Edgar Rice Burroughs (Chicago, 1 septimber 1875 – Encino (Kalifornje), 19 maart 1950) wie in Amerikaansk skriuwer, dy't it bekendst waard as de geastlike heit fan 'e held en master fan it oerwâld Tarzan. Njonken aventoerefiksje yn it ramt fan 'e Tarzan-romans en oare searjes skreau Burroughs ek science fiction, lykas de Barsoom-rige oer de heldhaftige Martiaanske aventoersman John Carter, fantasy, lykas de Pellucidar-searje oer in ferlerne wrâld yn it binnenste fan 'e Ierde, en fierders histoaryske romans en westerns. Yn syn eigen tiid waarden syn wurken oer it algemien beskôge as pulpromans, mar nettsjinsteande dat hawwe fral de Tarzan-romans in bliuwende ynfloed op 'e Westerske kultuer útoefene.
Libben en karriêre Jonkheid en oplieding Burroughs waard yn 1875 yn in begoedige fermidden berne yn Chicago, yn 'e Amerikaanske steat Illinois, as de fjirde soan fan majoar George Tyler Burroughs (1833-1913), in sakeman en feteraan út 'e Amerikaanske Boargeroarloch, en dy syn frou Mary Evaline Zieger (1840-1920). Hy wie fan heitekant fan etnysk Ingelsk en fan memmekant fan etnysk Dútsk komôf. Syn middelnamme, Rice, wie de famkesnamme fan syn beppe oan heitekant, Mary Rice Burroughs (1802-±1870).
Syn ûnderwiis genoat Burroughs oan in stikmannich pleatslike skoallen yn Chicago. Under de grutte grypepidemy fan Chicago, yn 1891, brocht er in healjier troch op 'e ranch fan ien fan syn bruorren oan 'e igge fan 'e rivier de Raft yn 'e steat Idaho. Nei't er de middelbere skoalle trochrûn hie, waard Burroughs nei Andover, yn Massachusetts, stjoerd om fierder te learen oan 'e Phillips Akademy. Dêrnei gied er nei de Militêre Akademy fan Michigan yn Orchard Lake Village, yn 'e neite fan Detroit, om syn oplieding te foltôgjen. Burroughs studearre dêr ôf yn 1895.
It wie de bedoeling dat er doe nei de Amerikaanske Militêre Akademy yn West Point (New York) gean soe, om ta ofsier yn it Amerikaanske Leger oplaat te wurden, mar Burroughs slagge net foar syn talittingseksamen. Dêrom naam er as sljochtwei soldaat tsjinst by it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint yn Fort Grant, yn wat doe noch it Territoarium Arizona wie, mei as wierskynlike bedoeling om troch de rangen op te klimmen en sa dochs noch ofsier te wurden. Nei't der lykwols in hertkwaal by him fêststeld wie, wat him ûngeskikt foar fierdere tsjinst makke, waard er yn 1897 earfol út it Amerikaanske Leger ûntslein.
Karriêre Nei't er ôfswaaid wie út it leger, doarme Burroughs in hoart om. Hy wurke in skoft op in ranch yn Idaho, mar bedarre úteinlik wer yn Chicago, dêr't er yn 1899 by it bedriuw fan syn heit oannommen waard. Yn 1904 naam er ûntslach en begûn los wurk te dwaan, earst yn Idaho en letter yn Chicago. Tsjin 1911, doe't er al sân jier leechbetelle baantsjes hân hie, wurke Burroughs by in gruthannel yn potleadslipers.
Yn dy snuorje hie Burroughs in protte frije tiid, dy't er opfolle mei it lêzen fan pulptydskriften. Yn 1929 soed er by in fraachpetear mei The Washington Post fertelle hoe't er derby kaam om sels skriuwer te wurden: "[…] as minsken betelle krigen foar it skriuwen fan sokke rommel as dy't ik yn guon fan dy blêden lies, [tocht ik] dat ik wol krekt sokke rommel skriuwe koe. Sterker noch, hoewol't ik noch nea in ferhaal skreaun hie, wie ik der folslein wis fan dat ik ferhalen skriuwe koe dy't krekt sa fermaaklik en wierskynlik noch folle fermaakliker wêze soene as alles dat ik yn dy tydskriften lies." Mei't er lykwols syn goede namme net ferdwaan woe, liet Burroughs, alteast yn 't earstoan, syn wurk publisearje ûnder it pseudonym Norman Bean.
Burroughs syn earste roman, Under the Moons of Mars, waard as fúljeton publisearre yn edysjes fan it tydskrift The All-Story, dy't útkamen fan febrewaris oant july 1912. Under the Moons of Mars wie behalven de debútroman fan Burroughs ek it earste diel fan 'e Barsoom-searje, oer de heldhaftige Ierdling John Carter, dy't ûnferwachts transportearre wurdt nei de planeet Mars (dy't bewenne blykt te wêzen) en dêr it iene aventoer nei it oare belibbet. Burroughs fertsjinne oan Under the Moons of Mars $400 (wat yn hjoeddeistich jild delkomt op $9.775). Yn boekfoarm waard Under the Moons of Mars foar it earst yn 1917 publisearre, troch útjouwerij A.C. McClurg fan Chicago, hoewol ûnder in oare titel: A Princess of Mars. Dy namme hat de roman neitiid altyd holden.
