Doctor Zhivago (Italjaanske titel: Il Dottor Živago) is in Amerikaansk-Britsk-Italjaanske histoaryske romantyske dramafilm út 1965 ûnder rezjy fan David Lean, mei yn 'e haadrollen Omar Sharif en Julie Christie. De titel ferwiist nei de haadpersoan. De film waard basearre op 'e histoaryske roman Doktor Zjivago, fan 'e Russyske skriuwer Boris Pasternak, dy't yn 1957 útjûn waard yn Itaalje om't syn wurk yn 'e Sovjet-Uny ferbean wie. It ferhaal folget Joeri Zjivago (transliteraasje nei de Ingelske stavering: Yuri Zhivago), in troude dokter waans libben folslein feroare wurdt troch de Russyske Revolúsje fan 1917 en de dêropfolgjende Russyske Boargeroarloch. Tsjin dy eftergrûn hat er ferskate moetings mei de ûngelokkige Lara Antipova, mei wa't er úteinlik in bûtenechtlike relaasje kriget.

By it útkommen fan Doctor Zhivago wiene de doetiidske filmkritisy oer it algemien wat teloarsteld. Hja klagen oer de spyldoer fan mear as trije oeren en fûnen dat de film de skiednis fan Ruslân trivialisearre, mar erkenden de yntinsiteit fan it leafdesferhaal en de behanneling fan minsklike tema's yn 'e film. Nettsjinsteande dat wie Doctor Zhivago in reuseftich kommersjeel súkses yn 'e bioskopen en wûn de film fiif Oscars, fiif Golden Globes (wêrûnder de priis foar bêste dramafilm) en in Grammy Award. Meitiid groeide de reputaasje fan 'e film tige by tige, en tsjintwurdich wurdt Doctor Zhivago oer it algemien beskôge as ien fan 'e bêste films ea makke en miskien wol de bêste romantyske film aller tiden.

Plot De film begjint mei in ramtferhaal, dat spilet oan 'e ein fan 'e 1940-er jierren of yn 'e 1950-er jierren. Luitenant-generaal Jevgraf Andrejevitsj Zjivago fan 'e KGB besiket in fabryk by in keardaam, dêr't er in jonge wurknimster, Tanja Komarova, by him bringe lit. Hy is derfan oertsjûge dat hja de as jong bern fermist rekke dochter is fan syn healbroer, dokter Joeri Andrejevitsj Zjivago, en dy syn mêtresse Larissa "Lara" Antipova. Tanja is earst neat te wiis mei de oandacht fan in heechpleatste KGB-funksjonaris, en hâldt har sadwaande op 'e flakte. Om har fertrouwen te winnen, fertelt Jevgraf har it libbensferhaal fan syn healbroer (har heit).

Op jonge leeftyd ferliest Joeri yn Sibearje syn mem, sadat er wees wurdt. Syn mem hat foar har dea lykwols beävensearre dat har freondinne Anna foar har soan soargje sil, dat nei de begraffenis wurdt Joeri meinommen nei Moskou, troch Anna en har man Aleksandr Gromeko. Hy groeit dêr fierder op mei Tonja, de dochter fan 'e Gromeko's, dy't fan syn eigen jierren is. De Gromeko's binne in rike famylje, wat Joeri letter by steat stelt om foar dokter te learen. Yn syn frije tiid begjint er te dichtsjen, wat syn wiere libbensdoel wurdt. Yn 1913 keart Tonja werom yn Moskou nei't se ûnderwiis folge hat op in ynternaat yn Parys. Hja is fereale op Joeri, mar hoewol't hy har tige graach lije mei, is it eins in ûnbeäntwurde leafde. Nettsjinsteande dat fielt er him foar syn oannommen famylje oer ferplichte om mei har te trouwen, eat dêr't fral Anna tige by de beide bern op oanstiet. Sadwaande ferlovet Joeri him mei Tonja.

Underwilens groeit, yn in folle earmer fermidden, ek Lara yn Moskou op. Hja ferseit har oan 'e hast tsien jier âldere, ideälistyske Pavel "Pasja" Antipov, dy't pas mei har op bêd wol nei't se troud binne. Yn 1913 kriget Lara mei santjin jier, net alhiel út frije wil, in seksuele relaasje mei de freon of minner fan har mem Amelia, de folle âldere en rike Viktor Komarovski. Dyselde jûns wurdt in freedsume demontraasje troch in ôfdieling kozakken mei grou geweld útinoar slein. Dat bart by de Gromeko's foar hûs; Joeri fljocht deropta om 'e ferwûnen te helpen, mar wurdt troch kozakken oardere om wer yn 'e hûs te gean. Pasja, dy't meirûn yn 'e demonstraasje, fynt in revolver dy't ien fan 'e oare demonstranten falle litten hat en nimt dat fjoerwapen mei. Letter freget er Lara om it foar him te ferstopjen.

