Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi, oarspronklik útbrocht ûnder de titel Return of the Jedi, is in Amerikaanske science fiction-film út 1983 mei eleminten fan fantasy en aventoerefiksje. It is it ôfslutende diel fan 'e oarspronklike Star Wars-trilogy en it trêde diel fan 'e Skywalker Saga-filmsearje. De film heart as sadanich ta de Star Wars-mediafranchise en is it ferfolch op Star Wars: Episode IV – A New Hope, út 1977 en Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back, út 1980. Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi waard regissearre troch Richard Marquand mei yn 'e haadrollen Mark Hamill, Harrison Ford en Carrie Fisher. De titel betsjut "Stjerre-oarloggen: Oflevering VI – Weromkear fan 'e Jedi".

De plot fan 'e film giet likernôch in jier nei de foarfallen yn 'e foargeande film fierder. Jedi-ridder Luke Skywalker, prinsesse Leia en harren freonen reizgje ôf nei de woastynplaneet Tatooine om Han Solo te befrijen, dy't noch altyd finzen holden wurdt troch de gangster Jabba de Hutt. Underwilens hâldt de Galaktyske Boargeroarloch tusken it Rebelleferbûn en it Galaktysk Keizerryk noch altyd oan. De boasaardige keizer Palpatine lit in nije Deadsstjer bouwe, en de rebellen binne wisberet om dat massaferneatigingswapen út te skeakeljen ear't it brûkt wurde kin. Dêrta fiert harren float, û.l.f. Lando Calrissian en admiraal Ackbar, in oanfal op 'e Deadsstjer út, wylst in kommando-ienheid oanfierd troch Han en Leia de generatorfasiliteit op it oerflak fan 'e boskmoanne Endor útskeakelje moat, dêr't it enerzjyskyld foar de Deadsstjer opwekke wurdt. Luke besiket ûnderwilens syn heit Darth Vader oer te heljen nei de ljochte kant fan de Krêft. Wat de rebellen net witte, is dat keizer Palpatine harren op alle fronten in stap foar is.

Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes, en ûntjoech him yn 'e bioskopen út ta in ûnbidich kommersjeel súkses en de meast opbringende film fan 1983. De film wûn in Oscar, in BAFTA en fiif Saturn Awards en waard yn 2021 foar preservearring foar de ivichheid opnommen yn it National Film Registry. Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi wie it ôfslutende diel fan 'e oarspronklike Star Wars-trilogy. As diel fan 'e Skywalker Saga waard it folge troch Star Wars: Episode I – The Phantom Menace, it earste diel fan 'e Star Wars-prequeltrilogy, dat yn 1999 útkaam.

Titel Yn 'e oarspronklike trailer fan Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi, dy't yn 1982 útkaam, hiet de film Revenge of the Jedi ("Wraak fan 'e Jedi"). Dat kaam út 'e koker fan senarioskriuwer Lawrence Kasdan, dy't tsjin Star Wars-betinker George Lucas sein hie dat Return of the Jedi ("Weromkear fan 'e Jedi") in "swakke titel" wie. Yn desimber fan dat jier besleat Lucas lykwols dat "wraak" wat wie dat Jedi, mei harren ûnderdrukking fan negative emoasjes, nea dwaan soene. Hy besleat dêrom de titel werom te feroarjen yn Return of the Jedi. Tsjin dy tiid wiene der al tûzenen filmposters mei it wurd revenge printe. De 6.800 eksimplaren dy't op dat stuit noch net nei bioskopen ferstjoerd wiene, waarden letter as kuriositeit foar $9,50 it stik oan leden fan 'e Star Wars-fanklub ferkocht.

Letter waard de film mei weromwurkjende krêft omneamd ta Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi, om 'e ûnderlinge relaasje fan 'e dielen fan 'e Skywalker Saga dúdlik te meitsjen. Yn 2005 kaam it trêde diel fan 'e Star Wars-prequeltrilogy út ûnder de titel Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith, dy't ferwiist nei de ôftanke titel fan Return of the Jedi.

Plot Likernôch in jier lyn is de opstanneling en smokkelder Han Solo troch Darth Vader, de neiste hantlanger fan 'e boasaardige keizer Palpatine, yn (de fiktive stof) karbonyt ynferzen (sjoch: Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back) en dêrnei oerdroegen oan 'e Mandaloriaanske preemjejager Boba Fett. Dyselde hat him meinommen nei de planeet Tatooine, om him oer te leverjen oan 'e gangster Jabba de Hutt, dy't Han in hege priis op 'e holle set hie nei't er in lading fan Jabba syn smokkelwaar dumpe moast doe't er troch de autoriteiten pakt drige te wurden. De film iepenet as de androïden C-3PO en R2-D2 har yn opdracht fan harren master, de Jedi-ridder Luke Skywalker, nei it fan alderhanne slach kriminelen optillende haadkertier anneks paleis fan Jabba de Hutt bejouwe mei in boadskip fan Luke oan Jabba. Dat boadskip hâldt yn dat Luke mei de gangster ûnderhannelje wol oer de frijlitting fan syn freon Han. Hoewol't Jabba dêr neat fan witte wol, hâldt er likegoed de beide androïden, dy't daliks oan it wurk set wurde: C-3PO as tolk en R2-D2 as ober op Jabba syn swevende plezierjacht.

