Turn the Page is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Bob Seger yn 1972 en útbrocht op syn Back yn '72 album út 1973. It waard doe net as single útbrocht, oant Seger's live ferzje fan it nûmer op it yn 1976 útbrochte Live-album Live Bullet.

Oer it nûmer Turn The Page iepenet mei in sakssolo en it liet giet oer it libben fan muzikanten ûnderweis fan optreden nei optreden. De oare kant fan de medalje en in side dy 't it publyk net sjocht of selden oer lêst. It is tagelyk de rêstichste fan alle útfieringen fan Turn the Page.

Muzikanten Bob Seger – Sang & Toetsen Drew Abbott – Gitaar Chris Campbell – Bas Charlie Allen Martin – Drums Alto Reed – Saksofoan Robyn Robbins – Mellotron

Golden Earring cover Yn 1995 brocht de Golden Earring it album Love Sweat út mei allegear covers it tsiende nûmer op it album is Turn The Page. Dizze ferzje wurdt brûkt yn de suksesfolle telefyzjesearje Sons Of Anarchy.

Metallica cover

Yn 1998 brocht de Metallica it album Garage Inc. út mei allegear covers it fjirde nûmer op it album is Turn The Page. It waard op 16 novimber fan 1998 útbrocht as single, De B-kânt fan de single wie foar de nûmers Bleeding Me, Stone Cold Crazy (Queen cover) en The Wait (Killing Joke cover).

Oer it nûmer De Metallica ferzje giet oer in mem dy 't oerdeis in stripper is en nachts har lichem ferkeapet. De byhearrende klip waard troch MTV yn 'e besnijing dien, omdat pornoster Ginger Lynn in roltsje ferfolle.

Muzikanten James Hetfield – Sang & Gitaar Kirk Hammett – Gitaar Lars Ulrich – Drums James Newsted - Bas

Kategory:Liet fan Metallica Kategory:Ingelsktalich liet Kategory:Single út 1998 Kategory:Single út 1976 Kategory:Rockliet