Die Hard 2, soms oantsjut as Die Hard 2: Die Harder of koartwei as Die Harder, is in Amerikaanske aksjefilm út 1990 ûnder rezjy fan Renny Harlin, mei yn 'e haadrollen Bruce Willis en Bonnie Bedelia. De titel hat de letterlike betsjutting fan "ien dy't dreech stjert", wat yn dit gefal yndie sa opfet wurde kin, hoewol't der ornaris yn 'e figuerlike sin in "taaien-ien" mei bedoeld wurdt. De film is basearre op 'e roman 58 Minutes fan Walter Wagner. It ferhaal folget plysjeman John McClane, dy't mei de kryst syn frou Holly fan 'e Ynternasjonale Lofthaven Washington Dulles yn Washington, D.C. ophelje sil. Wylst er wachtet oant har fleantúch lâne is, komt er lykwols in gearspanning op it spoar om in oan 'e Feriene Steaten útlevere Latynsk-Amerikaanske diktator en drugsbaron te befrijen. Die Hard 2 is it twadde diel fan 'e Die Hard-filmsearje, en folget as sadanich op Die Hard, út 1988. Fan 'e filmkritisy krige Die Hard 2 oer it algemien positive resinsjes en yn 'e bioskopen wie de film in grut kommersjeel súkses. In folgjend diel út 'e rige wie Die Hard with a Vengeance, út 1995.

Plot Op krystjûn, op 'e kop ôf twa jier nei de foarfallen yn 'e Nakatomi Tower yn Los Angeles, giet plysjeman John McClane nei in swier besnijde Ynternasjonale Lofthaven Washington Dulles yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C. om syn frou Holly ôf te heljen, dy't dy jûns mei it fleantúch út Los Angeles arrivearje sil. Dat is wêr't se no wenje, en McClane is no resjersjeur by it Los Angeles Police Department. Hy is Holly mei de bern foarútreizge, mei't se de hjeldagen by har âldelju trochbringe sille. De jûn begjint al goed as de auto, dy't McClane fan syn skoanmem te lien hat, fuortsleept wurdt om't er him earne delset hat dêr't net parkearre wurde mei. Dêrby kriget McClane it oan 'e stôk mei de obese lofthavenplysje Vito Lorenzo.

Yn 'e lofthaven binne ferskate kameraploegen gearklofte, wêrûnder dy fan Samantha Coleman, in ferslachjouster foar WNTW Night Time News. Dêr wurdt nammentlik de oankomst ferwachte fan in militêr transportfleantúch út it (fiktive) Latynsk-Amerikaanske Val Verde, dat de eardere faksistyske diktator fan dat lân oerbringe sil nei de Feriene Steaten. Dy generaal Ramón Esperanza wie foarhinne, yn 'e tiid fan 'e Kâlde Oarloch, in Amerikaanske bûnsgenoat, mar no't it kommunisme gjin gefaar mear ynhâldt, is er yn ûngenede fallen, benammen om't er him ek dwaande hold mei de hannel yn kokaïne. Sadwaande is er koartby mei Amerikaanske help ûnder fuotten brocht en no wurdt er útlevere om foar lange tiid yn in Amerikaansk tichthûs te ferdwinen.

Yn it ferkearsfleantúch Northeast Airlines flecht-140 kriget ferslachjouwer Richard Thornburg in sitplak tawiisd yn deselde rige as McClane syn frou Holly. Hy is deselde dy't twa jier earder Holly har bern foar eigen gewin misbrûkt hie foar in nijsreportaazje en dêrmei Holly har identiteit oan har gizelnimmers útbrocht hie, wêrnei't se him twa tosken út 'e mûle sloech. Mei't er in kontaktferbod tsjin har útfurdigje litten hat, protestearret er tsjin 'e gong fan saken yn it fleantúch, mar mei syn arrogante hâlden en dragen hat er him al net botte dierber makke by de stewardessen. Dy biede Holly in fergees glês sjampanje oan as se it ferhaal hearre.