Koarte tiid letter komt de Ubeeske preemjejager Boushh by Jabba oan 'e doar, dy't as finzene Han syn ko-piloat meifiert, de Wookiee Chewbacca. C-3PO fasilitearret súksesfolle ûnderhannelings oer de priis dy't Boushh foar Chewbacca krije kin. Dy nachts, as it hiele paleis stil is, bejout Boushh him nei it plak dêr't de ynferzen Han Solo troch Jabba as wandfersiering brûkt wurdt. Hy hellet Han omleech en lit him ûntteie. As Han, dy't troch byferskynsels fan 'e befriezing tydlik blyn is, freget wa't syn befrijer is, docht Boushh de momkape ôf en blykt dêrûnder prinsesse Leia beskûl te gean, mei wa't Han in romantyske relaasje hat. Op dat stuit docht lykwols bliken dat Leia yn in falstrik rûn is, mei't der in gerdyn fansiden skood wurdt dêr't Jabba en neiste klyk efter ferburgen binne, en dêr't se al Leia har meneuvels wei folge hawwe. Han wurdt by Chewbacca yn in tsjerker ûnder it paleis smiten, wylst Leia as slavinne, klaaid yn in metalen bikiny, mei in keatling oan 'e troan fan Jabba fêstmakke wurdt.

Wer in skoftke letter arrivearret Luke Skywalker, dy't Bib Fortuna, de majordomo fan Jabba, mei syn Jedi-tsjoenderij wol oer kin. Jabba blykt dêr lykwols ymmún foar te wêzen en iepenet in fallûk dat Luke yn 'e koai falle lit fan 'e rancor dy't Jabba as húsdier hâldt, en dêr't er earder ien fan syn slavinnen, de Twi'lek-dûnseresse Oola, oan opfuorre hat. De slûchslimme Luke wit de rancor lykwols te deadzjen, ta razernij fan Jabba. Dy feroardielet Luke en syn freonen Han en Chewbacca ta de deastraf troch yn 'e sarlacc smiten te wurden, dêr't se libben fertard wurde sille. Dêrta set it hiele selskip op Jabba syn plezierjacht ôf nei it Grutte Gat fan Carkoon, yn 'e woastyn fan Tatooine, dêr't de sarlacc himsels yn 'e ûndergrûn ferankere hat. Fan it wêzen is inkeld in gapjende mûle te sjen, omjûn mei tentakels dy't proaien nei de mûle ta skuorre moatte.

Op it stuit dat Jabba opdracht jout om Luke yn 'e sarlacc te smiten, brekt Luke frij, fangt syn ljochtsabel op, dy't yn it binnenste fan R2-D2 ferstoppe siet en dy't de robot him no tasmyt, en begjint dêrmei op 'e bewekkers yn te houwen. In oare freon fan Han, de gokker Lando Calrissian, dy't as ien fan 'e bewekkers de entoeraazje fan Jabba ynfiltrearre is, brûkt syn ploffer om lofts en rjochts fijannen út te skeakeljen, wylst ek Chewbacca om him hinne begjint te huffen. Ferskate trewanten fan Jabba rûgelje yn 'e sarlacc. Boba Fett, dy't tarist is mei in jetpack, fljocht nei Luke ta om him te oermasterjen, wat yn earste ynstânsje mislearret. As er it jitris besykje wol, warskôget Chewbacca Han dat Boba Fett deunby is. Han, dy't noch altyd fierhinne blyn is, skuort himsels yn 't rûn en treft by ûngelok mei in spear, dêr't er himsels mei bewapene hat, de jetpack fan Fett, dy't lek rekket, sadat Fett stjoerleas yn 'e sarlacc stoart. Yn 'e gaos brûkt prinsesse Lea it keatling dêr't se mei oan it tsjoar lein is om Jabba te wjirgjen dat er it bestjert. Se wurdt befrijd troch R2-D2, dy't it keatling trochslipet, wêrnei't Lando, Luke, Chewbacca, Han, Leia en de beide androïden útpike yn in lânglider, krekt foar't efter harren it plezierjacht fan Jabba eksplodearret.

