George Kooymans (De Haach, 11 maart 1948 - 23 july 2025) wie in Nederlânsk gitarist. Hy wie bekend as de gitarist en oprjochter fan de Golden Earring.

Karriêre thumb|left|160px|George Kooymans yn 1974 Golden Earring (1961-2021) Yn 1961 rjochte de doetiids trettjin jierrige gitarist tegearre mei syn fjirtjin jierrige buorjonge en bassist Rinus Gerritsen de band The Golden Earrings op, neamd nei in nûmer fan de band The Hunters. Yn 1969 waard de namme feroarre yn Golden Earring. Mei de Golden Earring brocht Kooymans 25 studio-albums en tsien live-albums út en behelle er fiif nûmer 1-hits.

Solo karriêre Al fanôf de jierren 70 wie Kooymans op de mominten dat it wat rêstiger wie mei de Golden Earring as solo-artyst dwaande. Solo hat er trije studio-albums útbrocht.

Vreemde Kostgangers (2016-2021) Yn 2016 rjochte er tegearre mei Henny Vrienten fan Doe Maar en Boudewijn de Groot de groep Vreemde Kostgangers op. Mei Vreemde Kostgangers had Kooymans twa studio-albums útbrocht.

Priveelibben George Kooymans waard yn De Haach berne. Yn 1969 boaske er mei Melanie Gerritsen, de suster fan bassist Rinus Gerritsen; hja krigen twa bern. Ein 2020 die bliken dat George Kooymans de spiersykte ALS hat, dit waard begjin 2021 bekend makke en betsjutte it ein fan syn karriêre en fan de bands Golden Earring en Vreemde Kostgangers.

George Kooymans ferstoar op 23 july 2025, yn 'e âldens fan 77 jier oan de gefolgen fan ALS.

Priis Op 13 oktober 2012 krige Kooymans yn it Arsenaalteäter yn Vlissingen de Eddy Christiani Award útrikt. Dy priis is in inisjatyf fan SCOOP en wurdt útrikt oan in nasjonale of ynternasjonale gitarist dy 't syn spoaren fertsjinne hat yn it ynternasjonale popsirkwy en lykas Christiani in ynspirearjende bydrage levere hat oan de ûntwikkeling fan de elektryske gitaarmuzyk.

Yn 2023 waard er beneamd ta eareboarger fan Rijkevorsel.https://www.rijkevorsel.be/nieuwsberichten/george-kooymans-gehuldigd-als-ereburger-van-rijkevorsel. Argivearre op 20 maart 2023.

Diskografy Albums Album Utbrocht op Band Single(s) Just Ear-rings1965Golden EarringPlease Go,Lonely Everyday Winter-Harvest 27 jannewaris 1967In My House,Dream,Call Me Miracle Mirror 1968The Truth About Arthur,I've Just Lost Somebody On the Double 18 april 1969Just a Little Bit of Peace in My Heart Eight Miles High Novimber 1969 Golden Earring Septimber 1970Back Home Seven Tears Septimber 1971She Flies on Strange WingsJojo1972George Kooymans Together Juny 1972Golden EarringBuddy Joe Moontan Septimber 1973Radar Love,Candy's Going Bad Switch Maart 1975Tons of Time,Kill Me (Ce Soir),The Switch To the Hilt Jannewaris 1976Sleepwalkin,To the Hilt Contraband Desimber 1976Bombay Grab It for a SecondSeptimber 1978Movin' Down Life No Promises...No Debts July 1979Weekend Love Prisoner of the Night Oktober 1980Long Blond Animal,No for an Answer Cut 10 septimber 1982Twilight Zone,The Devil Made Me Do It N.E.W.S. Maart 1984When the Lady Smiles,Clear Night Moonlight,N.E.W.S. The Hole Maaie 1986Quiet Eyes,Why Do I,They DanceSolo1987George Kooymans Keeper of the Flame Maaie 1989Golden EarringMy Killer My Shadow,Turn the World Around,Distant Love Bloody Buccaneers 19 april 1991Going to the Run,Temporary Madness,Pouring My Heart Out Again,Making Love to Yourself,Bloody Bucaneers Face It Novimber 1994Hold Me Now,Johnny Make Believe Paradise in Distress 12 april 1999Paradise In Distress,Whisper in a Crowd Millbrook U.S.A. 21 febrewaris 2003Albino Moon,A Sound I Never HeardOn location2010George KooymansVreemde Kostgangers24 febrewaris 2017Vreemde KostgangersNachtwerk24 novimber 2017 Tits 'n Ass 11 maaie 2012Golden EarringStill Got the Keys to My First Cadillac

Kategory:Golden Earring Kategory:Nederlânsk gitarist Kategory:Nederlânsk rockartyst‎ Kategory:Nederlânsk hardrockartyst‎ Kategory:Persoan berne yn 1948 Kategory:Persoan stoarn yn 2025