Barry Andrew Hay (Faizabad, Yndia, 16 augustus 1948) is in Nederlânsk sjonger en gitarist. Hy is bekend as de sjonger fan de Golden Earring.

Karriêre Golden Earring (1967-2021) Yn de rin fan de jierren 60 waard Barry Hay sjonger by de Haagske band The Haigs, in popgroep mei wat rûgere muzyk. Yn 1967 waard Hay frêge om Frans Krassenburg te ferfangen by de Golden Earring. In jier letter, yn 'e simmer fan 1968, waard de tsiende single fan de Golden Earring, Dong dong di ki di ki dong, de earste nûmer 1-hit fan de band. Noch fjouwer nûmer 1-hits folgen. Mei de Golden Earring brocht Hay 22 studio-albums en tsien live-albums út.

Solo karriêre Al fanôf de jierren 70 is Hay op de mominten dat it wat rêstiger is mei de Golden Earring as solo-artyst dwaande. Hy hat solo fjouwer studio-albums útbrocht.

Flying V Formation Fan 2012 ôf begûn Hay in twadde projekt. Mei in tal jongere muzikanten begûn er de Flying V Formation. Mei dit projekt hat Hay oant no ta ien studio-album útbrocht.

Priveelibben Hay waard yn Faizabad, Yndia, berne as soan fan de Skotske kolonel Philip Aubrey Hay en in Nederlânske mem. Nei't syn âlden by inoar wei giene doe't Barry 8 jier âld wie, kaam er mei syn mem nei Nederlân. Yn syn jeugd siet er op in Ingelsktalich ynternaat. Dêrnei folge er in oplieding oan de keunstakademy. Barry Hay boaske op 22 febrewaris 1992 mei Sandra Bastiaan, it pear hat twa dochters.

Diskografy Albums Album Utbrocht op Band Single(s) Miracle Mirror 1968Golden EarringThe Truth About Arthur,I've Just Lost Somebody On the Double 18 april 1969Just a Little Bit of Peace in My Heart Eight Miles High Novimber 1969 Golden Earring Septimber 1970Back Home Seven Tears Septimber 1971She Flies on Strange WingsOnly parrots, frogs & angels1972Barry Hay Together Juny 1972Golden EarringBuddy Joe Moontan Septimber 1973Radar Love,Candy's Going Bad Switch Maart 1975Tons of Time,Kill Me (Ce Soir),The Switch To the Hilt Jannewaris 1976Sleepwalkin,To the Hilt Contraband Desimber 1976Bombay Grab It for a SecondSeptimber 1978Movin' Down Life No Promises...No Debts July 1979Weekend Love Prisoner of the Night Oktober 1980Long Blond Animal,No for an Answer Cut 10 septimber 1982Twilight Zone,The Devil Made Me Do It N.E.W.S. Maart 1984When the Lady Smiles,Clear Night Moonlight,N.E.W.S. The Hole Maaie 1986Quiet Eyes,Why Do I,They DanceVictory of Bad Taste1987Barry Hay Keeper of the Flame Maaie 1989Golden EarringMy Killer My Shadow,Turn the World Around,Distant Love Bloody Buccaneers 19 april 1991Going to the Run,Temporary Madness,Pouring My Heart Out Again,Making Love to Yourself,Bloody Bucaneers Face It Novimber 1994Hold Me Now,Johnny Make Believe Paradise in Distress 12 april 1999Paradise In Distress,Whisper in a Crowd Millbrook U.S.A. 21 febrewaris 2003Albino Moon,A Sound I Never HeardThe Big Band Theory2008Barry Hay Tits 'n Ass 11 maaie 2012Golden EarringStill Got the Keys to My First CadillacBarry Hay's Flying V Formation12 maaie 2016Flying V FormationFor You Baby2019Barry Hay

Kategory:Golden Earring Kategory:Nederlânsk gitarist Kategory:Nederlânsk sjonger Kategory:Nederlânsk rockartyst‎ Kategory:Nederlânsk hardrockartyst‎ Kategory:Persoan berne yn 1948