thumb|260px|It gebiet fan de opstân fan Tambov De Opstân fan Tambov (Russysk: Тамбовское восстание; Tambovskoje Vosstanije) wie in wapene opstân fan boeren mei it sintrum yn it gûvernemint Tambov. De opstân wie tsjin it bolsjewistyske regear en begûn yn augustus 1920 mei it ferset tsjin de twongen foarderings fan nôt (en ek oare produkten fan boeren, lykas bôle, lear of tsiis). It ferset naam de foarm oan fan in gueriljakriich tsjin it Reade Leger, ienheden fan de Tsjeka en de Sovjetrussyske burokraten. Der wurdt rûsd dat yn de rin fan it delslaan fan de opstân sa'n 100.000 minsken finzen setten en 15.000 minsken deasketten waarden. By it delslaan fan de opskuor sette it bolsjewistyske regear ek gemyske wapens yn. In grut part fan it boereleger wie yn 'e simmer fan 1921 ferslein, mar lytsere groepen wisten it noch oant yn it jier dêrnei út te hâlden. Oanfierder fan de opstân wie Aleksander Stepanovitsj Antonov, de opstân wurdt dêrom ek wol 'Antonovsjtsjina' neamd.
Wat der oan foarôf gyng De bolsjewiken wiene der op oergien om op it plattelân foar de stêden sûnder finansjele kompinsaasje nôt te foarderjen. Om't dat net frijwillich gyng, hiene de boeren faak mei geweld en oare plonderings te meitsjen fan de brigades dy't de foarderings útfierden. Op de werklike produksje waard gjin acht slein en de kommisjes rûsden neffens foaroarlochske sifers, sûnder rekken te hâlden mei in minne rispinge, ferneatiging en befolkingskrimp. Om't de boeren ûnder it kommunisme gjin ekonomyske prikkels mear hiene, ferbouden hja boppedat lytsere oerflakken, sadat de rûzings noch ûnrealistysker wiene. Oars as yn 'e stêden hiene de bolsjewiken net in soad oanhing op it plattelân, dêr't de Sosjaal-Revolúsjonêre Partij yn 1917 in mearderheid helle hie. Foar it grutste part hiene de boeren neat mei dy bolsjewistyske ideology en de bolsjewiken behannelen de boeren mei in grutte ûnferskilligens. De Sovjet-politikus Vladimir Antonov-Ovsejenko, dy't ek mandélich wie oan it ûnderdrukken fan de opstân en letter yn de tiid fan de Grutte Terreur nei in sjoproses deasketten waard, omskreau de boeren sa:
"(Hja) binne der oan wend rekke om it Sovjet-regear as wat frjemds te sjen, eat dat net oars docht as in oar fertelle wat der barre moat, dat wol mei in soad iver it lân bestjoerd, mar mei mar in lyts bytsje ekonomysk doel."
Ek it gûvernemint Tambov krige te meitsjen mei de foarderings fan Moskou. Yn dy tiid hiene de minsken it yn Tambov noch relatyf goed. It gebiet, dat op sa'n 350 kilometer fan Moskou lei, wie fral agrarysk. De boeren fan it gûvernemint stiene foar in grut part achter de Oktoberrevolúsje, fral om't Lenin's dekreet oer lân en grûn de ûnteigening fan de grutgrûnbesitters betsjutte. Dochs hiene de bolsjewiken yn de rin fan de tiid swierrichheden om kontrole oer it gebiet te krijen. Yn maart 1918 waarden yn it ramt fan de frede mei it Dútske Ryk harren ôffurdigen sels út de lokale sovjets set. Alhoewol't de bolsjewiken der yn slaggen harren macht te konsolidearjen, wie foar dat doel fral geweld nedich.
Foar de revolúsje produsearren de boeren yn it gûvernemint likernôch 1 miljoen ton nôt. In tredde dêrfan wie foar de eksport ornearre. Dy sifers, dy't gjin rekken holden mei de feroarings troch de revolúsje en de boargerkriich op it plattelân dy't dêrnei folge, soene it útgongspunt wurde fan de fierstente hege foarderings. Neffens in rûzing fan Orlando Figes soe eltse boerehûshâlding nei in foardering mar 10% fan it nôt oerhâlde foar eigen behoeften en om út te siedzjen. Yn jannewaris 1921 wie de helte fan it rûsde nôt yn beslach nommen en Antonov-Ovsejenko stelde út eigen ûnderfining fêst dat eltse twadde boer yn Tambov honger hie.
