Boba Fett is in fiktyf personaazje út 'e Star Wars-franchise, betocht troch de Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hy is in Mandaloriaanske preemjejager klaaid yn in metalen wapenris "lang ferlyn yn in stjerrestelsel fier, fier fuort". Boba Fett ferskynde foar it earst yn 'e Star Wars Holiday Special (1978), mar waard it bekendst út 'e films Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back (1980) en Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi (1983). Yn dy lêste film falt er yn 'e sarlacc en liket dêrmei oan syn ein te kommen, mar út lettere wurken fan 'e Star Wars-franchise docht bliken dat er it oerlibbet. Yn 'e film Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002) komt syn oarsprong oan it ljocht as kloan en oannommen soan fan Jango Fett, in oare Mandaloriaanske preemjejager. Yn 2021 kaam de live-actiontillefyzjesearje The Book of Boba Fett, dy't om him draait, beskikber fia de streamingtsjinst Disney+.

Untwikkeling Star Wars-betinker George Lucas skoep it personaazje Boba Fett yn april 1978, doe't er wurke oan 'e earste ferzje fan it senario fan 'e film Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back. Boba Fett moast gau in fêste foarm krije, om't Lucas dermei ynstimd hie dat it personaazje yn it neijier fan 1978 in rol spylje soe yn 'e Star Wars Holiday Special. Hy griep dêrfoar werom op syn iere ideeën foar in oar Star Wars-personaazje, Darth Vader, dy't oarspronklik mear in lossleine preemjejager wurde moatten hie. Doe't er letter stal krige as in soarte fan swarte ridder, ferlear er de skaaimerken fan in preemjejager. Dy wiene sadwaande beskikber om oernommen te wurden troch Boba Fett, dat yn 'e wurden fan Lucas "in like gemien" mar "minder opfallend" personaazje waard. Lucas helle datoangeande in diel fan syn ynspiraasje út it personaazje fan 'e Man sûnder Namme (spile troch Clint Eastwood) út 'e Dollars-trilogy fan westernfilms fan Sergio Leone.

Artdirector Norman Reynolds en syn meiwurkers ûntwurpen de ikoanyske lichems- en gesichtsbedekkende wapenris en helm fan Boba Fett, dy't oarspronklik bedoeld west hie foar 'supertroepers'. Yn 't earstoan wie de wapenris hielendal wyt, mar dêr wie men net tefreden oer. Uteinlik kriget er in grize kleur, wêrmei't Boba Fett tusken de stoarmtroepers fan it Galaktysk Keizerryk, yn harren wite wapenrissen, en de yn it swart klaaide Darth Vader yn pleatst waard. De grize kleur hie it bykommend foardiel dat dy ek de dizenige noarmen en wearden fan it personaazje wjerspegele. Boba Fett waard yn Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back en Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi spile troch Jeremy Bulloch, dy't foar de rol cast waard op basis fan it feit dat de wapenris fan Boba Fett him paste as wied er foar him makke. De stim fan Boba Fett waard lykwols ynsprutsen troch Jason Wingreen.

Fiktive biografy Star Wars Holiday Special Boba Fett waard yn 1978 yntrodusearre yn it animearre segmint fan 'e Star Wars Holiday Special, ynsprutsen troch Don Francks. Dêryn dûkt er op as in mysterieus figuer dat Luke Skywalker, de Wookiee Chewbacca en de androïden R2-D2 en C-3PO rêdt fan in meunster. Neitiid blykt er lykwols in preemjejager te wêzen yn 'e tsjinst fan 'e Darth Vader, de foarnaamste hantlanger fan 'e boasaardige keizer Palpatine.

Oarspronklike Star Wars-trilogy Op it wite doek makke Boba Fett syn debút yn Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back (1980), it twadde diel fan 'e oarspronklike Star Wars-filmtrilogy (1977-1983). Dêryn is er ien fan seis preemjejagers oan wa't troch Darth Vader in rynske beleanning ûnthjitten wurdt as se de bemanning fan it romteskip de Millennium Falcon opspoare en/of finzen nimme kinne. Fett is de iennichste fan it sekstet dy't súkses hat; hy wit út te figelearjen wêr't de Millennium Falcon wêze moat en folget it skip nei de Stêd yn 'e Wolkens, op 'e planeet Bespin, dêr't Vader troch de ynformaasje dy't er fan Fett kriget in falstrik opsette kin foar de bemanning. Sa wit er Han Solo, Chewbacca, prinsesse Leia en de androïde C-3PO yn 'e hannen te krijen.

