Vortex wie in Nederlânske metalband oprjochte yn Grins troch gitarist Martjo Brongers (Whirlewolf) de band wie aktyf tusken 1979 en 2020. De band brocht yn 1986 syn debútalbum Open the Gate út. De teksten fan de band gean benammen oer horror. Yn 2019 ferstoar gitarist Martjo Brongers oan de gefolgen fan in in falpartij,metalfan 19-12-2019 Vortex-gitarist overleden Mei sjonger Tichelaar hie er ea de ôfspraak makke dat mocht der wat mei ien fan har barre dan soe de band net fjirder gean ûnder de namme Vortex3voor12groningen De metalscene in Groningen, nu en door de jaren heen. Dernei binne de oare bandleden fjirder gien as MetalBats. Yn 2021 waard noch al de EP "Horrible Dolls: A Tribute to Martjo Brongers" útbrocht ûnder de namme Vortex yn neitins oan Brongers. Vortex hat seis studio-albums en ien live-album útbrocht.

Diskografy Studio-albums Album Utbrocht op LabelOpen the Gate1986útbrocht yn eigen behearHammer of the North2003HellionWelcome to Metallandnovimber 2005Drink Bat Blood5 july 2010Mighty MonsterRemains26 septimber 2014ScreamThem Witches27 septimber 2019Gates of Hell

Live-albums Album Utbrocht yn Label Live at Vera 20142014Mighty Monster

Kompilaasje-albums Album Utbrocht opThe Dawning1998First Bite of the Bats25 april 2014The Lost Tapes Vol. 1 -Open the Gate8 jannewaris 2018The Breath / The Demo Yearsfebrewaris 2019

EP Metal Bats - (Febrewaris, 1985) - útbrocht yn eigen behear The Mill - (2000) - Stormbringer Productions Horrible Dolls: A Tribute to Martjo Brongers - (30 april, 2021) - Cruz del Sur Music

Kategory:Nederlânske metalband Kategory:Band oprjochte yn 1979 Kategory:Band opheft yn 1990 Kategory:Band oprjochte yn 1998 Kategory:Band opheft yn 2020