De Russyske Federaasje is ûnderferparte yn 85 federale dielgebieten, wêrûnder 22 republiken.

Doe't de Sovjet-Uny útinoar foel, waard as alternat yf foar ûnôfhinklikens, sa't dy by de Sovjetrepubliken ûntstie, foar de folken yn de nije Russyske Federaasje in systeem ynfierd dêr't dy folken in foarm fan autonomy by krigen. In tal steaten, lykas Tsjetsjeenje, Tatarije en Basjkortostan, ropten dochs de ûnôfhinlikens út yn de iere 1990-er jierren. Yn maaie en juny 2000 joech it Russyske konstysjonele hôf te witten dat dêr in ein oan komme soe. Under presidint Vladimir Pûtin waard dêr oerhinne yn 2000 in oerkoepeljende bestjoerlike laach ynsteld, de federale distrikten, dy't lykwols gjin grûnwetlike basis hawwe.

Yn 2014 waard de Autonome Republyk fan de Krim, in autonome republyk fan Oekraïne, militêr beset en anneksearre troch Ruslân. De ynternasjonale mienskip erkent dy anneksaasje net en sjocht de Krimrepubliek noch hieltyd as part fan Oekraïne.

600px

De Republiken fan Ruslân 1. 20px|border Adygeä 2. 20px|border Altai 3. 20px|border Basjkortostan 4. 20px|border Boerjaasje 5. 20px|border Dagestan 6. 20px|border Ingûsjeesje 7. 20px|border Kabardino-Balkaarje 8. 20px|border Kalmukje 9. 20px|border Karatsjai-Tsjerkesje 10. 20px|border Kareelje 11. 20px|border Komy 12. 20px|border Mari El 13. 20px|border Mordoovje 14. 20px|border Sacha (Jakûtsje) 15. 20px|border Noard-Osseesje-Alaanje 16. 20px|border Tatarstan17. 20px|border Tûva 18. 20px|border Oedmoersje 19. 20px|border Chakasje 20. 20px|border Tsjetsjeenje 21. 20px|border Tsjûvasje 22. 20px|border Krim* 23. 20px|border Donjetsk* (net op 'e kaart) 23. 20px|border Lûhansk* (net op 'e kaart) *) Omstriden. Ynternasjonaal net erkend as diel fan Ruslân, mar as diel fan 'e Oekraïne.

Kategory:Bestjoerlike yndieling fan Ruslân Kategory:Oerheid fan Ruslân