Wannear't Amelia ûntdekt wat der geande is tusken har dochter en Komarovski, besiket se harsels fan kant te meitsjen. Komarovski, dy't har fynt, ropt de help yn fan in befreone heechlearaar medisinen, perfester Boris Kurt, om't er bang is foar it skandaal dat sûnder mis ûntstean sil as er der in pleatslike dokter by hellet. Kurt bringt syn studint Joeri mei, dy't dêrtroch Lara foar it earst sjocht, hoewol't se him net gewaar wurdt. As er der tsjûge fan is hoe't Lara en Komarovski mei-inoar omgeane as se miene dat se allinne binne, begjint er te begripen wat der allegear oan 'e hân is.

Net folle letter, mei de kryst, bringt Lara Komarovski yn 'e kunde mei Pasja. De moeting ferrint stroef en nei ôfrin besiket Komarovski Lara har foarnommen houlik mei Pasja te ûntpraten. As dat net slagget, ferkrêftet er har om te bewizen dat se "in slet" is en dêrom ûngeskikt foar it libben fan in troude frou. Fernedere hellet Lara de revolver foar it ljocht dy't Pasja har tabetroud hie, en giet nei it hûs fan Komarovski om wraak te nimmen. As er dêr net blykt te wêzen, spoart se him op by in feest yn ferbân mei de kryst, en besiket him dêr yn oanwêzigens fan alle oare gasten, ûnder wa Joeri, dea te sjitten. Se mist lykwols en rekket him yn 'e earm. De oare gasten gripe har fêst om har oan 'e plysje oer te dragen, mar Komarovski stiet derop dat se har gean litte, om't oars syn hiele aaklike sekslibben buorkundich reitsje sil.

Pasja, dy't Lara nei it feest folge is, klearret in paad troch de gasten en nimt har mei dêrwei. Komarovski syn skotwûne wurdt behannele troch Joeri, dy't syn ôfkarring oer de hannel en wannel fan syn pasjint dúdlik blike lit, mar ek taseit dat er neat útbringe sil, mei't it allegear ûnder syn beropsgeheim falt. Komarovski wurdt ta razernij brocht troch de korrekte hannelswize fan Joeri en byt him ta dat er Lara "oan him jout" en dat hy him fierder mar mei har rêde moat. Underwilens is Pasja alhiel telider slein troch de bekentenis fan Lara oer har relaasje mei Komarovski, mar likegoed trout er mei har. Se ferfarre nei Joerjatin, in plak oan 'e eastkant fan it Oeralberchtme, dêr't Pasja skoalmaster wurdt. Lara bringt dêr in poppe te wrâld, in famke dat Katja komt te hjitten. Hja is de dochter fan Komarovski. Yn Moskou trout Joeri mei Tonja, mei wa't er in soan kriget, Sasja.

As de Earste Wrâldoarloch útbrekt, wurdt Jevgraf Zjivago oardere om foar de bolsjewiken yn it Keizerlik Russysk Leger te ynfiltrearjen, sadat er mank de troepen stokelje kin. Joeri wurdt ûnder de tsjinstplicht as legerdokter nei it front stjoerd. Pasja nimt as frijwilliger tsjinst, klimt op ta in ofsiersposysje, mar rekket fermist nei't er in mislearre oanfal op 'e Dútske linys oanfierd hat. Lara draacht dêrop de soarch foar de jonge Katja oer oan freonen en nimt tsjinst as ferpleechkundige om nei har man te sykjen. As begjin 1917 de Russyske wjerstân tsjin 'e Dútske opmars úteinlik ynstoart, moetsje Joeri en Lara inoar by de gaoatyske weromtocht. Se bedarje yn in fjildhospitaal, dêr't se tegearre in healjier tsjinje wylst Ruslân dramatyske feroarings trochmakket. Tsaar Nikolaas II wurdt ôfset en Lenin, de foaroanman fan 'e radikale bolsjewiken, keart út ballingskip werom yn Moskou, dêr't er lieding jout oan 'e Oktoberrevolúsje, dy't de bolsjewiken oan 'e macht bringt. Underwilens reitsje Joeri en Lara fereale opinoar, mar om't se allebeide troud binne, jouwe se net ta oan harren langst nei inoar.

As der in wapenstilstân sletten wurdt tusken it nije Russyske regear en de Dútsers, keart Lara werom nei Joerjatin om foar har dochter te soargjen, wylst Joeri nei hûs giet yn Moskou. Syn pleechmem Anna is ûnderwilens ferstoarn, en de filla fan 'e Gromeko's blykt troch de bolsjewistyske autoriteiten ûnteigene te wêzen om yn apparteminten ferdield te wurden foar wol tweintich húshâldings. Joeri, Tonja, Sasja en Tonja har heit Aleksandr libje no mei-inoar yn ien keamer fan it gebou. Joeri past him ridlik maklik oan 'e nije sitewaasje oan, en giet wer oan it wurk yn itselde sikehûs dêr't er foar de oarloch ek wurke. Yn syn frije tiid begjint er wer te dichtsjen, dêr't er ûnder de oarloch gjin tiid foar hie.