Vader lit Han martelje en dêrnei ynfrieze yn (de fiktive stof) karbonyt, om te testen oft er op dy wize súksesfol immen finzen hâlde kin (hy is ntl. fan doel om itselde mei de jonge Jedi Luke Skywalker te dwaan). Mei't er fierders gjin belang mear by de beferzen Han hat, jout er him oan 'e Boba Fett. Dyselde nimt Han yn syn romteskip, de Slave I, mei nei de planeet Tatooine, dêr't er him ôfleveret by de gangster Jabba de Hutt. Dy hat Han nammentlik in hege preemje op 'e holle set om't Han, dy't smokkelder is, (foarôfgeande oan 'e foarfallen yn Star Wars: Episode IV – A New Hope troch oermacht) in lading smokkelwaar fan him kwytrekke is.

De film Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi (1983) begjint mei in sekwinsje fan sênes wêryn't de freonen fan Han Solo him besykje te befrijen. Earst komme de androïden R2-D2 en C-3PO by it haadkertier anneks paleis fan Jabba de Hutt oan 'e doar, letter folge troch prinsesse Leia yn 'e momkape fan in preemjejager dy't Bloushh hjit mei in 'finzen nommen' Chewbacca op sleeptou, en úteinlik ferskynt de Jedi Luke Skywalker op it toaniel. Boba Fett hat him yn dy sênes om ûndúdlike redens by it gefolch fan Jabba jûn. Mooglik is er troch de gangster as hierling ynhierd, want hy hâldt en draacht him as in soarte fan liifwacht. As 'Bloushh' Jabba bedriget mei in termale detonator, rjochtet Fett syn ploffer op har. Fett is in stille taskôger by de finzenname fan Leia troch Jabba, nei't se harsels ferret hat troch Han Solo te ûntteien út it karbonyt, en by it gefjocht fan Luke mei Jabba syn reuseftige húsdier, in rancor. De remastere special edition fan Return of the Jedi, út 1997, befettet in ekstra sêne wêryn't Fett it besiket oan te lizzen mei ien fan Jabba syn Twi'lek-dûnseressen.

As Jabba neitiid Luke, Han en Chewbacca ta de deastraf feroardielet troch oan in sarlacc opfuorre te wurden, reizget Fett mei Jabba-en-dy op it swevende plezierjacht fan 'e gangster nei it Grutte Gat fan Carkoon, in lokaasje yn 'e woastyn fan Tatooine dêr't de sarlacc libbet. Op dat plak arrivearre, docht lykwols bliken dat Lando Calrissian, in oare freon fan Han, mei súkses as in liifwacht de entoeraazje fan Jabba ynfiltrearre hat, wylst R2-D2 yn syn binnenste Luke syn ljochtsabel ferburgen hat, dy't er Luke op in beslissend momint tasmyt. De finzenen komme yn opstân en meitsje koart wurk fan Jabba syn trewanten, wylst prinsesse Leia, dy't klaaid yn in metalen bikiny as slavinne mei in keatling oan 'e troan fan Jabba fêstlein is, Jabba ombringt troch him te smoaren mei it keatling. As de slaanderij begjint, fljocht Fett, dy't tarist is mei in jetpack, nei de finzenen ta en bynt de striid oan mei Luke. Chewbacca warskôget Han, dy't noch blyn is nei in jier yn karbonyt beferzen west te hawwen, dat Fett deunby is. Han skuort himsels skrokken yn 'e rûnte om Fett te sykjen en rekket by fersin Fett syn jetpack, dy't stikken giet. Dêrtroch rekket Fett stjoerleas en knoffelet er yn 'e mûle fan 'e sarlacc.

Yn 'e remastere special edition út 1997 fan Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977) waard in earder fuortknipte sêne tafoege wêryn't Han en Jabba inoar moetsje foar't Han en Chewbacca yn 'e Millennium Falcon mei Obi-Wan Kenobi en Luke Skywalker as passazjiers ôfsette nei de planeet Alderaan. Yn dy sêne is op 'e eftergrûn hiel koart Boba Fett ek eefkes te sjen. Op it stuit dat dy film makke waard, bestie it personaazje noch net iens, dat it waard foar de edysje fan 1997 mei fisuele effekten op 'e filme bylden út 1976 plakt.

