Jakoba fan Beieren (Le Quesnoy, Henegouwen, 16 july 1401 – Teijlingen, by Sassenheim, 9 oktober 1436) wie grevinne fan Hollân en Seelân, Henegouwen en hartoginne fan Beieren.

De earste jierren Yn 'e âldens fan 15 jier boaske se de Frânske prins Jan fan Touraine, dy’t yn jannewaris 1417 ferstoar. Mooglik troch fergif. Yn 1417 ferstoar har heit greve Willem VI. Sy folge har heit op, mar har omke, de Luikske biskop Jan fan Beieren krige Hollân tawiisd fan de Dútske Keizer Sigismund. De striid tusken Jakoba en Jan betsjutte in oplibbing fan de Hoekske en Kabbeljauske Tsierderijen.

Yn 1418 troude Jakoba fan Beieren mei har neef, Jan IV fan Brabân. Se krigen dêrfoar tastimming fan de Paus. Der wie in soad protest tsjin it houlik, sa wienen ûnder oare Hollân en Seelân tsjin. Under druk fan keizer Sigismund waard de pauslike tastimming ynlutsen. Omdat hy syn finansjele ferplichtingen net neikomme koe, ferhierde Jan IV it grûngebiet fan Jakoba foar 12 jier oan har fijân Jan fan Beieren. Jakoba liet doe it houlik ûnjildich ferklearje en gie nei Ingelân ta, dêr't sy yn 1422 troude mei Humphrey fan Gloucester.

Tegearre mei Humprey gie sy yn 1424 werom nei Hollân om de striid oan te gean tsjin har eks-man Jan IV, dy’t stipe waard troch Filips fan Boergonje (Filips de Goede). Doe't Hymprey har yn 1425 efterliet foar in hofdame, joech Jakoba fan Beieren de striid op. Se joech har oer oan Filips fan Boergonje en waard yn Gint finzen set.

Fernijde striid Doe't har omke Jan fan Beieren ferstoar, kamen syn gebieten yn hannen fan Filips fan Boergonje. Jan IV waard greve fan Hollân en Seelân. De Hoeken fersetten har dêr tsjin en befrijden Jakoba fan Beieren. De eallju (leden fan it skuttersgilde “Sint Joaris” fan Heusden Spiering en Aalburch) slaggen der yn Jakoba fan Beieren te moetsjen en tegearre mei har waard in ûntsnappingsplan makke. Jakoba en har keamenier ferklaaiden har yn mânljusklean en rûnen simpel it kastiel út. Bûten wachte Spiering yn Aalburch mei hynders en it fjouwertal koe ûntkomme oer Breda en Woudrigem nei Fianen.

Jakoba pakt de striid tsjin Filips fan Boergonje wer op yn de trijehoeke Gouda - Oudewater - Schoonhoven. Trije jier letter moast se wer frede slute. Yn dat fredesferdrach (de Tút fan Delft) waard bepaald dat Filips fan Boergonje erfgenamt wurde soe fan Jakoba fan Beieren. En dat Jakoba fan Beieren net mear trouwe mocht. Jakoba bleau yn namme noch grevinne fan Hollân mar moast al rillegau alle macht ôfstean.

In skoft letter is se dochs troud mei Frank fan Borssele. Trochdat se dêrmei it fredesferdrach skeinden, moast se definityf ôfstân dwaan fan al har macht. Se luts har werom op it slot Teylingen, dêr't se yn 1436 yn 'e âldens fan 35 jier ferstoar oan tuberkuloaze. It is net bekend wêr't Jakoba fan Beieren te hôf brocht is. Der binne oanwizingen dat se yn de Nederlânske herfoarme tsjerke yn Sint Maartensdyk leit. Mar mear foar de hân leit dôchs dat se yn Delft leit.

Keppelings om utens Portret in Skiednis Ynstitút

thumb|left|Jakoba fan Beieren

Kategory:Hartoch fan Beieren Kategory:Hartoch fan Brabân Kategory:Hartoch fan Limburch Kategory:Hartoch fan Berry Kategory:Greve fan Hollân Kategory:Greve fan Seelân Kategory:Greve fan Henegouwen Kategory:Nederlânske adel Kategory:Nederlânsk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Aragoneesk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Eastenryksk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Flaamsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Frânsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Hongaarsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Italjaansk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Katalaansk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Lúksemboarchsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Oekraynsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Oksitaansk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Poalsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Skotsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Tsjechysk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Waalsk komôf Kategory:Persoan fan Napolitaansk komôf Kategory:Persoan fan Komaansk komôf Kategory:Hûs Wittelsbach Kategory:Persoan yn de Hoekske en Kabbeljauske Tsierderijen Kategory:Persoan berne yn 1401 Kategory:Persoan stoarn yn 1436