Brouwerij Bonifatius 754 is in bierbrouwerij yn Dokkum is de lytste stedsbrouwerij fan Nederlân. It is in inisjatyf fan Stichting Dockumer Biergilde en wurdt yn it wurk holden troch frijwilligers. Op de 1e ferdjipping wurdt eksperiminteel broud mei leden fan de Dockumer Biergilde en yn it proeflokaal kinne û.o. dizze brousels dronken wurde. It Bonifatiusbier wurdt op oare plakken broud.
Skiednis Dokkum wie fanâlds in bierbrouwersstêd, mar in 1876 hold de lêste brouwer der mei. Yn 2015, dus 140 jier letter, waard brouwerij Bonifatius oprjochte. De brouwerij is ferneamd nei de kristlike sindeling Bonifatius, dy't yn it jier 754 yn 'e omkriten fan Dokkum fermoarde wêze soe.
Assortimint Klooster fruit - fruitbier Wadwit - witbier Maerte saison - saison Acht Guldens - quadrupel Keerpunt - weizen Granaet Dockumer Lager - lager De Dokkumer Kening - broud ta gelegenheid fan Keningsdei 2026 yn Dokkum
Keppeling om utens Webstee fan Brouwerij Bonifatius 754
Kategory:Fryske bierbrouwerij Kategory:Bedriuw oprjochte yn 2015 Kategory:Bedriuw yn Dokkum