Wylst de oaren har yn 'e Millennium Falcon nei in moetingspunt bejouwe dêr't de float fan romteskippen fan it Rebelleferbûn gearkomt, reizgje Luke en R2-D2 yn Luke syn X-wjukjager nei de planeet Dagobah. Luke wol dêr syn hommels ôfbrutsen training as Jedi-ridder foltôgje by de âlde Jedi-master Yoda. As er dêr arrivearret, treft er Yoda lykwols oan op syn stjerbêd. Hy seit dat Luke syn training al foltôge hat, en dat er inkeld nochris de konfrontaasje mei Darth Vader oangean moatte sil om himsels in Jedi-master neame te meien. Op Luke syn fersyk befêstiget Yoda dat Darth Vader de wierheid spriek doe't er by syn konfrontaasje mei Luke op Bespin (sjoch: Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back) fertelde dat er nimmen oars as Anakin Skywalker is, de heit fan Luke. Mei syn lêste wurden bringt Yoda út dat der nòch in Skywalker is, foar't er ferstjert en syn stoflik omskot ferdwynt as er ien wurdt mei de Krêft. De geast fan syn eardere master Obi-Wan Kenobi, dy't neitiid oan Luke ferskynt, wol oer Yoda syn lêste, riedselige wurden inkeld kwyt dat Luke in twillingsuster hat, wa har identiteit better geheim bliuwe kin. Luke riedt lykwols dat it Leia is, en Obi-Wan befêstiget dat.

Op it berie fan 'e oanfierders fan 'e opstannelingen makket Mon Mothma, de polityk liedster fan it Rebelleferbûn, bekend dat ûntdutsen is dat it Galaktysk Keizerryk úteinset is mei de boud fan in twadde Deadsstjer, en dat keizer Palpatine dêrop yn heechst eigen persoan tafersjoch hâldt. Der is sadwaande besletten om in wraam op dat romtestasjon anneks massaferneatigingswapen te dwaan en it te ferdylgjen foar't it ree is om ynset te wurden. Dêrta sil mei jagers besocht wurde de reäktorkearn fan it romtestasjon te ferneatigjen, by in oanfal dy't laat wurde sil troch generaal Lando Calrissian op 'e Millennium Falcon, dat it fluchste skip fan 'e float is. De rest fan 'e rebellefloat, ûnder lieding fan admiraal Gial Ackbar, in Mon Calamari, sil dêrby in ûnderstypjende rol spylje troch de Keizerlike stjerreslachskippen op ôfstân te hâlden. In direkte oanfal op 'e Deadsstjer kin lykwols pas slagje nei't it enerzjyskyld dat it romtestasjon beskermet, útset is. Mei't dat opwekke wurdt yn in generatorfasiliteit op 'e boskmoanne Endor, sil dêr in kommando-ienheid fan 'e rebellen ynfiltrearje moatte foar in sabotaazje-aksje. Generaal Han Solo hat oer dy operaasje de lieding krigen, en Chewbacca, Leia en in noch mar krekt fan Dagobah weromkearde Luke jouwe har by him.

It team brûkt in stellen Keizerlik romtefear om ûnopmurken op Endor te kommen. As se de Keizerlike float benei komme, dy't deunby de Deadsstjer leit, fernimt Luke fia de Krêft de oanwêzigens fan Vader oan board fan syn flaggeskip, it stjerreslachskip de Eksekuteur, en beseft er dat it in flater wie om him by de misje te jaan. Vader fielt op syn beurt dat Luke yn it romtefear sit en ûnderstiet de floatkommandant admiraal Firmus Piett dêroer. As dyselde oanbiedt om it romtefear tsjin te kearen, antwurdet Vader lykwols dat er him der sels wol mei rêde sil. De kommando-ienheid kriget tastimming om op Endor te lânjen. Vader giet nei keizer Palpatine, dy't him oan board fan 'e Deadsstjer befynt, en rapportearret de oanwêzigens fan Luke. De keizer hjit him om nei Endor te gean en Luke op te heljen, mei't er in foarsizzend fizioen hân hat dat Luke himsels frijwillich oan Vader oerleverje sil. Dêrnei moat er de jonge Jedi by Palpatine bringe.

Op Endor stjitte de leden fan 'e kommando-ienheid ûnderwilens op in pear mei glydmotors tariste Keizerlike stoarmtroepers, dy't harren it paad nei de generatorfasiliteit tichtsette. As Han en Chewbacca besykje de mannen te oermasterjen, ûntkomt ien fan 'e beiden op syn glydmotor, en in oar pear, dat noch net troch de rebellen opmurken wie, jout him by harren. Luke en Leia geane der op 'e glydmotor fan 'e oermastere stoarmtroeper efteroan, wat liedt ta in spektakulêre efterfolging tusken de beammen troch fan it tuskenbeiden reinwâld fan Endor. Geandewei de efterfolging reitsje Luke en Leia útinoar, en hoewol't de stoarmtroepers dêr't se efteroan sieten, allegear deade wurde, keart Luke allinne nei de kommando-ienheid werom.