Cornelis Johannes (Cesar) Zuiderwijk (De Haach, 18 july 1948) is in Nederlânsk drummer. Hy is bekend as de drummer fan de Golden Earring.

Karriêre Op syn alfde begjint er mei gitaarspyljen. Nei twa jier stapt er oer op drums. Cesar Zuiderwijk wie drummer by de Haagske bluesband Livin' Blues doe't er yn 1970 frege waard om by de Golden Earring drummer Sieb Warner te ferfangen.

Yn 1985 iepene Zuiderwijk mei bassist Rinus Gerritsen in muzykwinkel yn De Haach. Yn datselde jier spilet Zuiderwijk tegearre mei jazzmuzikant Jasper van 't Hof yn it ienmalige gearwurkingsferbân Labyrinth. Julya Lo'ko wurdt oanlutsen as sjongeres fan dit projekt. Zuiderwijk is ek aktyf as dosint. Hy sjocht yn septimber 1992 in dream útkommen as er mei tûzen drummers op in driuwend ponton op de Maas yn Rotterdam musisearret en Radar Love útfiert.

Yn 2019 sette Cesar Zuiderwijk tegearre mei de Flaamske drummer Mario Goossens fan Triggerfinger útein mei it muzikale projekt Sloper. Yn 2020 brochten se de ep Sloper út.

Mei de Golden Earring hat Zuiderwijk njoggentjin studio-albums útbrocht en mei livin' Blues ien album.

Priveelibben Zuiderwijk is twa kear troud en hat út syn earste houlik twa bern. Nei de skieding troude er yn 2010 wer. Yn 1985 komt Cesar yn it nijs as de plysje nei in ynbraak yn syn hûs op souder in pistoal fynt. Zuiderwijk soe dit jierren earder nei in Amerikaanske toernee meismokkele hawwe yn syn drumstel. Hy wurdt feroardiele ta in moanne finzenisstraf.

Diskografy thumb|right|200px|Cesar Zuiderwijk yn 1971 Albums Album Utbrocht op Band Single(s) Hell's Session1969Livin' Blues Golden Earring Septimber 1970Golden EarringBack Home Seven Tears Septimber 1971She Flies on Strange Wings Together Juny 1972Buddy Joe Moontan Septimber 1973Radar Love,Candy's Going Bad Switch Maart 1975Tons of Time,Kill Me (Ce Soir),The Switch To the Hilt Jannewaris 1976Sleepwalkin,To the Hilt Contraband Desimber 1976Bombay Grab It for a SecondSeptimber 1978Movin' Down Life No Promises...No Debts July 1979Weekend Love Prisoner of the Night Oktober 1980Long Blond Animal,No for an Answer Cut 10 septimber 1982Twilight Zone,The Devil Made Me Do It N.E.W.S. Maart 1984When the Lady Smiles,Clear Night Moonlight,N.E.W.S. The Hole Maaie 1986Quiet Eyes,Why Do I,They Dance Keeper of the Flame Maaie 1989My Killer My Shadow,Turn the World Around,Distant Love Bloody Buccaneers 19 april 1991Going to the Run,Temporary Madness,Pouring My Heart Out Again,Making Love to Yourself,Bloody Bucaneers Face It Novimber 1994Hold Me Now,Johnny Make Believe Paradise in Distress 12 april 1999Paradise In Distress,Whisper in a Crowd Millbrook U.S.A. 21 febrewaris 2003Albino Moon,A Sound I Never Heard Tits 'n Ass 11 maaie 2012Still Got the Keys to My First Cadillac

Kategory:Golden Earring Kategory:Nederlânsk drummer Kategory:Nederlânsk rockartyst‎ Kategory:Nederlânsk hardrockartyst‎ Kategory:Persoan berne yn 1948