Fantômas is in metalband dy 't as njonkenprojekt oprjochte waard troch de sjonger fan Faith No More, Mike Patton gitarist Buzz Osborne fan Melvins, Trevor Dunn fan Tomahawk en Dave Lombardo fan Slayer. De band is ferneamd nei Fantômas, in supersmjunt dy't foarkomt yn in rige misdiedromans dy 't populêr wie yn it Frankryk fan foar de Earste Wrâldkriich, en yn films, benammen yn Frânske filmsearjes út de jierren 60. Yn 1999 kaam it debútalbum Fantômas út. Fantômas hat fjouwer studio-albums en ien live-album útbrocht.
Skiednis Fantômas begûn krekt foar it yninoarstoarten fan Faith No More, as in rige krampeftige, avant-garde metal / grindcore-nûmers komponearre troch sjonger en bandlieder Mike Patton. Patton stjoerde de demo's dêrnei nei gitarist Buzz Osborne (fan Melvins), basgitarist Trevor Dunn (fan Tomahawk) en drummer Igor Cavalera (fan Sepultura), mei de bedoeling in supergroep te foarmjen. Cavalera sloech it oanbod ôf, mar advisearre wol wa't er tocht dat perfekt wêze soe foar it projekt: Dave Lombardo fan Slayer, dy 't it akseptearre. De band hat al syn albums útbrocht fia Patton's ûnôfhinklike label Ipecac, mar ynearsten wie der ynteresse fan ferskate promininte platelabels, benammen fanwege it kommersjele sukses fan Patton mei Faith No More.
Diskografy Studio-albums Album Utbrocht op Label Single(s) Fantômas27 april 1999IpecacThe Director's Cut10 juny 2002Experiment in Terror (Henry Mancini cover)Delìrium Còrdia27 jannewaris 2004Suspended Animation5 april 2005
Live-albums Album Utbrocht op Label The Director's Cut Live:A New Year's Revolution6 septimber 2011 Ipecac
Kategory:Amerikaanske metalband Kategory:Band oprjochte yn 1998