De Arriva WINK is in hybride treinstel dat sûnt 12 april 2021 op de Noardlike Njonkenlinen ynset wurdt. De WINK (Wandelbarer, Innovativer Nahverkehrs-Kurzzug) is in treintype fan de Switserske treinbouwer Stadler. Dit type treinstel is ôflaat fan de FLIRT dat oarspronklik Flirtino hjitte soe, ûnderskiedt him troch middel fan in tuskenbak (ek de powerpack neamd). Arriva hat yn 2017 achttjin eksimplaren fan dit type besteld; dêrnjonken is der in opsje foar noch seis stellen dien. Dy sille allegearre twadielich wurde.
Nammen Yn neifolging fan de FLIRTs yn Limboarch drage ek de WINKs fan Arriva de nammen fan bekende toeristyske lokaasjes. Dy nammen steane oan de bûtenkant fan de treinstellen boppe-oan de kopbakken. Oan de binnenkânt fan it treinstel is de bûtenkant fan it húske foarsjoen fan neiere ynformaasje oer de namme fan it oanbelangjende treinstel.
StelnummerNaamOpmerkingen601Het Wad602d'Olle Grieze603Noar hoes604Museumspoorlijn STAR605Noorderzon606De Drie Gezusters607Westerwolde608Oldehove609Hongerige Wolf610Oerol611Hangende keukens612Holwerd aan Zee613Thús614Reaklif615Alvestêdetocht616Zwarte Haan617De Slachte618Snitser Mar
Ynset De WINK wurdt benammen op de spoarlinen yn Fryslân ynset en as stop - en sneltrein nei Grins ta. De treinen binne net foarsjoen fan it Dútske befeiligingssysteem PZB en wurde dus net ynset op it trajekt nei Dútslân. Ek wurdt de WINK net ynset op de oare regionale spoarlinen yn Grinslân.
Op 14 juny 2021 is de ynset fan de WINK wat feroare. Op it trajekt Ljouwert - Harns Haven wurdt mei yngong fan 14 juny 2021 yn it wykein ek wer diels mei de Spurt riden, om 't dy mear romte hawwe om fytsen ferfiere te kinnen.
Wink Wink