De oblast Novgorod (Russysk: Новгоро́дская о́бласть, Novgorodskaja oblast) is in oblast yn de Russyske Federaasje yn it noardwesten fan it Europeeske diel fan it lân. De oblast makket diel út fan it Noardwestlik Federaal Distrikt.

Haadstêd fan de oblast is Veliki Novgorod .

De oblast waard mei in beslút fan it presidium fan de USSR fan 5 july 1944 foarme. It folget yn histoarysk opsicht it yn 1727 stifte gûvernemint Novgorod op.

Geografy It oerflak fan de oblast is 54.500 km². Dêrmei is it de sechde fan de sân regio's fan it Noardwestlik Federaal Distrikt. De lingte fan west nei east is 385 km en fan noard nei súd 278 km. Oan it westen en súdwesten grinzget de oblast oan de Pskov, yn it suden en súdeasten oan de Tver, yn it noarden en noardwesten oan de Leningrad en yn it noardeasten oan de Vologda. De grutste rivieren binne de Volchhov, de Mologa, de Msta, de Lovat, de Sias en de Sjelon.

It westlike diel fan de oblast bestiet út leechlân om de Ilmenmar, wylst it eastlike diel mei útrinnners fan de Waldajheuvels heger leit.

Yndieling De oblast Novgorod is te ferdielen yn 21 rajons en trije stedsregio's. Under de 21 rajons falle meiïnoar 177 gemeenten en 19 lytsere stêden.

De stedsregio's binne: Borovitsji Staraja Russa Veliki Novgorod

Grutste plakken

Nr. Namme Russyske namme 1 Veliki Novgorod Великий Новгород 2 Borovitsji Боровичи 3 Staraja Rûssa Старая Русса 4 Valdaj Валдай 5 Tsjûdovo Чудово 6 Pestovo Пестово 7 Okoelovka Окуловка 8 Malaja Visjera Малая Вишера 9 Soltsy Сольцы 10 Pankovka Панковка 11 Kresttsy Крестцы 12 Parfino Парфино 13 Chvojnaja Хвойная 14 Demjansk Демянск 15 Proletari Пролетарий 16 Cholm Холм 15 Pankovka Панковка

Befolkingsûntwikkeling Jier 1926 1939 1959 1970 1979 1989 2002 2022 Ynwenners Mojgorod Новгородская область 1.092.000 1.153.000 736.000 722.000 722.000 753.000 694.400 586.129

Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1944