It begjin fan de opstân Yn augustus 1920 gyng it boereferset yn it doarp Chitrovo oer op ferset mei wapens. De boeren wegeren langer it nôt te leverjen en fermoarden dêr de leden fan de brigade dy't it foarderje soene. In offisjeel Sovjet-rapport ferklearre it útbrekken fan it geweld sa:
"De brigade's makken harren skuldich oan oanfallen. Underweis plonderden hja alles, sels kessens en keukenreau. Hja ferdielden it en sloegen âlde manlju fan 70 jier dêr't elk by stie. De âlde minsken waarden mishannele om't harren soannen net tsjinnen, har yn de bosken skûl holden en net te finen wiene. (...) Wat de boeren ek dwers siet wie it feit dat it nôt nei it stasjon brocht waard, dêr't it yn de bûtenloft lei te ferkommen." thumb|left|250px|Wapene boeren yn it gûvernemint Tambov De boeren yn it doarp sochten wapens om't hja in oanfal fan it Reade Leger ferwachten, dy't grif de foardering fan nôt ôftwinge soe. Der wiene mar in pear gewearen en de wapens bestiene dêrom foar it measte út heafoarken, knuppels en oar boerereau. Wat letter brieken ek op oare doarpen ûngeregeldheden út en mei help fan rebellen wisten de boeren dêr de Sovjet-amtners en lokale kommunisten te deadzjen. Yn Tambov wiene der foar it hiele gûvernemint mar 3.000 soldaten fan it Reade Leger, dy't faak út de streek kamen en net in soad nocht hiene om tsjin harren eigen minsken te fjochtsjen.
Nei harren earste súkses besochten de boeren de haadstêd Tambov te oermasterjen. Dêr slaggen hja net yn en nei dat mislearjen naam Aleksander Antonov, in eardere sosjaal-revolúsjonêr, de lieding fan de beweging. Hy siet al foar de opstân mei in pear kammeraden yn it ûndergrûnske ferset en wie fanwegen syn striid tsjin de bolsjewiken earder al by ferstek ta de dea feroardiele. Troch't er jimmeroan oan de bolsjewiken wist te ûnkommen, waard Antonov yntusken as in folksheld fereare.
Antonov easke frije hannel en frij ferkear fan guod, dat der in ein kaam oan de útrûpeling fan boeren troch Moskou en de ûntbining fan it Sovjet-regear en de Tsjeka. As lieder fan de opstân gyng er oer op guerrillataktiken en syn troepen fierden sabotaazje-aksjes út op spoarferbinings, kollektive buorkerijen en de autoriteiten. De befolking stipe syn troepen en de doarpen waarden brûkt om as skûl- en rêstplak te tsjinjen. Syn troepen klaaiden harren faak as soldaten fan it Reade Leger om sa fan it iene plak nei it oare te gean en om it ferrassingselemint te fergrutsjen. De sosjaal-revolúsjonêren yn it gûvernemint stiften ek in Uny fan Arbeiders, dy't funksjonearje moast as de politike organisaasje fan de rebellen. Antonov wurke dêr mei gear, ek al hied er sels de partij ferlitten. Tsjin it ein fan 1920 hie Antonov likernôch 8.000 rebellen ûnder syn befel, mar yn 'e maitiid fan 1921 fierde Antonov yn de opstannige gebieten de tsjinstplicht yn foar boeren en dêrmei krigen syn troepen in sterkte fan 20.000 oant 50.000 man. Hy organisearre de boeren lykas it Reade Leger yn sa'n 18 oant 20 rezjiminten mei eigen politike kommissarissen, ferkennings- en kommunikaasjesôfdielings. De boeren brûkten in reade flagge en eigenen harren dêrmei it symboal fan de revolúsje ta. thumb|left|250px|Partisanenleger yn Tambov De lettere maarskalk fan de Sovjet-Uny, Georgi Zjûkov, dy't yn 'e striid mei de rebellen it befel fierde oer in kavalery-eskader, beskreau de strategy fan de rebellen yn syn memoires as folget:
"De taktyk fan Antonov kaam der op del om de striid mei gruttere ienheden fan it Reade Leger te mijen en allinne te fjochtsjen as hja tige wis fan in oerwinning en de eigen troepen oermachtich wiene. By need naaiden hja yn in ûngeunstige sitewaasje út troch yn lytse groepen ien foar ien yn ferskillende rjochtings út te piken en dêrnei inoar op in ôfpraat plak wer te moetsjen." De rebellen slaggen der yn grutte dielen fan de regio yn te nimmen. Ek wisten hja treinen mei de foardere foarrieden te oermasterjen. Al it nôt dat hja sels net nedich hiene waard wer ferdield ûnder de boeren. De opstân sloech oer nei de regio's Voronezj, Saratov en Penza en oeral dêr't hja foar master opsleagen, waarden de Sovjet-ynstellings ôfskaft. Likernôch 1.000 leden fan de Kommunistyske Partij waarden troch de rebellen deade, yn 'e regel nei't hja earst goed neisjoen wiene troch de rebellen. Yn oktober 1920 hiene de bolsjewiken de kontrole oer it lannelike gebiet folslein ferlern, allinne yn de stêd Tambov en in pear lytsere plakken wisten hja noch hoek te hâlden.
