Anathema is in earder Ingelske doommetalband. Anathema waard yn 1990 oprjochte, en dy mei Paradise Lost en My Dying Bride diel útmakke fan de saneamde "Grutte trije" (Big Three) fan de death/doom-metal.

Skiednis Anathema begûn yn 1990 as in death/doom-metalband, yn earste ynstânsje ûnder de namme Pagan Angel. Yn novimber dat jier naam de band syn earste demo An Iliad of Woes op. De brûkte miks fan death en doom wie noch net earder fertoand. Anathema waard sjoen as ien fan de pioniers fan dit sjenre, tegearre mei My Dying Bride en Paradise Lost. Begjin 1991 naam de band syn hjoeddeiske namme oan. Har twadde demo, All Faith Is Lost, luts de oandacht fan ûnder oaren in platemaatskipij. Yn 1993 brocht de band syn debútalbum Serenades út. Yn maaie 1995 gie sjonger Darren White fuort. De rol fan sjonger waard fan no ôf troch gitarist Vincent Cavanagh ferfolle. Ein augustus 2019 makke Anathema bekend in nij kontrakt sletten te hawwen mei in platelabel, om yn 2020 har tolfde studioalakten út te bringen. Mar yn stee dêrfan kundige de band yn septimber 2020 in ûnderbrekking foar ûnbepaalde tiid oan.

Diskografy Studio-albums Album Utbrocht op Label Single(s) Serenades15 febrewaris 1993PeacevilleThe Silent Enigma17 augustus 1995Eternity11 novimber 1996Alternative 422 juny 1998Judgement21 juny 1999Music For NationsDeep,Make It RightA Fine Day to Exit9 oktober 2001PressureA Natural Disaster3 novimber 2003We're Here Because We're Here31 maaie 2010KscopeDreaming Light,EverythingWeather Systems16 april 2012Untouchable, Part 2Distant Satellites9 juny 2014The Optimist9 juny 2017

Live-albums Album Utbrocht op Label Untouchable15 july 2013KscopeUniversal23 septimber 2013A Sort of Homecoming6 novimber 2015

Kompilaasje-albums Album Utbrocht opResonance24 septimber 2001Resonance 230 april 2002Hindsight11 augustus 2008Falling Deeper5 septimber 2011Internal Landscapes 2008–2018 26 oktober 2018

Kategory:Ingelske metalband Kategory:Band oprjochte yn 1990 Kategory:Band opheft yn 2020