Star Wars-prequeltrilogy Yn 'e film Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002), it twadde diel fan 'e Star Wars-prequeltrilogy (1999-2005), is Boba Fett as jonkje te sjen (spile troch Daniel Logan). Dêrby komt oan it ljocht dat er eins in kloan en de oannommen soan is fan 'e Mandaloriaanske preemjejager Jango Fett. Dyselde tsjinnet op 'e planeet Kamino as it sjabloan foar de kloansoldaten fan it Grutte Leger fan 'e Republyk, en as ûnderdiel fan syn priis dêrfoar hat er de kreaasje fan Boba betinge. Boba helpt syn heit om te ûntkommen oan 'e Jedi Obi-Wan Kenobi en beselsskippet him nei de planeet Geonosis, dêr't er tsjûge is fan syn heite dea as er yn it earste militêr treffen fan 'e Kloane-oarloggen mei de ljochtsabel ûnthalze wurdt troch de Jedi-master Mace Windu. Oan 'e ein fan 'e film is te sjen hoe't Boba Fett om it ferlies fan syn heit rouwet en syn heite helm opnimt, wêrmei't foarútwiisd wurdt nei syn eigen lettere karriêre as preemjejager yn syn heite wapenris.

Star Wars: Droids Yn 'e tekenfilmsearje Star Wars: Droids (1985) wie it personaazje fan Boba Fett (krekt as yn 'e Star Wars Holiday Special ynsprutsen troch stimakteur Don Francks) te sjen yn 'e ôflevering A Race to the Finish. De searje spilet yn 'e ynterne gronology fan Star Wars foarôfgeande oan Star Wars: Episode IV – A New Hope, mar waard nei de oername fan filmstudio Lucasfilm troch The Walt Disney Company yn 2012 út 'e kanon fan 'e mediafranchise skrast. Yn A Race to the Finish wurdt Boba Fett ynhierd om wraak te nimmen tsjin 'e eigners fan 'e androïden R2-D2 en C-3PO, mar as dat net slagget, nimt er der genoegen mei om syn opdrachtjouwers út te leverjen oan Jabba de Hutt.

Star Wars: The Clone Wars Yn 'e tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars (2008-2014 en 2020) ferskynt de jonge Boba Fett yn 'e beide lêste ôfleverings fan seizoen 2, R2 Come Home en Lethal Trackdown. Dêryn ynfiltrearret er it romteskip fan 'e Jedi-master Mace Windu, dy't syn heit Jango Fett deade hat, en besiket dyselde te fermoardzjen. As dat net slagget, sabotearret er it romteskip en lit it delstoarte op in planeet. Hy en de preemjejagers dy't syn meistanners binne, nimme dan leden fan 'e bemanning yn gizeling om Mace Windu nei harren ta te lokjen. Fett komt sekuer foar om geweld tsjin syn mei-kloanen te brûken, mar syn mentor Aurra Sing hat net sokke skrupules en fermoardet Windu syn ûnderbefelhawwer. Uteinlik wurde Fett-en-dy opspoard troch Plo Koon en Ahsoka Tano. Fett bedarret yn it tichthûs op Coruscant, dêr't er spyt betsjûget foar de deaden en ferwûnen dy't syn aksjes (mei) feroarsake hawwe, mar tagelyk swart dat er net rêste sil ear't er Mace Windu deamakke hat.

Yn 'e ôflevering Deception, út seizoen 4, ûntsnapt Boba Fett út it tichthûs, wêrnei't er in eigen preemjejagerienheid oprjochtet, dy't Krayts Klau komt te hjitten. Yn 'e ôflevering Bounty wurdt Krayts Klau ynhierd om in pakket ôf te leverjen oan in diktator. As de preemjejagers ûntdekke dat it pakket eins in jonge frou befettet dy't bestimd is foar in twongen houlik mei de tiran, lit har lot Boba Fett kâld en wol er de opdracht gewoan útfiere. Dat is lykwols bûten de tsjustere Jedi Asajj Ventress rekkene, dy't in tydlik lid fan Krayts Klau is. Alhiel breinroer smoart se Fett mei de Krêft, bynt him fêst en knevelet him en stoppet him dan yn it krat om yn it stee fan 'e jonge frou by de perpleks steande diktator besoarge te wurden.

The Mandalorian De earste hint foar de oanwêzigens fan it personaazje Boba Fett yn 'e live-actiontillefyzjesearje The Mandalorian (fan 2019 ôf) kaam oan 'e ein fan 'e ôflevering Chapter 5: The Gunslinger, út it earste seizoen, dy't einiget as op 'e planeet Tatooine in mysterieus figuer yn learzens en wat in cape liket te wêzen, tarint op it deade of bewusteleaze lichem fan 'e hiermoardneresse Fennec Shand. Yn maaie 2020 waard bekendmakke dat de Nijseelânske akteur Temuera Morrison yn it twadde seizoen fan The Mandalorian meispylje soe as Boba Fett. Mei't The Mandlorian fiif jier nei de foarfallen yn Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi spilet, waard dêrmei dúdlik dat Fett syn fal yn 'e sarlacc oerlibbe hawwe moast.