Die Hard is in Amerikaanske aksjefilm út 1988 ûnder rezjy fan John McTiernan, mei yn 'e haadrollen Bruce Willis en Alan Rickman. De titel hat de letterlike betsjutting fan "ien dy't dreech stjert", wat yn dit gefal yndie sa opfet wurde kin, hoewol't der ornaris yn 'e figuerlike sin in "taaienien" mei bedoeld wurdt.

It ferhaal giet oer de New Yorkske plysjeman John McClane, dy't mei de kryst yn Los Angeles arrivearret om 'e feestdagen mei syn bern en syn fan him ferfrjemde frou Holly troch te bringen. As er Holly ôfhellet fan 'e krystfiering op har wurk, wurdt it gebou, krekt as hy dêr is, ynnommen troch in groep Dútske kriminelen û.l.f. Hans Gruber, dy't de oanwêzigen yn gizeling nimme. Inkeld McClane bliuwt op frije fuotten. Neitiid moat er sjen om Gruber-en-dy tsjin te hâlden.

Die Hard krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie yn 'e bioskopen in kommersjeel súkses. De film wurdt tsjintwurdich yn 'e regel beskôge as ien fan 'e bêste aksjefilms aller tiden. It súkses joech oanlieding ta it ûntstean fan 'e Die Hard-mediafranchise, mei fjouwer ferfolchfilms en adaptaasjes ta oare media. It direkte ferfolch wie Die Hard 2, dat útkaam yn 1990.

Plot Op krystjûn arrivearret John McClane, in resjersjeur fan it New York Police Department, yn Los Angeles. Syn doel is om him te fermoedsoenjen mei syn fan him ferfrjemde rekke frou Holly en om dêrnei de kryst en âld en nij mei har en harren lytse bern Lucy en John jr. troch te bringen. Holly is in healjier earder nei Los Angeles ferfearn foar har wurk, om't se dêr promoasje meitsje koe yn it Japanske bedriuw dêr't se foar wurket, de Nakatomi Corporation. McClane gokte derop dat it neat wurde soe, mar hy wie mis, en no hat er mei syn dwersens syn houlik suver om hals brocht. Hy wurdt op 'e Ynternasjonale Lofthaven fan Los Angeles ôfhelle troch Argyle, de jonge, swarte sjauffeur fan in limûsine dy't stjoerd is troch Holly har baas, Joseph Takagi.

Argyle riidt McClane nei de Nakatomi Tower, de wolkekliuwer dy't de Nakatomi Corporation yn Los Angeles sette lit, wêrfan't de boppeste ferdjippings noch yn oanbou binne. Om't McClane net krekt wit hoe't er troch Holly ferwolkomme wurde sil, praat er mei Argyle ôf dat er syn bagaazje yn 'e limûsine efterlit, en dat Argyle neier berjocht fan him ôfwachtet yn 'e parkearkelder ûnder de wolkekliuwer. McClane wurdt nei de 30e ferdjipping ta stjoerd, dêr't in krystfiering geande is fan it management fan it bedriuw. Holly ûnthellet him ferrast mar freonlik, mar sy en McClane krije al rillegau wer rûzje. Wylst McClane him wat opfrist, docht er de skuon en de sokken út, om't er yn it fleantúch in mei-reizger troffen hat neffens wa't it ta in 'fûst' opkrôljen fan 'e teannen it bêste middel tsjin jetlag is.

Krekt op dat stuit kringt in swierbewapene binde fan Dútske kriminelen de wolkekliuwer binnen. De groep stiet ûnder lieding fan Hans Gruber en omfiemet fierders Karl, Tony, Franco, Theo, Alexander, Marco, Kristoff, Eddie, Uli, Heinrich, Fritz en James. Se fermoardzje de portier en in befeiligingsman, slute it gebou hermetysk ôf en nimme de likernôch tritich feestfierders yn gizeling. McClane wit as iennichste oan finzennimming te ûntkommen troch op 'e tiid út te naaien, mar hy is op bleate fuotten en inkeld klaaid yn in broek en in himd. Underwilens hat Argyle, yn 'e parkearkelder, efteryn syn limûsine plaknommen om nei de ynboude tillefyzje te sjen. Hy hat boppedat de muzyk lûd oan en sjocht en heart sadwaande neat fan 'e hiele ynname fan it gebou.

