Brouwerij Diggelfjoer wie in bierbrouwerij út Drachten en wie in inisjatyf fan de freonen Jelmer Pultrum, Erik Frieso, Udo Hoekstra en Jan Jongsma-Visser. Hy is ûntstien út in passy foar spesjaal bier.
Skiednis Ynearsten waarden in tal bieren broud as hobby op in lytse ynstallaasje fan 20-25 liter de kear. Fan febrewaris 2015 ôf waard der wurke oan in Herms-ynstallaasje mei in kapasiteit fan 50-60 liter. Begjin 2016 is de brouwerij offisjeel ynskreaun by de Keamer fan Keaphannel.
Alle bieren waarden troch de brouwers earst broud by Admiraals Bierbrouwerij yn Aldtsjerk en letter by Brouwerij Dockum yn Dokkum.
Yn 2022 bestie de brouwerij fiif jier en waarden der op syn minst fiif nije bieren útbrocht.
Jelle Pultrum ferliet Brouwerij Diggelfjoer yn 2023 en sette útein mei syn eigen brouwerij JP Brouwt.
Hjoed-de-dei De bieren wiene basearre op de bekende Belgyske stilen en befetsje gjin eksoatyske yngrediïnten. De tripel Suver Nuver hat yn 2018 de earste priis foar 'Beste en Lekkerste Tripel' wûn op it Bierfestival Grins 2018.
Alle bieren fan Brouwerij Diggelfjoer hawwe Frysktalige nammen. Elk jier wurdt der in Fryske Imperial Stout útbrocht, dy't eltse kear in oar resept hat.
De bieren wurde hjoed-de-dei broud troch Sallands Landbier yn Albergen.
Sûnt begjin 2026 is de brouwerij net mear aktyf.
Assortimint Fêste bieren
Suver Nuver - tripel Noflik - blond Grutsk - quadrupel Gewoan Wyt - witbier
Spesjale edysjes
Ljocht - wytbier Grutsk 75 cl - barrel aged quadrupel Fryske Imperial Stout Fryske Imperial Stout #2 Fryske Imperial Stout #3 - lagere op in Maple Syrup Bourbon fet (brea-itenstout mei huning, sjerp en brea-itennôten) Fryske Imperial Stout #3 - lagere op in Kilchoman Islay Whisky fet Fryske Imperial Stout - ahornsjerp bourbon barrel aged Fryske Imperial Stout - Kilchoman Islay whisky barrel aged Bok op! - bokbier Leaf - saison Barrel aged Leaf - saison Kreas Cascade Mandarina IPA Fjoer - peated ale (whisky infused) Fjoer - cognac barrel aged peated ale (624 flessen fan 75 sl) Nocht - sterk blondbier cognac barrel aged Foar de alderleafste - blond Suver Nuver Chardonnay Barrel Aged - earder broud en ripe by Brouwerij Dockum, op fles dien bij Sallands Landbier yn Albergen Suver Nuver Cognac Barrel Aged - earder broud en ripe by Brouwerij Dockum, op fles dien bij Sallands Landbier yn Albergen Wildfire - bourbon barrel aged stout
Keppeling om utens Webstek fan Brouwerij Diggelfjoer
Diggelfjoer Kategory:Bedriuw oprjochte yn 2016 Kategory:Bedriuw yn Drachten