Klaas Tuinstra (Sint-Anne, 10 febrewaris 1945 – dêre, 2 febrewaris 2022) wie in Nederlânsk politikus fan Frysk komôf út namme fan de ARP en letter it CDA.

Karriêre Tuinstra wie in Frysk Twadde Keamerlid fan it CDA dy't as aktuaris (fersekeringswiskundige) oplaat wie en syn politike karriêre begûn by ARJOS. Al mei jonge jierren wie er polityk aktyf as ARP-riedslid fan It Bilt en as Frysk Steatelid. Hy wurke by in fersekeringsmaatskippij en wie letter bedriuwsanalist. Yn 'e Twadde Keamer wie er wurdfierder op ûnderskate terreinen dy't gearhongen mei ynkommens en finansiering.

Tuinstra wie yn de jierren njoggentich adviseur fan it Wittenskiplik Ynstitút foar it CDA op it mêd fan finansjeel- en sosjaal-ekonomyske fraachstikken. Syn rapporten leine mei de basis foar de herfoarmingsaginda fan de kabinetten-Balkenende.Oud-Kamerlid en adviseur Klaas Tuinstra overleden. Frysk Deiblêd, 5 febrewaris 2022, s. 13

Kategory:ARP-politikus Kategory:CDA-politikus Kategory:Frysk gemeenteriedslid Kategory:Twadde Keamerlid Kategory:Biltsk persoan Kategory:Persoan berne yn Sint-Anne Kategory:Persoan berne yn 1945 Kategory:Persoan stoarn yn 2022