William Felton "Bill" Russell (Monroe Louisiana, 12 febrewaris 1934 - Washington, 31 july 2022) wie in Amerikaansk basketballer. Hy spile yn syn karriêre foar de Boston Celtics en wie oanfierder fan it Amerikaansk basketbalteam dat goud wûn op de Olympyske Simmerspelen yn 1956. Russell wurdt sjoen as ien fan de bêste spilers fan alle tiden. Hy ferovere yn syn karriêre 11 kear de NBA titel.
Bill Russel ferstoar op 31 july 2022 yn 'e âldens fan 88 jier.
Kategory:Amerikaansk basketballer Kategory:Amerikaansk Olympysk kampioen Kategory:Amerikaansk sporter fan Afro-Amerikaansk komôf Kategory:Persoan berne yn 1934 Kategory:Persoan stoarn yn 2022