Harm Ottenbros (Alkmar, 27 juny 1943 – Strijen, 4 maaie 2022) wie in Nederlânsk hurdfytser.
Yn 1969 waard Ottenbros yn Zolder wrâldkampioen dykhurdfytsen. Yn de sprint fersloech hy ferrassend de Belch Julien Stevens. Yn 1970 krige Harm Ottenbros lêst fan in blessuere en fierdere suksessen bleaune dêrnei út. Nei 't Ottenbros syn karriêre beëinige waard er byldzjend keunstner.
Kategory:Nederlânsk hurdfytser Kategory:Nederlânsk byldzjend keunstner Kategory:Persoan berne yn 1943 Kategory:Persoan stoarn yn 2022