Pleun Strik (Rotterdam, 27 maaie 1944 – 14 july 2022) wie in Nederlânske fuotballer dy't as ferdigener spile. Pleun Strik wie goed tweintich jier yn it betelle fuotbal aktyf. Hy spile foar ûnder oare Go Ahead, PSV, Eindhoven, N.E.C. en FC VVV en kaam acht kear út foar it Nederlânsk fuotbalalvetal. Yn 1974 siet er yn de seleksje foar it WK yn West-Dútslân, mar by it toernoai kaam er net yn aksje.

Karriêre De top fan syn karriêre belibbe er yn Eindhoven by PSV dêr 't er 270 kompetysjewedstriden foar spile. Strik wie lange tiid oanfierder fan PSV en miste fan desimber 1967 oant maart 1975 mar twa kompetysjewedstriden. Nei PSV gie Strik nei Eindhoven wêrmei't er yn 1977 nei de earste difyzje degradearre. In jier letter kaam Strik werom yn de Earedifyzje by N.E.C. Dêr fuotballe er oant doe't er 38 jier waard, wêrnei't syn karriêre ta in ein like. De rûtinier liet him lykwols troch âld-ploechmaat Peter Ressel oerhelje om noch twa jier yn de earste difyzje by FC VVV te spyljen. Dêr beëinige syn karriêre, hy wie doe 40 jier.

Strik ferstoar yn 2022 yn de âldens fan 78 jier.

Kategory:Nederlânsk fuotballer Kategory:Persoan berne yn 1944 Kategory:Persoan stoarn yn 2022