The Madagascar Penguins in a Christmas Caper is in Amerikaanske koarte kompjûteranimearre komeedzjefilm út 2005 ûnder rezjy fan Gary Trousdale, mei yn 'e haadrollen de stimmen fan Tom McGrath, Christopher Knights, Chris Miller en John DiMaggio. De titel betsjut "De Pinguïns fan Madagaskar yn in Krystkaprioal". De film, dy't in spyldoer fan 12 minuten hat, makket diel út fan 'e Madagascar-franchise en is in prequel fan 'e oarspronklike film Madagascar. It ferhaal folget de fjouwer psychopatyske pinguïns by in befrijingsoperaasje nei't de jongste fan harren, Private, mei de kryst yn 'e swierrichheden rekket.
Plot It is kryst yn 'e Central Park Zoo yn New York en de fjouwer pinguïns Skipper, Kowalski, Rico en Private risselwearje foar in gesellige fiering ûnderinoar. Private, de nijste rekrút fan it kwartet, kriget der aan fan dat alle bisten yn 'e dieretún bliid en gelokkich binne, útsein Ted de iisbear, dy't nimmen hat om 'e kryst mei te fieren. Dat fynt er sa sneu, dat it him net los lit, ek al kriget er fan Skipper befel om der fierder net mear oer te tinken. Op krystjûn glûpt Private fuort om in krystkado foar Ted te sykjen, sadat er him wat opfleurje kin.
It duorret in hoart ear't Skipper, Kowalski en Rico foar it ferstân krije dat Private mist, mar dan sette se ek daliks de efterfolging yn. Sa binne se der tsjûge fan hoe't Private, dy't yn in kiosk op 'e strjitte nei in gaadlik kado omsjocht, oansjoen wurdt foar in plúsjen pinguïn. Hy wurdt oankocht troch de sjegrinige dame op jierren Nana, dy't him meinimt nei har appartemint om him de oare deis oan har lytse kefferke Mr. Chew te jaan. Dat liket in alderaardichst lyts hûntsje, mar sadree't Nana har omdraaid hat, docht bliken dat er in falske lytse rotsak is.
Skipper, Kowalski en Rico kringe op ûnwierskynlike wize it appartemintekompleks binnen, wêrnei't se ynbrekke yn Nana har appartemint. Se komme krekt op 'e tiid om 'e mei in read lint omwuolle Private te rêden fan Mr. Chew. Wylst de staffe Nana foar de tillefyzje sit en neat oars heart, eskalearret efter har rêch om de konfrontaasje tusken Mr. Chew en de pinguïns ta gaos, wêrby't net inkeld de krystbeam deroan giet, mar ek it meastepart fan 'e ynboel. Nei't it kefferke op 't langelêst ferslein is, klearje de pinguïns harsels mei in steaf dynamyt dy't troch Rico ophoaste is, in wei út it appartemint. Nana, dy't troch dy knal einlings merkt dat der wat loas is, jout neitiid Mr. Chew de skuld fan 'e hiele ravaazje.
De pinguïns keare fjouweresom werom nei de Central Park Zoo, dêr't se op oanstean fan Private Ted de iisbear útnûgje om 'e kryst mei harren te fieren. Ta argewaasje fan Skipper nûget Ted op syn beurt alle oare bisten út 'e dieretún út, sadat it pinguïnferbliuw it toaniel fan in grut feest wurdt. Mei syn allen sjonge de bisten in parody op it bekende krystferske Jingle Bells.
Rolferdieling haadrollen personaazje akteur/aktrise Skipper Tom McGrath Private Christopher Knights Kowalski Chris Miller Rico John DiMaggio
byrollen personaazje akteur/aktrise Nana Elsa Gabrielli Mr. Chew Frank Welker Ted de iisbear Bill Fagerbakke portier Sean Bishop tillefyzjepresintator Sean Bishop oare stimmen Hope LevyRif HuttonRichard MiroMitch CarterLynnanne Zager
Produksje en distribúsje Produksje The Madagascar Penguins in a Christmas Caper waard regissearre troch Gary Trousdale, dy't ek û.o. de Disney-tekenfilms Beauty and the Beast en The Hunchback of Notre Dame makke hie. Hy wurke op basis fan in senario dat skreaun wie troch Michael Lachance. As produsinte wie Teresa Cheng by it projekt belutsen foar de filmstudio's DreamWorks Animation en PDI. Komponist James Dooley waard frege foar it meitsjen fan 'e filmmuzyk fan it filmke, mei't er ek alle muzyk foar de pinguïns skreaun hie yn 'e lange film Madagascar, dy't earder datselde jiers útkommen wie.
Distribúsje De distribúsje fan The Madagascar Penguins in a Christmas Caper waard fersoarge troch DreamWorks Pictures. De film gie op 7 oktober 2005 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre, as foarfilm fan 'e lange tekenfilm Wallace & Gromit: The Curse of the Were-Rabbit. Letter waard The Madagascar Penguins in a Christmas Caper ek as bonusfilmke tafoege oan dvd-edysjes fan Madagascar, Shrek en Shrek 2, dy't allegearre op 15 novimber 2005 útkamen. Op blu-ray waard The Madagascar Penguins in a Christmas Caper foar it earst útbrocht op 23 septimber 2008 as bosusfilmke fan Madagascar.
Keppelings om utens Ynformaasje oer The Madagascar Penguins in a Christmas Caper yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Kategory:Amerikaanske koarte tekenfilm Kategory:Amerikaanske kompjûtertekenfilm Kategory:Amerikaanske komeedzjefilm Kategory:Amerikaanske bernefilm Kategory:Krystfilm Kategory:Ingelsktalige film Kategory:Film fan DreamWorks Animation Kategory:Film fan Gary Trousdale Kategory:Film út 2005 Kategory:Film oer pinguïns Kategory:Film oer hûnen Kategory:Film oer bisten