De Dom fan Utert is tsjerkegebou fan 'e PKN yn 'e stêd Utert, dy't benammen ferneamd is om 'e tsjerketoer, dy't mei 112,32 meter de heechste tsjerketoer fan Nederlân is. De toer, boud tusken 1321 en 1382, is in symboal fan 'e stêd, dy't ek wol de 'Domstêd' neamd wurdt. De Dom fan Utert, dy't boud waard tusken 1254 en 1517, wie foar de reformaasje de iennichste (roomsk-katolike) katedraal fan Nederlân en doe wijd oant Sint-Marten. Sûnt 1580 is it in protestantske tsjerke. Yn 1674 stoarte by in stoarm in diel fan 'e tsjerke yn, sadat de toer los fan it tsjerkegebou kaam te stean en it Domplein ûntstie.

De Stichting Vrienden van de Domkerk soarget alle dagen foar iepenstelling fan 'e tsjerke. Yn 2018 besochten likernôch 400.000 minsken de tsjerke.

Beskriuwing Oant de tsjerkelike weryndieling fan 1559 wie de Domtsjerke de iennige katedraal fan 'e Noardlike Nederlannen, in gebiet dat rûchwei gearfalt mei it hjoeddeiske Nederlân. Oant de ynwijing fan 'e Sint-Bavokatedraal yn Haarlim wie de domtsjerke de iennige as katedraal boude tsjerke fan Nederlân. thumb|left|Plattegrûn fan it Domplein mei de Romeinske en midsiuwske bouwurken: 1. Castellummuorren mei poarten en principia, 2. Hillich Krúskapel, 3. Sint-Salvatortsjerke, 4. Dom fan Adelbold, 5. treptuor, 6. Lofen, 7/11/13 Biskopshôf, 8 a/b Domtsjerke, 9. Domtoer, 10 Pânhôf Dom, 12 Mooglik restant biskopstoer. Fan it tsjerkegebou binne tsjintwurdich allinne it koer, it dwersskip en de toer bewarre bleaun. It skip, wêrfan de bou nea foltôge wie, stoarte yn 1674 by in orkaan yn. De domtoer en de rest fan 'e tsjerke waarden dêrmei fan inoar skieden. Fierder hearre by it kompleks noch in kleastergong en de grutte kapittelseal (hjoed-de-dei de aula fan 'e Universiteit fan Utert), dêr't yn 1579 de Uny fan Utert ûndertekene waard. De lytse kapittelseal fan it domkompleks, dy't eartiids tsjin 'e westlike kant fan 'e kleastergong boud wie, waard yn 'e 19e iuw ôfbrutsen.

De Utertske Dom is nettsjinsteande it ûntbrekkende skip en de fernielings by de reformaasje in belangryk goatysk monumint yn Nederlân. It gebou is ek ien fan 'e ierste foarbylden fan gotyk yn Nederlân en stiet tichteby de klassike Frânske gotyk. Op it plak fan 'e goatyske Dom stiet earder in romaanske katedraal.

Yn 'e midsiuwen wie in kapittel fan koarhearen oan de dom ferbûn, dat in eigen immuniteit besiet. Dêrmei wurdt in gebiet ornearre dêr't de Tsjerke it folsleine gesach besiet. Utsein de katedraal hearden dêr ek de wenten fan 'e koarhearen en tusken 1040 en 1253 it paleis Lofen fan 'e keizer fan it Hillige Roomske Ryk by. De immuniteit grinzge súd oan 'e immuniteit fan 'e nei de reformaasje ôfbrutsen Sint-Salvatortsjerke en it grûngebiet fan 'e biskop, dêr't syn paleis boud wie. Tusken de twa tsjerken yn stie op it grûngebiet fan 'e Sint-Salvator noch in tredde tsjerke, de Hillig-Krúskapel.

Foargongers Earste tsjerkjes De Dom is boud op it gebiet fan it eardere Romeinske castellum Traiectum. Midden yn it Romeinske castellum stie doe in stiennen gebou fan likernôch 8 by 7 meter. De oerbliuwsels dêrfan lizze no ûnder it troch de tornado ynstoarte middenskip fan 'e domtsjerke. Mooglik wie dat gebou yn 'e Romeinske tiid in timpeltsje.

