Hans Jürgen Heinsch (Lübeck, 4 july 1940 – 14 july 2022) wie in Dútsk fuotballer dy't as doelman spile foar SC Empor Rostock, letter Hansa Rostock. By dyselde klup wie er nei syn aktive karriêre wurksum as trainer-coach. Heinsch helle in brûnzen Olympyske medalje.
Heinsch spile yn totaal sân offisjele ynterlannen foar it fuotbalalvetal fan de Dútske Demokratyske Republyk yn de perioade 1963 - 1965. Under lieding fan bûnscoach Károly Sós makke hy syn debút op 4 septimber 1963 yn de freonskiplike wedstriid tsjin Bulgarije (1 -1) yn Magdeburg. Heinsch makke diel út fan it Dútsk ienheidsteam op de Olympyske Simmerspullen 1964, dêr't de ploech de brûnzen medalje wûn.
Kategory:Dútsk fuotballer Kategory:Dútsk Olympysk dielnimmer Kategory:Persoan berne yn 1940 Kategory:Persoan stoarn yn 2022