Syn healbroer Jevgraf, dy't no in lid is fan 'e Tsjeka (de bolsjewistyske geheime plysje), warskôget Joeri dat syn poëzij troch it bolsjewistyske regear feroardiele is as "antagonistysk foar it kommunisme oer". Mei't er wol foar it ferstân hat dat Joeri it dichtsjen net litte kin en dat er him sa úteinlik sels it grêf yn skriuwe sil, trunet er him oan om Moskou te ferlitten. Hy regelet reispapierren foar Joeri, Tonja, Sasja en Aleksandr nei Varykino, it lânhûs fan 'e Gromeko's eastkant de Oeral. Underwilens is lykwols de Russyske Boargeroarloch útbrutsen tusken de bolsjewiken (de 'Readen'), en de oanhingers fan 'e tsaar (de 'Witen'). De famylje giet oan board fan in swierbewekke frachttrein en makket in lange, ûnnoflike reis yn in folloege wagon nei it easten. Se komme telâne yn in diel fan it lân dat fan 'e Witen 'befrijd' is troch in legindarysk bolsjewistyske generaal dy't Strelnikov hjit.

As de trein in tuskenstop makket, en Joeri him eefkes wat fertrêdet, komt er te ticht by de pânsertrein fan Strelnikov, dy't op in oare spoarline fuortby stiet, en wurdt er finzen nommen troch de skyldwachten fan 'e generaal. As er by Strelnikov brocht wurdt, ken Joeri de generaal wer as Pasja Antipov, fan 'e jûn dat Lara Komarovski besocht dea te sjitten. Yn harren petear komt te praat dat Lara mei Katja yn Joerjatin wennet, dat op it stuit yn 'e hannen is fan Wite troepen en dêrom troch Strelnikov bombardearre wurdt. De oprjochte, ideälistyske skoalmaster fan foarhinne liket net mear te bestean; wat restearret is in gefoelleaze strider foar 'e bolsjewistyske saak, dy't neat mear om syn gesin jout. Hoe dan ek, Strelnikov beslút dat Joeri gjin bedriging ynhâldt, dat hy wurdt wer nei syn eigen trein ta brocht, sadat er trochreizgje kin nei Varykino.

Dêr oankommen ûntdekke Joeri-en-dy dat it lânhûs ûnteigene is troch it pleatslike bolsjewistyske bestjoer. Hoewol't it leech stiet, doare se der net yn te gean, mei't dat as in 'kontra-revolúsjonêre die' sjoen wurde soe, dêr't de deastraf op stiet, net inkeld foar harrensels, mar ek foar de âlde Petja, dy't harren mei hynder-en-wein fan it treinstasjon nei it lânhûs ta riden hat. Sadwaande sette se har nei wenjen yn in arbeidershûs njonken it lânhûs, dêr't foarhinne harren tsjinstfolk tahold. De hiele winter stoarret Joeri út it rút yn 'e rjochting fan Joerjatin, dat mar in kilometer of tsien fierderop leit, om't er wit dat Lara dêr wennet. As it maityd wurdt, fiteret Tonja har rêsteleaze man alhiel sûnder euvelmoed oan om ris nei Joerjatin te riden om te sjen oft de bibleteek dêr noch iepen is. Mei in boek as twa sil er teminsten wat om hannen hawwe. Dat, Joeri set nei Joerjatin ta, dêr't er yn 'e bibleteek Lara treft. Se reitsje oan 'e praat en hja nimt him mei nei hûs, dêr't se al gau-eftich mei-inoar op bêd slagje.

In hiel skoft reizget Joeri om it hoartsje op en del fan Varykino nei Joerjatin om Lara te besykjen, dy't syn mêtresse wurdt yn in relaasje dy't foar harren beiden oerhoer is. Tonja is har dêr folslein ûnbewust fan en Strelnikov hat Lara al sûnt de Earste Wrâldoarloch net sjoen. Joeri wurdt lykwols wat langer wat slimmer pleage troch skuldgefoelens. As Tonja swier rekket fan harren twadde bern en op alle dagen rint, beslút er op in stuit hommels om syn relaasje mei Lara ôf te brekken. Hy riidt nei Joerjatin en fertelt har dat se inoar nea wer sjen sille. Sy antwurdet dat se him folslein begrypt, mar net leaut. Underweis werom nei Varykino komt Joeri in groep Reade partizanen te pearde tsjin, dy't him ronselje (wat delkomt op in ûntfiering), om't se ferlet hawwe fan in legerdokter. Hy kriget net de kâns om noch kontakt op te nimmen mei syn famylje.