Gruber nimt Takagi apart en leit him út dat hy en syn mannen gjin terroristen binne, mar dat se it ynstee foarsjoen hawwe op 'e $640 miljoen oan ferhannelbere obligaasjes dy't yn 'e klûs fan 'e Nakatomi Tower lizze. Dy klûs is beskoattele mei sân ûnderskate slotten: fjouwer digitalen, twa meganysken en in elektro-magnetysken-ien. Gruber wol fan Takagi de wachtwurden foar de digitale slotten hawwe. As Takagi antwurdet dat er dy net jaan kin om't er dy ynformaasje simpelwei net hat, sjit Gruber him dea. McClane, dy't fan in sideplak ôf it petear yn 'e rekken hâldt, makket dat er fuortkomt en ferriedt himsels dêrby op in hier nei troch leven te meitsjen.

Neitiid giet Theo, in hacker, oan 'e gong giet mei it iepenjen fan 'e klûs. McClane lûkt him werom nei de boppeste ferdjippings fan it gebou, dy't noch yn oanbou binne. Hy piniget himsels mei skuldgefoelens oer de dea fan Takagi oant er syn gedachten in brûkberder kant út twingt. Hy lit in brânalaarm ôfgean om 'e oandacht fan 'e plysje te lûken, mar Gruber lit ien fan syn mannen it alaarmnûmer opskilje om út te lizzen dat it falsk alaarm is. Gruber hat no lykwols al foar it ferstân dat der noch immen yn it gebou frij omrint. Oan 'e hân fan 'e ferdjipping dêr't it brânalaarm ôfgien is, bepaalt er McClane syn posysje en stjoert dan ien fan syn mannen, Tony, om him út 'e ljochten te helpen. By de fjochtpartij dy't folget, rûgelje McClane en Tony tegearre by in trep del en brekt Tony syn nekke. McClane nimt him syn portofoan, mitrailleur en munysje ôf, mar syn skuon binne him spitigernôch ferskate maten te lyts. Hy stjoert Tony yn 'e lift werom nei ûnderen en riidt sels op it dak fan 'e lift mei, sadat er de reäksjes fan Gruber en de oaren sjen en hearre kin. Sa kriget er in idee oer mei hoefolle oft syn tsjinstanners binne en hoe't se hjitte.

McClane set nei it dak fan 'e wolkekliuwer ta, om't er dêrwei it bêste berik hat, en besiket dan mei de bútmakke portofoan kontakt op te nimmen mei it Los Angeles Police Department (LAPD). Dat slagget, mar fanwegen it eardere falsk alaarm op deselde lokaasje, mient de pleatlike plysje dat se mei in ferfelende grapmakker te krijen hawwe. Pas as Gruber Karl, de broer fan Tony, mei twa oaren fan syn trewanten nei it dak stjoert en McClane syn wanhopige pleidoai ôfbrutsen wurdt troch skotten, beslút men yn 'e meldkeamer fan 'e plysje om immen te stjoeren om it spul te hifkjen. Mei muoite wit McClane it dak te ûntflechtsjen. Fan in legere ferdjipping ôf sjocht er letter brigadier Al Powell yn syn plysje-auto it plein foar de wolkekliuwer opriden. Powell stapt út, sjocht om him hinne en bejout him nei de lobby, dêr't er in petear hat mei de portier (eins Eddie, ien fan Gruber syn mannen). Om't er neat nuvers gewaarwurdt, giet er werom nei syn auto.

Underwilens is McClane folge troch Heinrich en Marco. Dy beiden komme him oer it mad, mar hy wit harren te deadzjen. As er sjocht dat Powell wer fuort sil, brekt er in rút en smyt it lyk fan Marco boppe-op 'e motorkap fan 'e plysje-auto. De oare kriminelen iepenje dêrop fuortendaliks it fjoer op Powell om him út te skeakeljen, mar dy wit mei in wylde rit yn 'e efterút te ûntkommen út harren skotfjild en romt de help yn fan it LAPD. De plysje tsjocht mei mannemacht út en stelt in belegering fan 'e wolkekliuwer yn. McClane treft yn 'e bútmakke tas fan Heinrich C-4-eksplosiven en ûntstekkers oan. Dêrmei bringt er Gruber in gefoelige tik ta, want dy moat de ûntstekkers noch brûke en wol se beslist weromhawwe. De egoïstyske ferslachjouwer Richard Thornburg heart op 'e plysje-radio fan 'e opskuor by de Nakatomi Tower en bejout him dêrhinne mei in kameraploech. As de normale tillefyzjeprogrammearring ûnderbrutsen wurdt troch syn nijsreportaazje, kriget Argyle, dy't noch altyd sûnder euvelmoed yn syn limûsine yn 'e parkearkelder ûnder it gebou sit, foar it earst troch dat der wat mis is.