Al rillegau joech Burroughs syn oare wurk deroan en begûn er him foltiids oan syn skriuwkarriêre te wijen. Tsjin 'e tiid dat it fúljeton fan Under the Moons of Mars folslein publisearre wie, hied er al twa oare romans foltôge, wêrûnder syn bekendste en ynfloedrykste wurk, Tarzan of the Apes. Dat gie oer de held Tarzan, de soan fan in aadlik Britsk troud pear dat nei in skipbrek strânet op in ûnbewenne diel fan 'e Afrikaanske kust. Hja komme dêr al rillegau om, mar harren poppe wurdt grutbrocht troch in gorilla en groeit yn it wyld op. Hy ûntwikkelet op dy manear in ynstinktyf begryp fan 'e wylde dieren en groeit út ta de master fan it oerwâld, en rekket lang om let fereale op Jane Porter, de dochter fan in blanke Amerikaanske sindeling.
Tarzan of the Apes waard fan oktober 1912 ôf as fúljeton yn The All-Story publisearre, en ferskynde yn 1914 by McClurg as boek. In twadde roman yn 'e Tarzan-rige, The Return of Tarzan, folge yn 1913 as fúljeton en yn 1915 as boek. Noch 22 oare romans oer Tarzan kamen by Burroughs syn libben út, mei dêropta wiene der twa dy't postúm ferskynden. Tarzan wie Burroughs syn meast súksesfolle searje. It personaazje fan Tarzan wie in kulturele sensaasje doe't er yntrodusearre waard, en Burroughs wie wisberet om fan dy populariteit op eltse mooglike wize te profitearjen. Dêrta risselwearre er om 'e Tarzan-ferhalen adaptearje te litten ta strips, films en wat tsjintwurdich merchandising neamd wurde soe. Doetiidske ekspêrs retten him dat ôf, om't neffens harren sokke ferskillende media inkeld mei-inoar konkurrearje soene, mei as gefolch in delgong yn populariteit. Burroughs sette syn sin troch en bewiisde dat de ekspêrs it mis hiene: it publyk woe Tarzan hawwe hoe't se him mar krije koene. It personaazje groeide binnen tweintich jier út ta in wier kultureel ikoan dat sa'n ynfloed krige op 'e Westerske kultuer dat it tsjintwurdich net mear wei te tinken is.
Yn 1915 of 1919 (de boarnen sprekke inoar tsjin) kocht Burroughs in grutte ranch yn Súdlik Kalifornje, fuort benoarden Los Angeles, dy't er nei syn held Tarzan 'Tarzana' neamde. De ynwenners fan 'e mienskip dy't al rillegau om dy ranch hinne groeide, stimden yn 1927 foar it behâld fan dy namme doe't harren mienskip in formeel plak waard: Tarzana (Kalifornje). Datselde jiers waard ek yn 'e steat Teksas in doarp stifte dat Tarzan (Teksas) hiet.
Njonken de aventoereromans oer Tarzan en Jane en de science fiction-romans fan 'e Barsoom-rige, dêr't alve dielen fan ferskynden, skreau Burroughs ek oare searjes en sjenres. Sa hearde de Pellucidar-searje, wêryn't in ferlerne wrâld yn it holle binnenste fan 'e Ierde ûntdutsen wurdt, ta it fantasysjenre. (Burroughs ferbûn de Pellucidar-boeken mei syn Tarzan-searje troch Tarzan yn Tarzan at the Earth's Core ek nei de ferlerne wrâld yn 'e holle Ierde ôfreizgje te litten.) De Venus-searje en The Moon Maid-trilogy binne krekt as de Barsoom-rige science fiction, de Mucker-searje bestiet út aventoereromans en de Caspak-searje is fantasy. Burroughs skreau ek ferskate op harsels steande aventoereromans, histoaryske romans en westerns. Behalven yn The All-Story publisearre er ek in protte fan syn wurk yn it pulpblêd Argosy. Yn 1923 rjochte er syn eigen útjouwerij op, Edgar Rice Burroughs, Inc., sadat er tenei syn wurk yn eigen behear útjaan koe.
Yn 1941 wenne Burroughs yn Hawaï doe't op 7 desimber fan dat jier de Japanske oanfal op Pearl Harbor plakfûn, wêrby't de Amerikaanske Pasifyske Float yn 'e lagune Pearl Harbor op Hawaï bombardearre waard. Hoewol't er al yn 'e sechstich wie, frege en krige Burroughs neitiid tastimming om yn 'e Twadde Wrâldoarloch as oarlochskorrespondint te tsjinjen. Oer dat diel fan syn libben skreau William Brinkley letter de bestseller Don't Go Near the Water. Nei ôfrin fan 'e oarloch kearde Burroughs werom nei Súdlik Kalifornje, dêr't er him nei wenjen sette yn Encino.
