Gamma Ray is in Dútske powermetalband oprjochte yn 1989 yn Hamburch troch gitarist Kai Hansen, earder fan Helloween, en sjonger Ralf Scheepers, earder fan Tyran Pace. De band brocht yn 1990 syn debútalbum Heading for Tomorrow út. De teksten fan de band gean benammen oer science fiction, fantasy, polityk en religy. Gamma Ray hat alve studio-albums en sân live-albums útbrocht.

Skiednis Yn 1988 ferliet Kai Hansen de band Helloween fanwegen konflikten binnen de band en mei de platemaatskippij. Hy die earst wat studiowurk mei in oare Dútske band, Blind Guardian. Dêrnei rjochte hy him tegearre mei Ralf Scheepers fan de band Tyran Pace op in twamansprojekt. Mei it tafoegjen fan bassist Uwe Wessel en drummer Mathias Burchard groeide it projekt út ta Gamma Ray. It lûd fan de band like in soad op dat fan Helloween, ek net sa frjemd om't Kai Hansen dêr ien fan de wichtige skriuwers wie.

Yn febrewaris 1990 waard it album "Heading for Tomorrow" útbrocht, letter yn it jier folge troch de "Heaven can wait" ep. Op dizze ep wie de band útwreide mei de gitarist Dirk Schlächter; drummer Mathias Burchard wie nei it earste album ferfongen troch Uli Kusch de eardere drummer fan Holy Moses. Yn 1991 kaam it twadde folweardige album, "Sigh no more" út. Op it tredde album, útbrocht yn 1993, waarden de bassist en drummer ferfongen troch respektyflik Jan Rubach en drummer Thomas Nack beide fan Anesthesia.

Dêrnei ûndergie de band wer in feroaring yn de besetting. Sjonger Ralf Scheepers wenne op sa'n grutte ôfstân fan de oare bandleden dat der allinnich yn wykein repetearre wurde koe. Dêrby kaam dat Scheepers audysje dien hie by Judas Priest. Yn goed oerlis mei Hansen ferliet Scheepers de band en Hansen naam de sang oer.

Yn 1996 beslueten Hansen en Dirk Schlächter dat bassist Jan Rubach en drummer Thomas Nack de band ferlitte moasten. Dan Zimmerman waard oanlutsen as nije drummer wylst Schlächter syn gitaar ferwiksele foar de bas. Foar de posysje fan twadde gitarist waard Henjo Richter oanlutsen.

Yn 2012 waard drummer Dan Zimmerman ferfongen troch Michael Ehré. Yn april 2013 hintte Kai Hansen op in nij album. Nettsjinsteande it ôfbaarnen fan de studio waard it album "Empire of the Undead" yn maart 2014 útbrocht.

Diskografy Studio-albums Album Utbrocht op Label SinglesHeading for Tomorrow26 febrewaris 1990NoiseHeading for Tomorrow,Heaven Can Wait,Space EaterSigh No More21 septimber 1991Sigh No More,One with the WorldInsanity and Genius28 juny 1993Future MadhouseLand of the Free29 maaie 1995Land of the Free,Rebellion in DreamlandSomewhere Out in Space25 augustus 1997Valley of the Kings Power Plant23 maart 1999No World Order!10 septimber 2001 Metal-IsHeaven or Hell Majestic11 oktober 2005MayanLand of the Free II19 novimber 2007SteamhammerTo the Metal!29 jannewaris 2010earMUSICTo the Metal!Empire of the Undead28 maart 2014Hellbent,Demonseed,Avalon,Time for Deliverance,Pale Rider,I Will Return

Live-albums Album Utbrocht op Label Alive '9528 maaie 1996NoiseSkeletons in the Closet25 augustus 2003Metal-IsHell Yeah!!! The Awesome Foursome -Live in Montreal24 oktober 2008SteamhammerSkeletons & Majesties Live30 novimber 2012earMUSICHeading for the East25 septimber 2015Lust for Live6 maaie 201630 Years Live Anniversary10 septimber 2021

Kompilaasje-albums Album Utbrocht opThe Karaoke Album27 septimber 1997Blast from the Past20 juny 2000Heading for Tomorrow / Sigh No More2010Insanity and Genius / Land of the Free2010Majestic / Land of the Free II2010Alright! 20 Years of Universe22 septimber 2010The Best Of30 jannewaris 2015

Kategory:Dútske metalband Kategory:Band oprjochte yn 1989