Wylst McClane yn in bar yn 'e lofthaven sit te wachtsjen oant Holly har fleantúch lânet, en him dêr stierlik ferfeelt, merkt er út beropsdefisjinsje in pear manlju op dy't har fertocht hâlde en drage. Om't er neat betters te dwaan hat, folget er ien fan harren en sjocht hoe't dy ferdwynt troch in doar dy't inkeld foar lofthavenpersoniel tagonklik heart te wêzen. McClane giet der efteroan en as er de man mei in maat fan him yn petear yn in bagaazjesortearromte oantreft, freget er harren wat se dêr moatte. Ta antwurd lûke se pistoalen en besykje him dea te sjitten. McClane, dy't syn eigen pistoal al klear hie, sjit werom. De sjitpartij liedt ta slaanderij, wêrby't McClane ien fan 'e mannen deadet, wylst de oare ûntkomt. Haadynspekteur Carmine Lorenzo, de sjef fan 'e lofthavenplysje, dy't de broer fan 'e grouwe Vito blykt te wêzen en dêrom net folle mei McClane op hat, hâldt it derop dat it om in pear bagaazjedieven giet. Hy kin him der sadwaande net botte drok om meitsje, nammenste mear net om't it troch de oankommende kryst in gekkeboel yn 'e lofthaven is, eat dat noch oanboaze wurdt troch de opskuor dêr't de oankomst fan generaal Esperanza foar soarget.

McClane is der, mei troch de djoere fjoerwapens fan 'e mannen dêr't er mei fochten hat, fan oertsjûge dat der mear efter sit. As er tefolle oankringt, lit Lorenzo him lykwols út syn kantoar sette. McClane leit him dêr net by del. Hy nimt op yllegale wize fingerôfdrukken ôf fan 'e deade man, dy't er neitiid mei help fan 'e freonlike resepsjoniste Pam trochfakst nei in maat fan sines yn Los Angeles, brigadier Al Powell. As dy de ôfdrukken neilûkt, docht bliken dat de man dy't McClane deamakke hat, in Oswald Cochrane, offisjeel al twa jier dea is. Hy wie in Amerikaansk militêr adviseur yn Hondoeras, dy't omkommen is by in helikopterûngemak. McClane ken daliks it curriculum vitae fan in profesjonele hierling werom, en ornearret dat de oanwêzigens fan sa'nent op dit stuit yn 'e lofthaven wat te krijen hat mei de oankomst fan generaal Esperanza. Hy stapt mei syn befinings nei Ed Trudeau, de direkteur fan 'e lofthaven, dy't de lieding hat yn 'e ferkearstoer.

Underwilens hat William Stuart, in âld-kolonel by de kommando's fan it Amerikaanske Leger, mei oare eardere leden fan syn ienheid in tydlike basis opset yn in tsjerkegebou fuortby de lofthaven, dêr't se earst de koster deamakke hawwe. Dêrwei slute se har eigen apparatuer oan op 'e systemen fan 'e lofthaven, dêr't de keabels fan oer it tsjerketerrein rinne. Tagelyk slute se de ferkearstoer bûten. Alle lâningsbaanljochten geane út. Dy oername fynt plak krekt as McClane yn 'e ferkearstoer is, en sa't er al fermoede, is it Stuart-en-dy te dwaan om Esperanza te befrijen, wêrnei't se mei him weromkeare sille nei Val Verde om dêr de macht wer oer te nimmen. Dêrta easket Stuart dat der in Boeing 747 foar harren klear set wurdt om mei ôf te reizgjen. Fierders warskôget er Trudeau-en-dy dat se net besykje moatte om harren kontrôle oer de lofthaven werom te winnen. Hy partet harren krekt genôch tiid ta om alle arrivearjende fleantugen òf útwike te litten nei oare lofthavens, òf, as se dêr te min brânstof foar hawwe, oant neier oarder boppe Dulles rûntsjedraaie te litten, foar't er harren en it fermogen ta kommunikaasje mei de fleantugen ôfnimt. De fleantugen en har ynsittenden wurdt op dy wize eins gizelders yn in gizelingssitewaasje.

Nei in nije oanfarring mei Lorenzo wurdt de opsternate McClane, dy't him der mar al te bewust fan is dat Holly yn ien fan 'e rûntsjedraaiende fleantugen sit, út 'e ferkearstoer set. Hy dielt in lift mei ferslachjouster Samantha Coleman, dy't yllegaal de ferkearstoer binnenkrongen wie. Troch har ûntdekt McClane dat kolonel Stuart, dy't in beskate bekendheid genietet, ek op 'e lofthaven sinjalearre is. McClane klimt út 'e lift en bejout him fia de liftskacht nei de kelder fan it lofthavenkompleks, dêr't er de konsjerzje Marvin treft. Dy helpt him om te begripen wat er Leslie Barnes, de haadyngenieur, yn 'e ferkearstoer sizzen heard hat. It docht bliken dat op Dulles in nij gebou yn oanbou is, de Annex Skywalk, mei in eigen stjoerder dy't noch los stiet fan 'e lofthavensystemen. Barnes wol besykje om fia dy stjoerder mei de fleantugen yn kontakt te kommen om harren foar de ûntstiene sitewaasje te warskôgjen.

