Margareta fan Beieren, ek wol Margareta fan Hollân, Seelân en Henegouwen of Margryt neamd (1310 - 23 juny 1356) wie greve fan Hollân en Seelân (1345-1354) en Henegouwen (1345-1356).
Sy wie in dochter fan Willem III fan Hollân en Johanna fan Falois. Se troude op 26 febrewaris 1324 yn Keulen mei de Dútske keizer Loadewyk de Beier.
Margareta waard grevinne neidat har broer Willem IV sûnder bern sneuvele yn de Slach by Warns. Margareta har twadde soan, de lettere greve Willem V, wie de rjochtmjittige troanopfolger mar hy wie noch te jong.
Tusken oanhingers fan Margareta en oanhingers fan Willem V brutsen yn 1349 konflikten út. Dit soe de skiednis yn gean as de Hoekske en Kabeljauske rúzje. De earste slaggen waarden wûn troch oanhingers fan Willem V, wêrnei't Margareta yn 1354 ôfstân die fan har macht yn Hollân en Seelân. Nei har ferstjerren erve Willem V ek Henegouwen.
Keppeling om utens Skiednis ynstitút foar in portret
Kategory:Greve fan Hollân Kategory:Greve fan Seelân Kategory:Greve fan Henegouwen Kategory:Nederlânske adel Kategory:Nederlânsk persoan fan Aragoneesk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Flaamsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Frânsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Hongaarsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Italjaansk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Katalaansk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Lúksemboarchsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Oksitaansk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Waalsk komôf Kategory:Persoan fan Napolitaansk komôf Kategory:Persoan fan Komaansk komôf Kategory:Hûs fan Avesnes Kategory:Persoan yn de Hoekske en Kabbeljauske Tsierderijen Kategory:Persoan berne yn 1310 Kategory:Persoan stoarn yn 1356