Priveelibben Yn jannewaris 1900 troude Burroughs mei Emma Hulbert (1876-1944), mei wa't er as teenager al ferkearing hân hie. Mei har krige er trije bern: dochter Joan (1908-1972), dy't letter trouwe soe mei James Pierce, in akteur út Tarzan-ferfilmings; soan Hulbert (1909-1991); en soan John Coleman Burroughs (1913-1979), dy't sels ek skriuwer, mar fral yllustrator waard. De Amerikaanske regisseur Wes Anderson is in oerpakesizzer fan Burroughs, en de akteur Reid Markel is in betoerpakesizzer.
Yn 'e 1920-er jierren waard Burroughs in piloat nei't er in Security Airster S-1 oanskaft hie. Hy fitere de leden fan syn gesin oan om ek it fleanbrevet te heljen. Yn 1934 einige syn houlik mei Emma yn in skieding, wêrnei't er yn 1935 wertroude mei de eardere aktrise Florence Gilbert Dearholt, in skieden frou dy't earder troud west hie mei syn freon Ashton Dearholt. Nei dat houlik adoptearre Burroughs de beide bern fan syn nije frou. Harren houlik hold lykwols gjin stân en einige yn 1942 yn in nije skieding.
Ferstjerren Nei in perioade fan oanboazjende minnichte kaam Edgar Rice Burroughs op 19 maart 1950 yn syn wenplak Encino te ferstjerren yn 'e âlderdom fan 74 jier. Hy hie doe krapoan 80 romans skreaun.
Auteur Ray Bradbury sei letter yn in fraachpetear mei it literêr tydskrift The Paris Review: "Edgar Rice Burroughs soe himsels nea beskôge hawwe as ien dy't it spul opskoddet en tagelyk maatskiplike ferplichtings hat. Mar, sa't bliken dien hat – en ik mei dit graach sizze om't it eltsenien freeslik lulk makket – wie Burroughs nei alle gedachten de ynfloedrykste skriuwer yn 'e hiele skiednis fan 'e wrâld." Yn 2003 waard Burroughs ynhuldige as lid fan 'e Science Fiction Hall of Fame.
Wurk Barsoom-searje (science fiction) 1912 – A Princess of Mars (oarspr. titel: Under the Moons of Mars) 1914 – The Gods of Mars 1918 – The Warlord of Mars 1920 – Thuvia, Maid of Mars 1922 – The Chessmen of Mars 1928 – The Master Mind of Mars 1931 – A Fighting Man of Mars 1936 – Swords of Mars 1940 – Synthetic Men of Mars 1948 – Llana of Gathol (ferhalebondel) The Ancient Dead The Black Pirates of Barsoom Escape on Mars Invisible Men of Mars 1964 – John Carter of Mars (ferhalebondel) 1940 – John Carter and the Giant of Mars (fierhinne skreaun troch Burroughs syn soan John Coleman Burroughs) 1942 –Skeleton Men of Jupiter Tarzan-searje (aventoerefiksje mei wat fantasy-eleminten) 1912 – Tarzan of the Apes 1913 – The Return of Tarzan 1914 – The Beasts of Tarzan 1914 – The Son of Tarzan 1916 – Tarzan and the Jewels of Opar 1917 – Jungle Tales of Tarzan (ferhalebondel) Tarzan's First Love The Capture of Tarzan The Fight for the Balu The God of Tarzan Tarzan and the Black Boy The Witch-Doctor Seeks Vengeance The End of Bukawai The Lion The Nightmare The Battle for Teeka A Jungle Joke Tarzan Rescues the Moon 1920 – Tarzan the Untamed (twa novellen) 1919 – Tarzan the Untamed 1920 – Tarzan and the Valley of Luna 1921 – Tarzan the Terrible 1923 – Tarzan and the Golden Lion 1924 – Tarzan and the Ant Men 1928 – Tarzan, Lord of the Jungle 1928 – Tarzan and the Lost Empire 1929 – Tarzan at the Earth's Core 1931 – Tarzan the Invincible 1931 – Tarzan Triumphant 1932 – Tarzan and the City of Gold 1934 – Tarzan and the Lion Man 1935 – Tarzan and the Leopard Men 1936 – Tarzan's Quest 1937 – Tarzan the Magnificent (ferhalebondel) 1936 – Tarzan and the Magic Men 1938 – Tarzan and the Elephant Men 1938 – Tarzan and the Forbidden City 1947 – Tarzan and the Foreign Legion 1963 – Tarzan and the Tarzan Twins (twa novellen foar bern) 1927 – Tarzan and the Tarzan Twins 1936 – Tarzan and the Tarzan Twins, with Bal-da-ja the Golden Lion 1964 – Tarzan and the Madman 1965 – Tarzan and the Castaways (ferhalebondel)