Mary van Rossem, better bekend as Sis van Rossem (Seist, 2 maaie 1945 – Utert, 4 maaie 2022Maarten! (6 maaie 2022), Sis van Rossem (1945-2022) vond het leven geen dansfeest), wie in Nederlânsk keunsthistoarikus.

Biografy Sis wie de dochter fan keunstskilder Gerard van Rossem en Huberta Gerarda Nolen en de sus fan arsjitektuerhistoarikus Vincent en histoarikus Maarten van Rossem. Dy lêste joech har har namme Sis (fan it Ingelske wurd sister).

In grut part fan har libben wie se wurksum yn it ûnderwiis, fan middelbere skoallen oant learare-oplieding en Hegeskoalle Utert. Sels studearre se fan har tritichste ôf in skoft oan de Universiteit Utert.

Mei har bruorren presintearre sy it telefyzjeprogramma Hier zijn de Van Rossems. By de dêrfan ôflate rige Broeders in Berlijn moast se yn 2019 ferstek gean litte fanwegen sûnens problemenBroeders in Berlijn kijkt lekker weg, maar Sis je wordt gemist. Trouw.

Sis van Rossem ferstoar op 4 maaie 2022 yn it sikehûs yn Utert, dêr 't se twa dagen earder opnaam waard nei in fal yn har wenning.

Publikaasje De kollums fan Van Rossem, hanneljend oer it deistich libben en keunstskiednis, dy 't hja ûnder oaren skreau foar it blêd Maarten! binne bondele ûnder de titel Door de ogen van Sis van Rossem, 2019.

Kategory:Nederlânsk keunsthistoarikus Kategory:Nederlânsk telefyzjepresintator Kategory:Persoan dy't omkommen is by in fal Kategory:Persoan berne yn 1945 Kategory:Persoan stoarn yn 2022