Robert Lane "Bob" Saget (Philadelphia, 17 maaie 1956 - Orlando (Floarida), 9 jannewaris 2022) wie in Amerikaanske akteur, presintator en stand-up comedian. Hy wie foaral bekend fan syn rol yn Full House (1987–1995) en as presintator fan America's Funniest Home Videos (1989-1997). Hy die ek mei yn How I Met Your Mother as de stim fan de âlde Ted.
Saget wie ek bekend om syn op folwoeksenen oriïntearre stand-up comedy; syn album That's What I'm Talkin' About út 2014 waard nominearre foar de Grammy Award foar Bêste Comedy Album.
Publikaasje 2014 - Dirty daddy: the chronicles of a family man turned filthy comedian. It Books, New York. ISBN 978-0-06-227478-6.
Keppelings om utens Saget yn de IMDb Webside Bob Saget
Kategory:Amerikaansk komyk Kategory:Amerikaansk telefyzje-akteur Kategory:Amerikaansk filmakteur Kategory:Amerikaansk toanielakteur Kategory:Amerikaansk stimakteur Kategory:Amerikaansk filmprodusint Kategory:Amerikaansk telefyzjepresintator Kategory:Amerikaansk radiopresintator Kategory:Amerikaansk senarioskriuwer Kategory:Amerikaansk podcaster Kategory:Kwismaster Kategory:Amerikaansk persoan fan Joadsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1956 Kategory:Persoan stoarn yn 2022