Demons & Wizards wie in powermetalband dy 't as njonkenprojekt oprjochte waard troch de sjonger fan Blind Guardian Hansi Kürsch en gitarist Jon Schaffer fan Iced Earth. Schaffer skreau de muzyk en Kürsch skreau de teksten. De band's line-up by de opname fan harren earste album yn 1999 "Demons & Wizards" bestie út Mark Prator, dy 't earder de drummer wie op in tal Iced Earth-albums, en Jim Morris, op gitaar. It personiel foar it twadde album "Touched by the Crimson King", útbrocht yn 2005, omfette Jim Morris wer op gitaar en Bobby Jarzombek op drums. De band brocht yn 2020 in tredde studioalbum út, "III", mar Kürsch en Schaffer giene begjin 2021 útinoar, neidat dúdlik wurden wie dat Jon Schaffer belútsen wie by de Bestoarming fan it Kapitoal.
Diskografy Studio-albums Album Utbrocht op Label Single(s) Demons & Wizards1999SteamhammerDemons & WizardsTouched by the Crimson King27 juny 2005III21 febrewaris 2020 Century MediaDiabolic,Midas Disease,Wolves in Winter
Kategory:Amerikaanske metalband Kategory:Dútske metalband Kategory:Band oprjochte yn 1998 Kategory:Band opheft yn 2021