Peter Steele (pseudonym fan Petrus Thomas Ratajczyk) (Brooklyn, 4 jannewaris 1962 – Scranton Pennsylvania, 14 april 2010) wie in Amerikaansk bassist en sjonger. Hy waard benammen bekind as de twa meter lange bassist en sjonger fan de bands Type O Negative (1989 - 2010), en Carnivore (1983 - 1989). Op 14 april 2010 ferstoar Peter Steele yn 'e âldens fan 48 jier.

Karriêre thumb|left|170px|Peter Steele yn 1997 Fallout (1979–1982) Steele begûn as 12 jierrige mei gitaarspyljen, mar stapte al nei in pear moanne oer op basgitaar. Yn 1979 rjochte Peter Steele doe noch ûnder syn echte namme Peter Ratajczyk tegearre mei gitarist John Campos, toetsenist Josh Silver en drummer Louie Beateaux de metalband Fallout op. Mei dy band brocht Steele de single Rock Hard út en de band gie yn 1982 út inoar.

Carnivore (1984-1989) Tegeare mei earder Fallout drummer Louie Beato rjochte Steele yn 1984 de band Carnivore op, de bandleden van Carnivore giene koart nei it útbringen fan it twadde album byinoar wei, mar kamen yn 2006 wer byinoar foar in reüny. Dat soe de opmaat wêze foar in echte trochstart, mar dat gie troch it hommels ferstjerren fan Steele yn 2010 net troch. Mei dy band brocht Peter Steele twa studio-albums út.

Type O Negative (1989-2010) Yn 1989 rjochte Peter Steele mei earder Fallout toetsenist Josh Silver de gothic metal band Type O Negative op. Mei dy band brocht Peter Steele sân studio-albums út.

Priveelibben Steele waard berne yn Brooklyn, New York, Amearika, as it sechsde bêrn yn in gesin fan seis. Syn âlden wiene fan Jeropeesk komôf. Steele hie twa psychyske problemen, en wie ferslaafd oan kokaïne en alkohol. Yn 2005 gie it geroft dat Steele ferstoarn wêze soe om't er in grêfstien mei syn namme toand waard op it webstee fan Type O Negative mei syn namme der op, mar dat bliek in publisiteitstunt te wêzen fan it nije platelabel dêr't de band foar tekene hie. Peter Steele ferstoar fiif jier letter yn de âldens fan 48 jier.

Diskografy Albums Album Utbrocht op Band Single(s) CarnivoreNovimber 1985CarnivoreCarnivoreRetaliationSeptimber 1987Slow, Deep and Hard16 juny 1991Type O NegativeUnsuccessfully Coping with the Natural Beauty of InfidelityThe Origin of the Feces17 maaie 1992Bloody Kisses17 augustus 1993Black No. 1 (Little Miss Scare-All),Christian Woman,Summer BreezeOctober Rust20 augustus 1996My Girlfriend's Girlfriend,Love You To Death,In Praise of Bacchus,Cinnamon Girl (Neil Young cover)World Coming Down21 septimber 1999Creepy Green Light,Everyone I Love Is Dead,Everything DiesLife Is Killing Me17 juny 2003I Don't Wanna Be Me"Dead Again13 maart 2007The Profit of Doom,September Sun

As gastmuzikant Single(s) Album Utbrocht yn Mei band FightFight2002DoroJust Say No to Love Iommi2000Iommi

Kategory:Amerikaansk sjonger Kategory:Amerikaansk bassist Kategory:Amerikaansk metalartyst Kategory:Amerikaansk persoan fan Poalsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Noarsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Yslânsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Russysk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Ulstersk komôf Kategory:Persoan berne yn 1962 Kategory:Persoan stoarn yn 2010