thumb|Kleinzand 32, it pân dat Reinders kocht Anjenette Joustra-Reinders (Hoogezand, 27 april 1828 Berteakte yn Groninger Archieven (fia wiewaswie.nl) – Snits, 9 maart 1901) wie in Nederlânske ûndernimmer, makker fan Bearenburch en waard bekend as Weduwe Joustra.
Biografy Jonkheid Anjenette Reinders waard berne as âldste fan fiif bern en waard nei har beppe Anje Ukes ferneamd. Har heit Uko Reinders (1786-1872) wie mûnder en houtkeapman en de húshâlding wenne by de eardere houtseachmûne Overwater oan it Winschoterdiep. Doe 't har mem yn 1851 ferstoar bleau Reinders foar har heit soargjen. Sy troude op 2 novimber 1854 Gegevens houlik op openarch.nl mei Steven Joustra, boekferkeaper by en lettere eigener fan boekhannel Joustra en Van der Baan yn Hoogezand. Yn 1860 ferhuzen Anjenette Joustra-Reinders, har man en bern nei Snits.
Widdo Joustra Doe 't yn 1865 har man stoar Persoanskaart Anjenette Reinders ferfette Reinders ûnder de namme Weduwe Joustra de wyn- en distillearde drankehannel fan har man. Se ferkocht ûnder oare tsjin postwiksel of ûnder rembours 'skiekundich ûndersochte cognac' yn kuorflessen Adfertinsje. Het nieuws van den dag: kleine courant. Amsterdam, 11-09-1893, s. 4. Rieplachte op Delpher op 30-12-2021, en lúkse sigaren. Reinders late har saken suksesfol, sa koe se yn 1876 twa eigen pannen keapje wêrûnder it pân oan it Kleinzand, in grêftsje yn de binnenstêd fan Snits dêr 't de winkel noch hieltyd fêstige is. Ut it Kleinzand wei koene de skûtsjes fan leveransiers en grutte ôfnimmers foar de doar lade en losse. Doe't se yn oanrekking kaam mei Oprechte Maag-Kruiden fan Beerenburg besleat se dêr sels in ferzje fan te meitsjen. De reseptuer is yn al dy jierren nea oanpast en jildt as in famyljegeheim. Allinnich bedriuwslieder Heleen Sonnenberg fan no en har heit Jaap Sonnenberg kenne de resepten. Oudste familiebedrijven van Nederland
Priveelibben Tegearre mei har man Steven krige Anjenette Reinders fjouwer bern. Nei it ferstjerren fan har man waard se de fâd oer har bern, mei har sweager Hendrik Joustra as tasjend fâd.
Kategory:Nederlânsk ûndernimmer Kategory:Frysk ûndernimmer Kategory:Grinslânsk persoan Kategory:Frysk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Persoan stoarn yn Snits Kategory:Persoan berne yn 1828 Kategory:Persoan stoarn yn 1901