Yn 'e iere midsiuwen groeide it âlde Romeinske fort út ta it kastiel Trecht. Dat stikje Utert kin as de widze fan it kristendom yn 'e Noardlike Nederlannen beskôge wurde. It sette mei Frankyske misjonarissen útein, dy't om it jier 630 hinne yn opdracht fan kening Dagobert I yn 'e resten fan it castellum in houten tsjerkje bouden, dat mooglik doe al wijd wie oan harren patroanhillige Sint-Marten. De heidenske Friezen ferneatigen letter dy tsjerke. thumb|left|Sint-Salvatortsjerke. Om it jier 695 hinne waard ûnder lieding fan 'e Angelsaksyske muonts Willibrord, dy't troch de paus ta aartsbiskop fan 'e Friezen beneamd wie, in oan Sint-Marten wijde stiennen tsjerke boud. Boppedat stifte Willibrord njonken de Sint-Martenstsjerke in twadde tsjerke, de Sint-Salvator. Fan dat kompleks makke Willibrord is sintrum fan wêrút er Nederlân kerstene. Ek nei syn dea bleau Utert it tsjerklike sintrum foar de kontreien, mei't Gregoarius fan Utert it bestjoer ynrjochte en yn 777 it bisdom Utert stifte waard. By de kleastermienskip ûntstie ek de doe bekende Domskoalle, dêr't geastlike út binnen- en bûtenlân in oplieding krigen.

Wêr't de Sint-Martenstsjerke fan Willibrord krekt stien hat is noch altiten in striidkwestje. Opgravings op it Domplein yn 1929, 1936 en 1993 hawwe gjin útslútsel jûn. It soe it plak fan 'e hjoeddeiske Dom wêze kinne, mar ek dat fan 'e net mear besteande Hillich Krúskapel. Ek is de fraach of de Sint-Martenstsjerke wol sûnt it begjin de haadtsjerke west hat fan it iere bisdom; de Sint-Salvatortsjerke stie letter ommers bekend as de Ald-Munster.

Balderik dom De Wytsings ferneatigen yn 857 de tsjerken en biskop Hunger moast flechtsje. Foar de Utertske biskoppen folge no in lang tiidrek fan ferballing nei Dimter. Mei't yn 922 biskop Balderik werom kaam nei Utert, waarden de tsjerken restaurearre. Balderik werboude of restaurearre de Sint-Martenstsjerke op it hjoeddeiske plak en mooglik wie hy dejinge dy't it Utertske kapittel en de immuniteit yn twaën spjalte en de Sint-Marten ta de haadtsjerke fan Utert makke. Foar de bou fan de goatyske Dom soe de oanwêzigens fan 'e immuniteit fan Sint-Salvator letter noch swierrichheden opleverje.

Balderik fergrutte it oansjen fan 'e nije katedraal troch de oanskaf fan wichtige reliken fan Pontianus en Agnes. Harren feestdagen (14 en 21 jannewaris) waarden yn Utert útwrydsk fierd. Balderik soe ek de earste biskop wêze, dy't yn 'e Sint-Martenstsjerke begroeven waard. Syn foargongers waarden yn 'e Sint-Salvatortsjerke begroeven. It is net bekend hoe de domtsjerke fan Balderik der útsjoen hat.

Adelbolddom thumb|left|11e-iuwske pylder en kapiteel fan 'e ottoanske dom, ekposysje Ryksmuseum fan Aldheden, Leien. In brân makke yn 1017 in ein oan 'e domtsjerke fan Balderik. Dêrnei waard yn in koart skoft op itselde plak in grutte romaanske katedraal boud, dy't op 26 july yn bywêzigens fan keizer Hindrik II en tolve biskoppen wijd waard. Dat bouwurk stiet bekend as de Ottoanske dom of de Adelbolddom, nei biskop Adelbold II, dy't opdracht ta de bou joech.

Fan 'e Adelbolddom is mear bekend en mei help fan opgravings en skriftlike boarnen is der besocht om in rekonstruksje te meitsjen, dy't lykwols hypotetysk is. Der wurdt oannommen dat de romaanske dom in westwurk hie mei dêrfoar in atrium, dat ôfsletten waard troch in foarbou op it plak fan 'e hjoeddeiske toer. It fûnemint fan ien fan 'e twa treptuorren fan dy tsjerke is sichtber yn 'e tún fan it eardere biskopshûs, fuort súd fan 'e hjoeddeiske domtoer. Ek moat dy romaanske katedraal in Martenstoer hân ha, dy't de foargonger wie fan 'e hjoeddeiske domtoer.

Yn 2008 fûnen argeologen súdwest fan 'e domtoer fûneminten fan it 11e-iuwske biskoplike paleis. Nei alle gedachten waard it ûnder biskop Adelbold boud nei de brân fan 1017. Ek waard dúdlik dat de westlike muorre fan it Romeinske castellum foar it paleis ôfbrutsen wurde moast.

Adelbolds opfolger, biskop Bernold, makke fan 'e dom om 1040 hinne it sintrum fan in tsjerkekrús. Hy joech de oanset om om it besteande gebou fjouwer nije tsjerken te bouwen: de Piterstsjerke yn it easten, de Jânstsjerke yn it noarden, de tsjerke fan 'e Paulusabdij yn it suden en de Marijetsjerke yn it westen (de Marijetsjerke waard pas ûnder biskop Koenraad boud). Yn 'e Dom fan Adelbold sels waarden de yngewanten fan twa yn Utert ferstoarne Dútske kenings byset: Koenraad II († 1039), en keizer Hindrik V († 1125). Harren omskotten waarden nei de Dom fan Spiers oerbrocht.

