Presence is it sande studio-album fan Led Zeppelin. It album waard opnommen yn novimber-desimber 1975 yn in de Dútske Musicland studio's yn München en waard trije moanne letter op 31 maart 1976 útbrocht. Nei it útbringen fan Physical Graffiti hie de band eins in wrâldtoernee pland mar trochdat sjonger Robert Plant in auto-ûngelok hân hie op it Grykske eilân Rhodos moast dizze toernee útsteld wurde. Yn de perioade nei it ûngelok, doe't Plant fan syn ferwûnningen opbettere, skreau er tegearre mei Jimmy Page genôch materiaal foar in nij album.

Spyllist nû. titel skriuwers doer1.Achilles Last StandRobert Plant en Jimmy Page10:252.For Your Life Page en Plant6:203.Royal OrleansJohn Bonham, John Paul Jones, Page en Plant2:584.Nobody's Fault But MinePage en Plant6:275.Candy Store RockPage en Plant4:076.Hots on for NowherePage en Plant4:437.Tea for OnePage en Plant9:27

Singles titel skriuwers doer utbrochtCandy Store RockPage en Plant4:0718 juny 1976

Muzikanten Robert Plant – Sang & Mûlharp Jimmy Page – Gitaar John Paul Jones – Bas & Toetsen John Bonham – Drums & Perkusje

Kategory:Album fan Led Zeppelin Kategory:Album út 1976 Kategory:Ingelsktalich album Kategory:Hardrockalbum