The Meg is in Amerikaansk-Sineesk-Hongkongske science fiction-horrorfilm út 2018 ûnder rezjy fan Jon Turteltaub, mei yn 'e haadrollen Jason Statham en Li Bingbing. De titel ferwiist nei it bist dêr't de film oer giet. It ferhaal folget in groep wittenskippers dy't op 'e boaiem fan 'e Marianentrôch yn 'e Stille Oseaan de 23 m lange megalodon ûntdekke, in haaiesoarte wêrfan't tocht waard dat dy al ferskate miljoenen jierren útstoarn wie. The Meg krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, mar wie in grut súkses yn 'e bioskopen. Yn 2023 kaam der in ferfolchfilm út: Meg 2: The Trench.

Plot In rêdingsteam ûnder lieding fan Jonas Taylor besiket op 'e boaiem fan 'e Súdsineeske See in groep seelju te rêden dy't fêstsitte yn in sonken nukleêre ûnderseeër. Under de rêdingsoperaasje sjocht Taylor hoe't de romp fan it skip yndûkt wurdt as it raamd wurdt troch in ûnbekend wêzen. Twa maten fan Taylor komme dêrtroch fêst te sitten yn 'e lek rekke ûnderseeër. Underwilens bringt Taylor in ferwûne matroas nei syn eigen dûkboat. Syn maten freegje him om werom te kommen om harren te helpen, mar Taylor beseft dat hy en de sân oerlibbenen fan 'e ûnderseeër ek omkomme sille as syn dûkboat noch mei de ûnderseeër ferbûn is as dy troch de wetterdruk ymplodearret. Dêrom nimt er it drege beslút om syn maten efter te litten en syn dûkboat los te meitsjen fan 'e ûnderseeër. Fuort dêrnei fynt yndie de ymploazje plak. Neitiid beweart Taylor dat in grut seewêzen de ûnderseeër raamd en de ramp feroarsake hawwe moat, mar syn teammaat dokter Heller ferwiist dat ferhaal nei it ryk fan 'e fabels en leaut dat Taylor lêst hie fan in troch druk feroarsake psychoaze. Hy beskuldiget him fan leffens en jout him de skuld fan 'e dea fan harren maten.

Fiif jier letter arrivearret miljardêr Jack Morris op 'e Mana One, in ûnderwetterfasiliteit foar wittenskiplik ûndersyk yn 'e Súdsineeske See wêrfan't hy de bou finansierd hat. Hy moetet dêr dr. Zhang Minwei, dy't oan it haad stiet fan it ûndersyksprojekt, en dy syn dochter Zhang Suyin, in marine biologe, en pakesizzer, de achtjierrige Meiying. Op 'e Mana One wurdt ûndersyk dien nei de Marianentrôch, dêr't fan 'e hiele wrâld de see it djipst is. De ûndersikers binne lykwols ta de konklúzje kommen dat wat foarhinne beskôge waard as de boaiem fan 'e trôch eins in ynverzjelaach is, besteande út in termokline wolk fan wetterstofsulfide. Dêrûnder blykt noch in see skûl te gean dy't in stik waarmer is as de djipsee boppe de wolk, en dêr't sadwaande in hiele en folslein ûnbekende bistewrâld bestiet.

De Origin, in trijemansdûkboat, is al ûnderweis nei ûnderen, mei oan board Lori, Toshi en The Wall. De operaasje liket te gean dat it slydjaget. De dûkboat lit him troch de termokline wolk hinne sakje en begjint de ûndersee te ferkennen. Mar it spul rint mis as de Origin oanfallen wurdt troch in tige grut wêzen, wêrnei't it kontakt mei de Mana One ferlern giet. Dokter Heller, dy't foar sûnenssoarch oan 'e Mana One ferbûn is, ûntfangt lykwols noch wol fysiologyske data fan 'e Origin, dat hy sjocht dat de trije bemanningsleden noch libje. Tsjin 'e beswieren fan Heller en Suyin yn reizgje Zhang en syn foarman James "Mac" Mackreides ôf nei Tailân om 'e help yn te roppen fan Taylor, dy't yn 'e tuskenlizzende jierren oan legerwâl rekke is om't er oanhâldend ompakt mei de dea fan syn teammaten. Taylor wol neat witte fan in rêdingsoperaasje foar de Origin, oant Mac him ferteld dat Taylor syn eks-frou Lori ien fan 'e bemanningsleden is.

