Samuel Crompton (Bolton, 3 desimber 1753 - dêre, 26 juny 1827) wie in Britsk útfiner. Hy waard ferneamd troch syn útfining de Mule Jenny, in masine dy 't wrâldwiid in revolúsje yn de yndustry feroarsake.

Libben en wurk Samuel Crompton waard berne yn Bolton, Lancashire as soan fan George en Betty Crompton (Elizabeth Holt fan Turton). Syn heit wie konsjerzje yn it deunby lizzende Hall i' th' Wood. Samuel hie twa jongere suskes. Doe 't er in jonge wie ferlear er syn heit en moast er bydrage oan it gesinsûnderhâld troch jern te spinnen, wêrby't er it spinnen learde op de spinmasine fan James Hargreaves. De tekoartkommingen fan de Jenny brochten him op it idee wat betters te betinken. Hy wurke dêr fiif of seis jier lang oan yn it geheim. De ynspanning slokte al syn frije tiid en jild op, ynklusyf it jild dat er fertsjinne troch fioele te spyljen yn it teäter fan Bolton.

Op 16 febrewaris 1780 boaske Crompton yn de parochytsjerke fan Bolton oan Mary Pimlott (of Pimbley). Sy krigen acht bern; soan George Crompton (berne op 8 jannewaris 1781), gie fierder mei it famyljebedriuw.

Mule Jenny thumb|240px|left|De Mule Jenny fan Samuel Crompton De Mule Jenny (Ingelsk: Spinning Mule / The Mule) is de ferbettering fan James Hargreaves syn Spinning Jenny en Richard Arkwrights Water Frame. De Mule Jenny koe de gaadlike dikte fan tried spinne foar kleanmakkerij, wylts de Spinning Jenny en de Water Frame te swak of tsjok tried spon.

Earbetoan Op 24 septimber 1862 waard in stânbyld fan Crompton ûntbleate op Nelson Square yn Bolton yn oanwêzigens fan 10.000 taskôgers. Dat wie it earste stânbyld yn Bolton dat publyklik pleatst waard. It evenemint waard begelaat troch 23 muzykgroepen.GracesGuide: Samuel Crompton

Kategory:Ingelsk útfiner Kategory:Persoan berne yn 1753 Kategory:Persoan stoarn yn 1827