Yn 1131 en 1148 rekke de Adelbolddom by stedsbrannen skansearre. By de twadde brân wie de skea sa't it liket tige grut, want de tsjerke waard earst wer op 22 july 1173, op 'e feestdei fan Marije Magdalena, op 'e nij ynwijd. oant de reformaasje bleau dat de offisjele tsjerkewijingsdei, dy't alle jierren mei festiviteiten fierd waard mei in prosesje mei de reliken fan Pontianus en Agnes troch de stêd en in tweintich dagen lange merke.

In nije brân op 29 april 1253 duorre njoggen dagen en lei it grutste part fan 'e stêd yn 'e jiske. Hoe grut de skea oan 'e domtsjerke west hat, is net nei te gean, mar yn alle gefallen waard doe besletten om in hiele nije domtsjerke yn 'e goatyske styl te bouwen. Dielen fan 'e Adelbolddom bleaune lykwols noch oant it ein fan 'e 15e iuw yn gebrûk.

Bouskiednis goatyske domtsjerke 1254-1320 It is mooglik dat biskop Hindrik fan Vianden sels de oanset joech ta de nijbou. Hy wie earder domproast yn Keulen, dêr't yn 1248 in begjin makke waard mei de bou fan in nije goatyske katedraal. Yn it jier 1254 lei er de earste stien foar in koeromgong fan 'e nije Utertske dom. thumb|left|Tastimming fan paus Klemens IV foar de ferkeap fan ôflaten. It wurk eine ynearsten net hurd, want der moast earst jild komme. Sa joech paus Klemens IV yn 1265 in ôflaat foar de bou, en biskop Gerard fan Múnster die dat ek nochris yn 1267. Om mear sinten te krijen waard der yn 'e 800 parochy's fan it bisdom jild ynsammele en ek it rûnreizgjen fan 'e Utertske reliken troch it bisdom moast jild opsmite. It besykjen om 'e domtsjerke as beafeartstsjerke belangriker te meitsjen mislearre. Earst doe't de elekt Jan fan Nassau yn 1288 in rige maatregels naam om de finansiering feilich te stellen, kaam de bou goed op 'e gong.

Mooglik giet de plattegrûn fan 'e koeromgong mei de kapellekrâns werom op dy fan Us-Leaffrouwekatedraal fan Doarnik of dy fan Soissons, mar de opbou is earder besibbe oan dy fan 'e domtsjerke fan Keulen. Omreden dêrfan wurdt der wol ornearre dat de boumaster Gerhard fan Keulen by de bou belutsen west hat. thumb|Grêfmonumint Gwide fan Avesnes. Om 1295 hinne wie de koeromgong foltôge en dêrnei waard neffens in ôfwikend plan fierder wurke mei it súdlike sydskip fan it koer mei de grêfkapellen fan 'e biskoppen Jan fan Arkel en Gwide fan Avesnes. Dat diel waard om 1320 hinne foltôge.

1320-1400 Tusken 1320 en 1350 ûnstie it noardlike sydskip fan it koer mei de oanslutende kapellen en sakristy yn it wat ienfâldiger útfierings as it súdlike sydskip. It omtinken gie doe fral út nei de ûnbidige toer, dy't tusken 1321 en 1382 boud waard. Om hokker reden dy toer ynienen foarrang krige is net bekend. De teory dat biskop Freark II fan Sierck ferlet hie fan in sterke ferdigeningstoer dêr er him by need skûl hâlde koe, wurdt net troch alle histoarisy ûnderstreke. Dat der foar ien toer keazen waard en net foar twa tuorren lykas dat by katedralen wenst wie, hie nei all gedachten te meitsjen mei brek oan romte. De westlike kant fan 'e dom wie nammentlik al foar it measte beboud.

De earste bouwmaster fan 'e toer wie in Jan út Henegouwen, dy't opfolge waard troch Godyn fan Dormael út Luik en Jan fan 'e Doem, dy't de achthoekige lantearne boud hawwe sil. It soe kinne dat de toer fan de munster yn in Freiburg im Breisgau as ynspiraasjeboarne tsjinne foar de lantearne. Mooglik moast der ek noch lykas yn Freiburg in hege, iepen stiennen spits op komme.

Yn 'e oarspronklike plannen foar de nije goatyske katedraal waard útgien fan in dwersskip mei sydskippen. By it begjin fan 'e bou fan 'e toer die lykwols bliken dat de tsjerke net sa fier nei it westen ta útboud wurde koe. It kapittel fan Sint-Salvator woe nammentlik dat der tusken de tsjerke en de toer in trochgong bliuwe soe, sadat se sûnder ekstra ynspannings by harren besit noardlik fan de dom komme koene. Dêrfandinne waard ek it koer ien travee koarter as it plan wie.