Underwilens wit The Wall (dy't sa neamd wurdt om't er in reuseftich grutte en grouwe keardel is) de enerzjyfoarsjenning fan 'e Origin te reparearjen. As de lampen fan 'e dûkboat oangeane, folget der lykwols in nije oanfal, wêrby't de dûkboat omrôlet en Lori slim ferwûne rekket trochdat se op in skroevedraaier delkomt. Yn 'e Mana One kin Heller oan har fysiologyske data sjen dat se deabliedt. Suyin beslút om harsels yn in ienpersoansdûkboatsje, in glider, nei de ûndersee sakje te litten en de Origin op sleeptou te nimmen. Wylst se noch ûnderweis is, keare yn 'e Mana One har heit en Mac werom mei Taylor. Nei in lulke konfrontaasje mei Heller set Taylor yn in trijemansdûkboat, de Evolution, efter Suyin oan, wêrby't er alle feilichheidsfoarskriften oan syn lears lapet om sa fluch mooglik de seeboaiem te berikken.

Underwilens arrivearret Suyin yn 'e ûndersee, dêr't se de Origin weromfynt en besiket in sleeptou fêst te meitsjen, mar ear't se dat foarinoar krije kin, wurdt har glider oanfallen troch in reuseftige pylkinketfisk. It bist oefenet sa'n druk út dat de glider op it punt stiet om dêrûnder te beswiken, mar dan wurdt de pylkinketfisk sels oanfallen en deabiten troch in megalodon, in haai fan 23 m lang dy't nei't men tocht ferskate miljoenen jierren lyn al útstoarn wie. Taylor berikt de termokline wolk en lit him dêrtrochhinne sakje. Hy hjit Suyin om 'e lampen fan har glider út te dwaan, mei't dy de haai oan lykje te lûken, mar it kompjûtersysteem fan 'e skansearre glider wegeret te reägearjen op Suyin har opdrachten. Taylor rêdt har libben troch de haai fuort te lokjen, sadat sy troch de termokline wolk út 'e ûndersee ûntkomme kin om werom te gean nei de Mana One.

Taylor slút it tagongslûk fan 'e Evolution oan op dat fan 'e Origin en wit sa Lori en The Wall oan board te krijen. As lykwols troch sonar dúdlik wurdt dat de megalodon weromkomt, slút Toshi it lûk fan syn kant ôf, sadat de Evolution fuortkomme kin ear't de haai de Origin wer oanfalt. Diskear nimt it bist de dûkboat alhiel yn 'e bek en byt him stikken. As dêrby in hydrotermale boarne op 'e seeboaiem rekke wurdt, folget der in reuseftige ûntploffing. Yn 'e Evolution berikke, Taylor, Lori en The Wall feilich de Mana One, dêr't Lori ûnder behanneling fan dokter Heller steld wurdt. Dyselde biedt neitiid oan Taylor syn ûntskuldigings oan om't er him earder net leaud hie, mar Taylor wiuwt dat fuort en seit dat se nearne mear oer prate sille as Heller Lori it libben rêdt.

Wylst de bemanning fan 'e Mana One him deroer besaut dat de megalodon noch bestiet, boartet Meiying, it dochterke fan Suyin, op ien fan 'e legere ûnderwetterferdjippings fan 'e ûndersyksfasiliteit, dêr't men in prachtich útsjoch wei hat op it libben yn see. Hja kriget de skrik fan har libben as in megalodon har besiket oan te fallen troch dwers troch in finster te biten. Dat slagget net, mar de toskleasten fan it bist steane dúdlik yn 'e wapene keunststof fan it rút. As it famke weromfûn wurdt troch Suyin, Taylor en Mac, sjogge se alle trije hoe't de Megalodon lyk foar it finster in walfisk ferslynt. De bemanning ûntdekt dat de ûntploffing fan 'e hydrotermale boarne in tydlike fersteuring fan 'e termokline wolk feroarsake hat, dy't it mooglik makke hat foar de megalodon om te ûntsnappen út 'e ûndersee dêr't de bisten al miljoenen jierren finzen sitte.

As der net fier fan 'e Mana One ferskate skippen hommels fan 'e radar ferdwine, geane Zhang-en-dy derfan út dat de megalodon dêrfoar ferantwurdlik is. Se farre op in ûndersyksskip nei dat plak ta en ûntdekke dêr de wrakstikken fan ferskate skippen, dêr't neat mear fan oer is. Se beslute om te besykjen de megalodon te ynjektearjen mei etorfine, in gifstof, mar dêrfoar moat it bist earst tarist wurde mei in GPS-tracker, sadat se syn bewegings yn 'e rekken hâlde kinne. Taylor weaget him yn it wetter en wit de megalodon sa nei-oan te kommen dat er de tracker yn 'e rêchfin sjitte kin, mar dêrnei wurdt er ûnderweis werom nei it ûndersyksskip suver opfretten. Suyin giet dêrnei yn in keunstof haaiekoai dy't frijwol ûnbrekber is, te wetter om 'e megalodon de gifynjeksje te jaan. Dêrfoar wurdt it bist lokke mei chum (it bluodderige rotsjende yngewant fan fisken).

