John Henry Bonham (Redditch Worcestershire, 31 maaie 1948 - Clewer Berkshire, 25 septimber 1980) wie in Ingelsk drummer. Hy waard bekend as de drummer fan Led Zeppelin. Bonham waard postúm mei syn mei-bandleden fan Led Zeppelin yn 1995 opnaam yn de Rock and Roll Hall of Fame. John Bonham is de heit van drummer Jason Bonham.
Karriêre John Bonham krige, doe't er tsien jier âld wie, fan syn mem in lytse trommel. Op syn 15e krige er fan syn heit syn earste drumstel. Nei't er skoalle ferlitten hie, begûn er yn 1964 yn syn earste band mei Terry Web and The Spiders. Ek drumde hy foar inkelde oare lokale bands. Doe't er letter besleat fulltime drummer te wurden, sleat er him oan by in band mei de namme A Way of Life, mar dy band hold al gau op en Bonham waard dêrnei drummer by de bluesband, Crawling King Snakes mei ûnder oare sjonger Robert Plant. Yn 1967 waard er frege werom te kommen yn it op 'e nij oprjochte A Way of Life. Yn de perioade by de band dy't dêrop folge bleau hy kontakt hâlden mei Robert Plant. Doe't Plant de band Band of Joy oprjochte, wie John Bonham dan ek de earste kar. Dy band hold it lykwols ek net lang út.
Led Zeppelin Doe't Jimmy Page in nije band begjinne woe nei it útinoar fallen fan The Yardbirds kaam hy fia Terry Reid telâne by Robert Plant dy't dêrnei Bonham oan Page foarstelde as drummer. Mei de komst fan Bonham yn 1968 einige de syktocht fan Jimmy Page nei in drummer foar syn nije band; The New Yardbirds, wêrfan't de namme letter feroare yn Led Zeppelin. Mei Led Zeppelin hat Bonham acht studioalbums útbrocht.
Priveelibben Bonham waard berne yn Redditch, Worcestershire, Grut Brittanje as de âldste yn in gesin fan trije. Syn broer Mick Bonham wie diskjockey en syn suske Deborah Bonham is sjongeres. Bonham wie boaske mei Pat Phillips en it pear krige twa bêrn. John Bonham ferstoar op 25 septimber 1980 nei't er ien liter wodka dronken hie, en doe't er dêrnei syn eigen spui ynazeme hie, late dat ta in longoedeem. Trije moanne nei it ferstjerren fan Bonham makken de trije oerbleaune bandleden fan Led Zeppelin bekend op te hâlden mei de band.
Diskografy thumb|260px|monumint yn Redditch ta neitins oan John Bonham Albums Album Utbrocht op Band Single(s) Led Zeppelin12 jannewaris 1969Led ZeppelinGood Times Bad TimesLed Zeppelin II22 oktober 1969Whole Lotta LoveLed Zeppelin III5 oktober 1970Immigrant SongSûnder titelLed Zeppelin IV8 novimber 1971Black Dog,Rock and RollHouses of the Holy28 maart 1973Over the Hills and Far Away,D'yer Mak'er"Physical Graffiti24 febrewaris 1975Trampled Under FootPresence31 maart 1976Candy Store RockIn Through the Out Door15 augustus 1979Fool in the Rain
Kategory:Led Zeppelin Kategory:Ingelsk drummer Kategory:Ingelsk hardrockartyst Kategory:Persoan berne yn 1948 Kategory:Persoan stoarn yn 1980