thumb|Baukje Jongsma Baukje Jongsma (Ljouwert, 8 desimber 1926 - 20 augustus 2013) wie in Nederlânske atlete, dy't har talein hie op de sprint.
Karriêre Jongsma waard flak nei de oarloch lid fan atletykferiening Vitesse yn Ljouwert. Op 31 july 1949 waard se mei in team fan har feriening kampioen op de 4 x 100 m estafette yn 51,1 s. De Ljouwerter Krante neamde it ien fan de moaiste haadstikken yn de Fryske Atletykskiednis.Vitesse-dames liepen de race van hun leven, Leeuwarder Courant, 1 augustus 1949 It team bestie njonken Jongsma út Imi Miedema, Foekje Dillema en Nellie de Jager. Yn de finale waard ûnder oare Sagitta, it team fan Fanny Blankers-Koen, ferslein. Op de 4 x 200 m ferlear Vitesse krekt fan Sagitta. Datselde jier ferbettere Vitesse op it gers fan de iisbaan yn Ljouwert it nasjonale rekôr op de 4 x 200 m yn 1.48,3. Nellie de Jager wie ferfongen troch Corry Hospes. Jongsma rekke ein 1949 yn ferwachting fan har earste dochter en beëinige op dat stuit har sportkarriêre.
Kategory:Frysk atleet Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1926 Kategory:Persoan stoarn yn 2013