De megalodon komt dêr op ôf en Suyin wit him de ynjeksje ta te tsjinjen, mar de rôffisk nimt de haaiekoai yn 'e bek en driget dy yn syn gehiel troch te slokken. Ta oermjitte fan ramp rekket it dûkmasker fan Suyin stikken, sadat har soerstof begjint fuort te lekken. Taylor dûkt jitris yn see en befrijt Suyin mei gefaar foar eigen libben út 'e koai, wêrnei't er har mei werom nei it skip nimt om har dêre mei mûle-op-mûlebeäzeming wer by te bringen. It gif wurket en de megalodon giet dea. It reuseftige bist wurdt mei in kraan oan board fan it ûndersyksskip tilt. De bemanning is alhiel útskroeven om't de operaasje slagge is sûnder dat der deaden of ferwûnen by fallen binne, mar Taylor stelt fêst dat de bek fan 'e deade megalodon te lyts is om 'e toskleasten yn it rút fan 'e Mana One feroarsake te hawwen.

Op dat stuit springt der in oare, gruttere megalodon út it wetter, dy't The Wall ferslynt en him fêstbyt yn it kadaver fan 'e deade megalodon. Dat skuort er mei de see yn, mei as gefolch dat it ûndersyksskip kapseist. De hiele bemanning komt sa te wetter, dêr't Zhang slim ferwûne rekket as de rubberboat boppe-op him falt. Suyin, Mac, Morris en de swarte technikus D.J. witte op it ûnderstboppest driuwende skip te klimmen, dêr't Taylor him mei Zhang by harren jout. Dokter Heller en de froulike technikus Jaxx binne lykwols in hiel ein fan it skip ôf rekke. As de rêchfin fan 'e megalodon omkeart en weromkomt, oarderet Heller Jaxx om sa fluch mooglik nei it skip te swimmen, wylst er sels tagelyk safolle mooglik leven begjint te meitsjen. Dêrmei lokket er de megalodon nei him ta, dy't him opfret, wylst Jaxx op 'e tiid it skip wit te berikken. Neitiid swimt Mac nei de mei in bûtenboardmotor tariste rubberboat ta, wêrnei't de bemanning dêryn ûntkomt nei de Mana One, wylst se kilometers lang troch de megalodon efterfolge wurde. Underweis beswykt Zhang oan syn ferwûnings.

Werom oan board fan 'e Mana One makket Jack Morris bekend dat er kontakt opnommen hat mei de autoriteiten yn Sina, Fjetnam, Tailân, Yndoneezje en oare omlizzende lannen. De marines fan dy lannen sille de jacht op 'e megalodon oernimme, sadat de bemanning fan 'e Mana One der net mear efteroan hoecht. Koarte tiid dêrnei set er ôf yn in helikopter, sabeare om nei hûs. Oan board fan 'e helikopter docht lykwols bliken dat Morris sels efter de megalodon oan wol, mei't er deabenaud is foar skeaclaims fan slachtoffers of har djipdrôven. Mei in stikmannich hierlingen set er ôf yn in boat. By nacht miene se de megalodon fûn te hawwen en litte syn mannen út 'e helikopter wie eksplosiven falle. As it bist goed dea is, bejout Morris him yn in boat nei it driuwende kadaver ta, om't er in pear tosken fan it meunster hawwe wol. It docht lykwols bliken dat it kadaver gjin tosken hat: se hawwe in burdwalfisk deamakke. As Morris dêrop befel jout om sa fluch mooglik by it kadaver wei te farren, rûgelet er oerboard as de boat ynienen fol gas ôfset. Hy besiket op it kadaver te klimmen, mar wurdt troch de megalodon ferswolge as dy dêr in hap út nimt.

Underwilens hat Mac ûntdutsen dat Morris harren foarliigd hat: de autoriteiten witte fan neat. It slagget him ek net om harren fan 'e earnst fan 'e sitewaasje te oertsjûgjen, mei't se him foar gek ferklearje as er seit dat der in prehistoaryske haai út 'e djipsee opdûkt is. As se foar it ferstân krije dat de megalodon ûnderweis is nei it drokbesochte strân fan 'e Sanyabaai op it Sineeske eilân Hainan, beslút de bemanning fan 'e Mana One der op 'e nij efteroan te gean, om't sy de iennichsten binne dy't in bloedbad foarkomme kinne. Dat se sette efter it bist oan mei it skip dat Morris chartere hie om 'e Mana One te evakuëarjen.