De ûnderdrukking Yn augustus waard de steat fan belis oan it gûvernemint Tambov oplein. De bolsjewiken besochten de rebellen yn 'e propaganda min te meitsjen en ôf te skilderjen as banditen ûnder lieding fan de sosjaal-revolúsjonêren. Ut offisjele rapporten fan de Sovjetautoriteiten docht lykwols bliken dat de lieding hiel goed wist dat it in spontane opstân fan boeren wie sûnder in grutte rol fan de Sosjaal-Revolúsjonêre Partij. De Sosjaal-Revolusjonêre Partij feroardiele de opstân boppedat publikelik en ferbea de leden eltse stipe oan de rebellen. Dy oprop krige lykwols gjin gefolch fan lokale partijleden. Mar ek de Tsjeka loek him neat fan de feroardieling oan en fierde ûnder leden fan dy partij yn it gûvernemint in weach fan ûnderdrukking en terreur út op it plattelân, ek op plakken dêr't gjin opstân wie. Hûnderten boeren waarden deasketten en meardere doarpen platbaarnd, mar dêrmei wie de opstân net foarby.
Yn febrewaris 1921 waard Vladimir Antonov-Ovsejenko as foarsitter fan in kommisje mei folmacht nei Tambov stjoerd om in ein te meitsjen oan de opskuor. De kommisje rapportearre streekrjocht oan Lenin en stie fuort ûnder syn gesach. Antonov-Ovsejenko syn doel wie om de boargers ûnder de oanhingers fan de rebellen earst oan te pakken. Mei goedkarring fan Lenin joech er opdracht ta in rige fan deportaasjes en it delsjitten fan gizelers. Yn maaie 1921 stjoerde Lening Michail Tûchatsjevski as militêre opperbefelhawwer nei Tambov. Hy krige 100.000 soldaten, tanks en swiere artillery ta syn beskikking. Ek soldaten fan it Reade Leger waarden by syn troepen yndield, mar dy wiene yn 'e minderheid. It grutste part fan de ienheden bestie út spesjale kommando's fan de Tsjeka. Tûchatsjevski's ienheden bestiene ek út ynternasjonele ienheden fan Hongaren en Azatysk-etnyske groepen. Dy wiene neffens Tûchatsjevski better tarist om tsjin de boeren yn aksje te kommen dan de rekruten fan it Reade Leger, dy fakentiden ek út de boerestân ôfkomstich wiene. Dêrnjonken wie ek in diel ôfkomstich út de kommunistyske jongereinorganisaasje Komsomol, om't dy polityk loyaal wie. De rebellen beänderen de aksjes fan Tûchatsjevski mei it nimmen fan wraak op famyljeleden fan partijleden en leden fan it Reade Leger. De striid mei de rebellen krige no it karakter fan in boargerkriich en de middelen en de organisaasjestruktueren dy't tsjin de rebellen ynset waarden, liken op dat fan in boargerkriichfront. Zjûkov beskreau de striid mei in ienheid fan de rebellen sa:
"Wy wiene yn in tige fûle striid. De fijân seach dat wy yn de minderheid wiene en tocht ús te ferslaan. Dat wie net sa ienfâldich. Gelokkich, lykas ik earder sei, hie it skwadron help fan fjouwer swiere masjinegewearen mei in grutte munysjeopslacn en in 76 mm kanon. It skwadron stjoerde mei masjinegewearen en gewearen en fjoerde streekrjocht op de fijannelike troepen. Wy seagen it striidfjild oerdutsen mei fallen fijannen en stap foar stap loeken wy ús út de striid werom."