter dy't in wiidweidich arsenaal oan smiten manmachtich wie.

Karriêre Hy spile yn Nederlân yn de haadklasse, foar de Nederlânske ploech en dêrnei yn Amearika dêr't er úteinlik twa seizoenen útkaam foar de haadmacht fan de Boston Red Sox yn de Major League. Hy wie de earste yn Nederlân oplate honkballer dy't yn de Major League spile. Dêrnei spile er noch in oantal jierren yn de Italjaanske haadklasse. Yn totaal spile er santjin jier op it heechste nivo yn Jeropa en Amearika wêrby't er de lânsitels mei syn klups wûn yn sawol Nederlân as Itaalje.

Remmerswaal stie bekend as in eksintrike honkballer. Wilens syn sportkarriêre rekke er ferslave oan alkohol. Nei in dêrnei besibbe oerhaal yn 1997 wenne er yn in fersoargingshûs yn Nederlân. Win Remmerswaal ferstoar op 24 july 2022 yn 'e âldens fan 68 jier.

Kategory:Nederlânsk honkballer Kategory:Persoan berne yn 1954 Kategory:Persoan stoarn yn 2022