thumb|250px|Stasjon Hurdegaryp It Standerttype Vierlingsbeek is in stasjonsûntwerp dat foar ferskate stasjons yn de jierren fyftich en sechstich brûkt waard. It earste gebouke waard yn 1956 boud yn Vierlingsbeek, dêrom de namme.
Soart gebou W.B. Kloos wie de arsjitekt fan dit type stasjonsgebou. It prototype fan dit stasjonsgebou ferriisde yn 1956 yn Vierlingsbeek. Kloos ûntwurp dit type sadanich dat de plattegrûn fan it gebou hieltyd neffens winsk oan 'e pleatslike situaasje oanpasse wurde koe en dat de ûnderlinge opinoarfolging fan 'e romten mei ûnderskate funksjes wizige wurde koe. It skelet fan it gebou soe dêrom út in rige betonnen portalen bestean dat nei ferlet ynfolle wurde koe mei de ferskate funksjes. Dizze foarm fan betonskeletbou mei inselde soarte betonportalen waard ek tapast troch arsjitekt Koen van der Gaast by de stasjons Eindhoven en Vlaardingen East, dy 't yn itselde jier as Vierlingsbeek klear kamen. De seis betonportalen, elk 4,50 meter breed, waarden op in ûnderlinge ôfstân fan 4 meter, dwers op de lingterjochting fan de spoarline op perronhichte pleatst en foarmen sa in stramyn fan fiif like grutte romten.
Stasjons fan it type Vierlingsbeek Tal boud: 12, tal noch oanwêzich: 7. Stasjon boud OpmerkingenVierlingsbeek150px1956Yn 2004 ôfbrutsen Almelo de Riet 150px1957Pân yn gebrûk as snackbarWezep150px1957Yn 2002 ôfbrutsenDoetinchem West150px1959Pân yn gebrûk as stoffearderijKoog Bloemwijk150px1959Yn 1986 ôfbrutsenWijlre-Gulpen150px1959ûnderdiel fan museumspoorline miljoeneline, en it pân is yn gebrûk as snackbar.Blerick150px1960Yn 2001 ôfbrutsenKerkrade Sintrum150px1960Yn 1995 ôfbrutsenSoest Súd150px1963Hurdegaryp150px1964Pân is yn gebrûk as jongereinsintrumBovenkarspel-Grootebroek150px1965Pân is yn gebrûk as winkelHoogkarspel150px1965Pân is yn gebrûk as kapsalon
Vierlingsbeek Vierlingsbeek Kategory:Yntroduksje út 1956