Under bewekking fan 'e bêst trainde ienheid dêr't de lofthavenplysje oer beskikt, bejout Barnes him nei it nije gebou. McClane, dy't wol foar it ferstân hat dat as Barnes it betinke kin, Stuart-en-dy it perfoarst ek betocht hawwe, hastiget him derefteroan, mar wurdt opholden om't er troch fentilaasjekanalen krûpe moat om yn it nije gebou te kommen. By de Annex Skywalk wurde Barnes-en-dy yndie opwachte troch in fjouwertal mannen fan Stuart, dy't koart wurk meitsje fan 'e lofthavenplysjes. Barnes, dy't ûnder it fjoergefjocht dekking socht hat, wurdt neitiid ûntdutsen en stiet op it punt om fermoarde te wurden as ynienen McClane út in fentilaasjekanaal rûgelet. Hy komt de hierlingen oer it mad en wit harren yn in gefjocht allegear te deadzjen. Stuart lit dêrop by wize fan represaille Windsor Airlines-flecht 114, in fleantúch dat hast sûnder brânstof sit, lânje troch himsels foar te dwaan as in ferkearslieder. Hy stelt lykwols it grûnnivo yn it instrument landing system (ILS) 200 foet te leech yn, mei as gefolch dat Windsor 114 te pletter stoart, sadat alle 230 ynsittenden omkomme.

Neitiid skeakelet Trudeau de Amerikaanske autoriteiten yn, dy't in kommandoteam fan it Amerikaanske Leger stjoere om mei Stuart ôf te weven. De ienheid wurdt oanfierd troch majoar Grant, dy't seit dat Stuart alles dat er wit fan him leard hat. McClane fynt dat net sa gerêststellend as Grant it grif bedoelde. Mei't him hjitten wurdt dat er de boel fierder oan professionals oerlitte moat, giet McClane werom nei Marvin om 'e plattegrûnen fan 'e lofthaven te bestudearjen dy't de konsjerzje troch de jierren hinnen gearfandele hat. It docht bliken dat Marvin de portofoan fan Cochrane fûn hat, dy't, oars as de oare portofoans fan Stuart syn mannen dy't McClane al tsjinkommen wie, net beskoattele is. Sadwaande kin McClane no Stuart-en-dy ôflústerje.

Hy komt dêrtroch oan 'e weet dat Esperanza ûnderwilens syn bewekkers deade en it transportfleantúch kaapt hat. As Stuart in lâningsbaan mei him ôfpraat, bejout McClane him dêr ek hinne. Hy is as earste by it lâne transportfleantúch en nimt Esperanza finzen sadree't dy útstapt. As fuort letter Stuart en syn mannen arrivearje, moat er de drugsbaron lykwols wer gean litte om himsels yn 'e cockpit fan it transportfleantúch te ferskânzjen. Stuart lit syn mannen de ruten stikken sjitte en in stik as acht hângranaten nei binnen smite, mar McClane rêdt himsels troch op it plak fan 'e piloat sitten te gean en de sjitstoel te aktivearjen.

Neitiid komt Barnes by McClane mei it plan om it haadkertier fan Stuart-en-dy te finen. Dat kin mar op in beheind tal plakken fêstige wêze, om't Stuart deunby de bekeabeling fan 'e lofthaven wêze moat om dy nei syn eigen apparatuer om te lieden. Nei't de bekeabeling oanlein wie, is der letter in wenwyk foar in part oerhinne boud. McClane en Barnes geane dêr op ûndersyk út en komme úteinlik by it tsjerkegebou. As McClane dêr omsneupt, wurdt er trappearre troch in skyldwacht fan Stuart, dy't er yn in man-tsjin-mangefjocht deadet troch him in iisjûkel yn it each te stekken.

Barnes jout de lokaasje fan 'e tsjerke troch oan Grant, dy't der mei syn mannen in wraam op docht. Stuart-en-dy witte mei Esperanza te ûntkommen op klearsteande sniescooters, en litte harren eigen apparatuer foarsjoen fan springstofladings efter, sadat it foar it lofthavenpersoniel ûnbrûkber is. McClane sjit twa hierlingen dea, nimt in sniescooter oer en set de efterfolging yn. As er dêrby mei in bútmakke mitrailleur op Stuart syn mannen sjit, mist er eltse kear, oant er úteinlik crasht en de efterfolging opjaan moat. Erchtinkend wurden, lûkt McClane it magazyn út 'e mitrailleur en stelt ta syn ôfgriis fêst dat it wapen laden is mei losse flodders. Hy beseft dat it net oars kin, as dat moat betsjutte dat Stuart en Grant mei-inoar ûnder ien tekken skûlje.