McClane hâldt fia de portofoan kontakt mei Powell, mar se kinne net frijút prate, mei't Gruber en syn mannen al harren petearen ôfharkje. McClane hâldt dêrom syn identiteit geheim, hoewol't Powell him oan syn praat weromken as in kollega-plysjeman. De ynkompetinte ûnderkommissaris Dwayne T. Robinson nimt de lieding oer de plysje-operaasje oer en beslút in wraam op it gebou te dwaan. It spesjalistyske SWAT-arrestaasjeteam dat er derop útstjoert, wurdt lykwols delmeand troch Gruber syn mannen, en as er in pânserfiertúch foarút stjoerd, brûke James en Alexander anty-tankraketten om it op te blazen. By wize fan ferjilding smyt McClane syn bútmakke eksplosiven mei in kompjûtermonitor as provisoaryske ûntstekking yn in liftskacht. Dat resultearret yn in reuseftige eksploazje dêr't James en Alexander by omkomme. Neitiid nimt Gruber kontakt op mei Robinson en docht himsels mei opsetsin foar as terrorist troch by wize fan ôfliedingsmaneuver de frijlitting fan oare terroristen yn Noard-Ierlân, Kanada en Sry Lanka te easkjen.

Holly hat ûnderwilens de flater begien om oan har ûnbetroubere, kokaïnesnuvende kollega Harry Ellis te fertellen dat de keardel dy't de kriminelen sa dwers sit, har man John McClane is. Ellis beslút dat McClane harren allegearre de dea ynjeie sil as er sa trochgiet. Mei't er yn syn eigen fantasij witwat mânsk is (hoewol't eins neat foarstelt), stapt er nei Gruber ta, dy't er wysmakket dat hy wit wa't de dwersbongel is, nammentlik syn freon John McClane, en dat er him safier krije kin dat er him oerjout. McClane, dy't wol foar it ferstân hat dat Gruber him deameitsje sil as er him oerjout, wegeret mei te wurkjen oan Ellis syn plantsje en smeket de man om Gruber te fertellen dat se inoar amper kenne. Mar Ellis, dy't smoarfol mispleatst selsfertrouwen sit, hâldt oan it lêst ta fol en wurdt troch Gruber deasketten. Troch Ellis syn stunt wit Gruber no wa't er foar him hat, en Thornburg, dy't harren petearen ôfharket, wit dat ek. Syn assistinte spoart Holly har adres op, dêr't Thornburg him hinne hastiget om mar as earste de meast sensasjonele nijsreportaazje meitsje te kinnen.

Gruber moat beslist de ûntstekkers weromhawwe om't hy en syn mannen it meastepart fan harren eksplosiven oanbrocht hawwe ûnder it dak fan 'e wolkekliuwer. As er dy springstofladings ynspektearret, komt McClane him oer it mad, mar Gruber beart dat er in ûntsnapte gizelder is oant McClane him bewapenet mei syn eigen pistoal: dan besiket er McClane dea te sjitten. Mar McClane, dy't ek net gek is, hat him in leech pistoal jûn om him te hifkjen. Gruber wit te ûntkommen as Karl, Franco en Fritz arrivearje en McClane ûnder fjoer nimme. Gruber en Karl efterfolgje him dêrnei troch de kantoarromtes fan it gebou. Mei't Gruber sjoen hat dat McClane op bleate fuotten is, hjit er Karl om alle ruten stikken te sjitten, sadat de flier besiedde komt te lizzen mei glêsskerven. McClane wit te ûntkommen, mar hy snijt himsels dêrby raar yn 'e soallen. Ek ferliest er de tas mei de ûntstekkers, dy't Gruber weromfynt. Mei ferromming stelt dyselde fêst dat syn plan no wer fierder kin.

Wylst McClane him yn in wc-romte by de waskbak de stikken glês út 'e fuotten hellet en syn wûnen ferbynt mei syn smoarge himd, wurdt bûtendoar de lieding oer de belegering fan it gebou oernommen troch twa FBI-aginten, in blanken en in swartenien, dy't allebeide Johnson hjitte. Theo hat ûnderwilens de seis digitale en meganyske slotten fan 'e klûs brutsen, mar it lêste, elektro-magnetyske slot kin er neat mei wurde. Gruber, dy't op 'e hichte is fan it draaiboek fan 'e FBI yn it gefal fan in gizeling, sit der net oer yn. Krekt sa't er al tocht hie, is ien fan 'e earste dingen dy't de beide Johnsons dogge it ôfsluten fan 'e elektrisiteit nei de Nakatomi Tower. Dat stelt it elektro-magnetyske slot bûten wurking, wêrnei't Gruber en Theo de klûs binnenkuierje en de weardepapierren meinimme kinne.