Ruslân is in federaasje dy't út 85 federale dielgebieten (Russysk: субъекты федерации, subjekty federatsii), ek wol dielgebieten fan de Russyske Federaasje (Russysk: субъекты Российской Федерации,subjekty Rossijskoj Federatsii) neamd, bestiet. Fierder binne der noch twa dielgebieten dy't troch de ynternasjonale mienskip as part fan Oekraïne erkend binne, mar de facto wol troch Ruslân bestjoerd wurde. De dielgebietn hawwe likense fertsjintwurdiging, twa de dielgebiet yn de steatsdûma, mar ferskille wol yn autonomy.

Seis kategoryen Der binne seis ûnderskate kategoryen: 22 republiken (Russysk: республики) - yn teory autonoom. Elts fan dy republiken hat in eigen grûnwet, presidint en parlemint en is in thúslân orneare foar in beskate etnyske minderheid. Yn 2000 waarden harren rjochten beheind, troch ûnder oaren de kriich yn Tsjetsjeenje. 9 krajs (Russysk: края) - polityk sjoen gelyk oan in oblast, mar tinner befolke. 46 oblasten (Russysk: области) - de standert-provinsjes dy't troch in troch de Russyske presidint beneamde gûverneur en pleatslike ferkeazen organen bestjoerd wurdt. 3 federale stêden (Russysk: федеральные города) - aparte regio's foar de 2 grutste stêden - Moskou en Sint-Petersburch. Ek Sebastopol wurdt troch de Russyske oerheid as Federale stêd oanmurken en bestjoerd, dochs wurdt net troch de Westerske wrâld en Oekraïne erkend. Federale stêden binne dielgebieten mei in status dy't liket op dy fan oblasten. 1 autonome oblast (Russysk: автономная область) - dit troch Stalin oanwiisde eardere thúslân foar Joaden is in oerbliuwsel fan it steatkundige ferpartsjen fan de Sovjet-Uny en de iennige oblast dêr't njonken it Russysk ek in oare taal offisjeel is - Jiddysk. De Joadske befolking yn it gebiet is lykwols tige tytser wurden en makket hjoed-de-dei noch mar in tige lyts part fan de befolking út. 4 autonome distrikten (Russysk: автономные округа) - gebieten yn in oblast dy't ornearre binne foar etnyske minderheden. Sokke folken gauris lyts yn oantal en (dêrtroch) yn macht en hawwe minder autonomy as de republiken, dochs wol mear as de oblasten.

600px|center

Dielgebieten Yn ûndersteand tabel binne de federale dielgebieten mei harren haadstêd, federaal distrikt en ekonomyske regio. Hja steane yn de folchoarder neffens de Grûnwet fan de Russyske Federaasje: republiken, krajs, oblasten, federale stêden, autonome oblast en autonome distrikten. Yn harren kategory steane se yn de folchoarder neffens de Russyske nammen yn it Syrillysk alfabet.