Jean Bobet (Saint-Méen-le-Grand, 22 febrewaris 1930 - Rennes, 30 july 2022) wie in Frânsk hurdfytser en de jongere broer fan Louison Bobet dy't trije kear winner wie fan de Omgong fan Frankryk.
Karriêre Bobet wie in aktyf hurdfytser tusken 1949 en 1959. Hy die mei oan alle trije de grutte omgongen. Syn grutste oerwinning wie yn 1955 doe't er Parys-Nice wûn. Op lettere jierren begûn er oer it hurdfytsen te skriuwen en skreau er ferskate stikken, wêryn't er it hurdfytsen optilde ta in nommele warberens, goed foar de sûnens en it libbenslok fan 'e minske.
Jean Bobet ferstoar op 30 july 2022 yn 'e âldens fan 92 jier.
Dielnimming oan grutte omgongen Dielnimming oan de Omgong fan Frankryk 1955 - 14e 1957 - 15e
Dielnimming oan de Omgong fan Spanje 1956 - Net finisht;
Dielnimming oan de Omgong fan Itaalje 1953 - Net finisht; 1957 - 25e; 1958 - Net finisht;
Ploegen 1949-1950 - CC Rennais 1951-1953 - Stella-Dunlop 1953 - Bottecchia 1954 - Stella-Dunlop 1955-1959 - L. Bobet-BP-Hutchinson
Kategory:Frânsk hurdfytser Kategory:Bretonsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1930 Kategory:Persoan stoarn yn 2022