Whiskey in the Jar ûntstien yn de santjinde iuw, is in Iersk folksliet dat him ôfspilet yn de súdlike bergen fan Ierlân, faak mei in spesifike fermelding fan de provinsjes Cork en Kerry. It liet giet oer in strûkrôver dy 't, neidat er in militêr of official fan de oerheid oerfallen hat, wurdt ferret troch in frou, is ien fan de meast útfierde tradisjonele Ierske ferskes en is sûnt de jierren fyftich troch withoefolle artysten opnommen.

Ferzje fan The Dubliners

Yn 1967 brochten The Dubliners it album More of the Hard Stuff út mei allegear Ierske tradisjonals it fjirde nûmer op it album is Whiskey in the Jar. It waard yn 1968 útbrocht as single.

Muzikanten Ronnie Drew - Sang & Gitaar Luke Kelly - Sang & Banjo Barney McKenna - Banjo & Mandoline Ciaran Bourke - Sang, Tin-whistle, Harmoanika en Gitaar John Sheahan - Fioele, Tin-whistle en Mandoline

Ferzje fan Thin Lizzy

Yn 1972 brocht it platelabel fan Thin Lizzy in hardrock ferzje fan Whiskey in the Jar De band wie der net al te wiis mei dat krekt dit nûmer as single útbrocht waard want it soe de muzyk fan de band net represintearje. Mar de Single behelle yn Ierlân de nûmer 1 posysje. Yn Nederlân kaam it oant nûmer 20 yn de top 40. It duorre noch oant 1976 foar't Thin Lizzy Wiskey in the Jar op in album sette.

Muzikanten Philip Lynott – Sang, Bas & Gitaar Eric Bell – Gitaar Brian Downey – Drums

Ferzje fan Metallica

Yn 1999 brocht Metallica it album Garage Inc út mei allegear covers it njoggende nûmer op it album is Whiskey in the Jar. It is it einichste nûmer dat gjin cover is, al is it al ynspirearre op de hardrock ferzje fan Thin Lizzy. It waard op 1 febrewaris 1999 útbrocht as single. Yn Nederlân behelle de single in 49ste plak yn de Mega top 100.

Muzikanten James Hetfield - Sang & Gitaar Kirk Hammett - Gitaar Jason Newsted - Bas Lars Ulrich - Drums

Kategory:Liet fan Metallica Kategory:Single út 1968 Kategory:Single út 1972 Kategory:Single út 1999 Kategory:Ingelsktalich liet Kategory:Iersk folksferske