Joop Berendsz Mink (29 april 1935 - Snits, 27 maaie 2022) wie in Frysk skûtsjeskipper fan it skûtsje It Doarp Grou Oud-schipper Joop Mink overleden.

Mink siet fan 1976 oant en mei 1987 oan it helmhout fan it Grouster skûtsje wêrmei 't er acht oerwinningen behelle. Syn earste winst berikte hy op 5 july 1977 by Earnewâld. Nei 't Joop Mink sels ophâlden wie as skûtsjeskipper, wie er noch jierrenlang adviseur by syn soan Berend. Yn 2000 waarden heit en soan Mink tegearre op It Doarp Grou SKS-kampioen.

Joop Mink stoar yn de âldens fan 87 jier yn in hospice yn Snits.Oud-skûtsjeschipper Joop Mink (87) overleden: 'Hy wie fanatyk, mar bleau altyd in hear'. Ljouwerter Krante, 31 maaie 2022

Kategory:Frysk siler Kategory:Skûtsjeskipper Kategory:Frysk skipper Kategory:Persoan stoarn yn Snits Kategory:Persoan berne yn 1935 Kategory:Persoan stoarn yn 2022