Elizabeth Catharina Versluijs (Rotterdam, 27 desimber 1923 – Amsterdam, 18 novimber 2011, bekend as Elisabeth Versluys, wie in Nederlânske aktrise. Se wurke yn it teäter, wie te sjen op telefyzje en yn films en die mei oan harkspullen.
Libben en wurk
Elisabeth Versluys wie in dochter fan Leunis David Versluijs en de aktrise Stine Lerou. Se gie yn Rotterdam nei it gymnasium en folge yn de jierren 1943-1946 de toanielskoalle yn Amsterdam. Yn it seizoen 1946/1947 debutearre se by Comedia yn De hemel komt later wel fan Harry Sega.Yn 1978 ferfilme as Heaven Can Wait. Se wurke de jierren dêrnei ôfwikseljend foar Comedia en it Rotterdamsk Toaniel. Yn 1948 troude se mei de akteur en toanielregisseur Joan Remmelts, dy 't destiids ek oan it Rotterdamsk Toaniel ferbûn wie, Toneelhuwelijk, Het Parool, 13 april 1948 mei wa 't se twa soannen krige.
Fan de midden fan de jierren fyftich ôf wie Versluys in protte te sjen op telefyzje, ûnder oare yn de searjes Maigret, De fabryk en as Tante Tip yn Oppassen!!! Har lêste grutte rol op telefyzje wie yn Toen was geluk heel gewoon. Se spile dêryn de rol fan Lea van Vliet, de mem fan Nel Kooiman (Joke Bruijs) en skoanmem fan Jaap Kooiman (Gerard Cox).
Versluys ferstoar yn novimber 2011 yn de âldens fan 87 jier nei in koart siikbêd en waard beïerdige op Zorgvlied yn Amsterdam.
Filmografy Film Twee vorstinnen en een vorst (film) (1981) Grijpstra & De Gier - ferpleechster (1979) Doodzonde (1978) Kapsalon (1972) De Blanke Slaaf (1969) Bezeten - Het gat in de muur (1969) Amsterdam Affaire (1968)
Telefyzjerigen Maigret en de inbrekersvrouw - as ynbrekkersfrou, mei akteur Leo Thonhauser as de ynbrekker (1964) Oorlogswinter - as frou Knopper (1975) Kunt u mij de weg naar Hamelen vertellen, mijnheer? - Trol Mutte (seizoen 3), Brechtje de Wijn en Wenzela de IJsheks (seizoen 5) De Fabriek - Frou Voors Medisch Centrum West - Agnes van der Voort (1988-1989) Zonder Ernst - Vera Polman (1992-1995) Toen was geluk heel gewoon - Lea van Vliet (1994-2009) Oppassen!!! - Dorothea Tante Tip Buys (1993-2001) Het Zonnetje in Huis - Mathilde Dijkman (Mem Catharina) (1996) Baantjer: De Cock en de geslepen moord - Isabel van Lookeren (1999) Kees & Co - Muoike Cor (2000-2001)
Harkspul Het tuinfeest De leugen Een kerstboom staat overal Epeios, de timmerman Alleen maar nieuwsgierig Het leven is een mysterie Wolf in schaapskleed Ongeval met dodelijke afloop Schaduwen van de geest Ik huurde deze kamer
Kategory:Nederlânsk filmakteur Kategory:Nederlânsk telefyzje-akteur Kategory:Nederlânsk harkspulakteur Kategory:Nederlânsk toanielakteur Kategory:Persoan berne yn 1923 Kategory:Persoan stoarn yn 2011