Aleid fan Hollân (foar 1234 - 1284) dêrnei as Aleid fan Henegouwen, ek bekend as Aleid fan Avesnes, wie grevinne fan Henegouwen. Se is om politike redenen op 9 oktober 1246 troud mei Jan I fan Avesnes. Hja wie de dochter fan Floaris IV fan Hollân en Aleid fan Gelre en dus suster fan Willem II fan Hollân.

Tusken 1258 en 1263 wie se de regintesse fan Floaris V fan Hollân.

Hja wie ek de stiftster fan it Hof te Riviere yn Schiedam, it âldste slot yn Hollân.

Keppeling om utens Portret yn Digitaol Vrouwenlexicon

Kategory:Greve fan Hollân Kategory:Greve fan Seelân Kategory:Nederlânske adel Kategory:Hûs fan Hollân Kategory:Hûs fan Avesnes Kategory:Persoan berne yn de 13e iuw Kategory:Persoan stoarn yn 1284