Who Wants to Live Forever is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Queen yn 1986 en útbrocht op it album A Kind of Magic fan Queen út 1986. Who Wants to Live Forever wie it sechsde nûmer op it album en waard op 15 septimber 1986 útbrocht as sande en lêste single fan it album.
Oer it nûmer Who Wants to Live Forever waard skreaun troch Brian May as soundtrack foar de Britske film Highlander út 1986, de album en singleferzje is in duet tusken Brian May en Freddie Mercury mar yn de film wurd it nûmer folslein songen troch Mercury.
Muzikanten Freddie Mercury – Sang Brian May – Gitaar John Deacon – Bas & Toetsen Roger Taylor – Drums
Kategory:Liet fan Queen Kategory:Ingelsktalich liet Kategory:Single út 1986 Kategory:Rockliet Kategory:Filmmuzyk